Springe nei ynhâld

Star Trek: Into Darkness

Ut Wikipedy
Star Trek: Into Darkness
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur J.J. Abrams
produsint J.J. Abrams
Bryan Burk
Damon Lindelof
Alex Kurtzman
Roberto Orci
senario Roberto Orci
Alex Kurtzman
Damon Lindelof
basearre op Star Trek: The Original Series
   fan Gene Roddenberry
kamerarezjy Dan Mindel
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Skydance Media
Bad Robot Productions
K/O Paper Products
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Chris Pine
Zachary Quinto
Zoe Saldana
byrollen Karl Urban
Simon Pegg
John Cho
Anton Yelchin
Benedict Cumberbatch
Alice Eve
Bruce Greenwood
Peter Weller
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 23 april 2013
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk
spyltiid 133 minuten
budget en resultaten
budget $185 miljoen
opbringst $467,4 miljoen
prizen 1 × Satellite Award
filmsearje
filmsearje Star Trek
● foarich diel Star Trek (film)
● folgjend diel Star Trek: Beyond

Star Trek: Into Darkness is in Amerikaanske science fiction-aventoerefilm út 2013 ûnder rezjy fan J.J. Abrams, mei yn 'e haadrollen Chris Pine, Zachary Quinto en Zoe Saldana. De titel betsjut "Stjerretocht: It Tsjuster Yn". It is de tolfde film út 'e Star Trek-franchise en it twadde diel fan 'e reboot-filmsearje nei de film Star Trek út 2009. Star Trek: Into Darkness is basearre op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren, fan tillefyzjeprodusint Gene Roddenberry, en ferwiist ek nei de film Star Trek II: The Wrath of Khan, út 1982.

It ferhaal, dat yn 'e trijeëntweintichste iuw spilet, folget de bemanning fan it romteskip de USS Enterprise as se nei de thúswrâld fan 'e bûtenierdske Klingons stjoerd wurde om 'e terrorist John Harrison út te skeakeljen. Wannear't kaptein James T. Kirk him wer ris net oan syn direkte oarders hâldt (om Harrison te deadzjen), komt er in ûnfermoede gearspanning binnen de top fan 'e Stjerrefloat op it spoar. Star Trek: Into Darkness krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar ferskate wichtige prizen, wêrûnder de Oscar foar bêste special effects, en wûn in Satellite Award. Yn 2016 kaam in ferfolchfilm út, Star Trek: Beyond.

Yn it jier 2259 rekket kaptein James T. Kirk fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten it befel oer it romteskip de USS Enterprise kwyt nei't er de Earste Rjochtline brutsen hat. By in misje op 'e planeet Nibiru hat er nammentlik de kulturele ûntwikkeling fan 'e primitive befolking fan lânseigen yntelliginte bûtenierdske wêzens beynfloede troch de USS Enterprise troch de atmosfear fan 'e planeet fleane te litten, sadat de bewenners it skip sjen koene. Dat wie de iennichste manear dat er sawol de planeet mei syn befolking as syn freon en earste ofsier Spock rêde koe fan in ferwoastgjende fulkaanútbarsting. Neitiid praat Kirk yn syn ferslach oer de misje nearne oer, mar Spock, dy't as logysk tinkende Vulcaniër sekuer de regels folget, docht it hiele foarfal yn syn eigen ferslach wiidweidich út 'e doeken. As men yn it haadkertier fan 'e Stjerrefloat yn San Francisco de beide ferslaggen mei-inoar ferliket, wurde der maatregels tsjin Kirk nommen. Hy wurdt yn rang en funksje weromset nei earste ofsier, wylst Spock oerpleatst wurdt nei in oar skip. Neitiid ferwyt Kirk it ferlies fan syn kapteinskip oan Spock, wat ferwidering tusken harren feroarsaket.

Underwilens wurdt yn Londen de Stjerrefloatofsier Thomas Harewood hifke troch in oare ofsier, in John Harrison. Dyselde beweart Harewood syn terminaal sike teenagedochter genêze te kinnen as Harewood wat foar him dwaan wol. Harrison nimt wat fan syn eigen bloed ôf, en as Harewood dat by syn dochter ynjektearret, knapt it famke yndie fuortendaliks op. Neitiid giet Harewood nei syn wurk yn in Stjerrefloatfasiliteit yn Londen, dêr't er in e-mail ferstjoert oan it haadkertier fan 'e Stjerrefloat, wêrnei't er syn ôfspraak mei Harrison neikomt en in bom ta ûntploffing bringt, dy't de hiele fasiliteit ferwoastget.

Yn it haadkertier fan 'e Stjerrefloat komme dêrop de kapteins en earste ofsieren fan 'e by de Ierde oanwêzige Stjerrefloatskippen yn spoedsitting gear. It befel oer de USS Enterprise is ûnderwilens weromjûn oan luitenant-admiraal Christopher Pike, de mentor fan Kirk, dy't de floatlieding bepraat hat om Kirk ta syn earste ofsier te beneamen. Sadwaande binne sawol Kirk as Spock, dy't no de earste ofsier fan in oar skip is, by de gearkomste oanwêzich. Admiraal Alexander Marcus fertelt dat de troffen Stjerrefloatfasiliteit yn Londen, sabeare in argyf, eins it haadkertier wie fan Seksje 31, de militêre ynljochtingetsjinst fan 'e Stjerrefloat. Hy fertelt ek dat út it e-mailberjocht dat op it haadkertier binnenkommen is fan Harewood, de direkte dieder, stiet dat er ta syn die twongen is troch John Harrison. Nei de bomoanslach is de Stjerrefloat it spoar fan dyselde kwytrekke nei't er in shuttle stellen hat.

Troch logysk riddenearjen komt Kirk ta de konklúzje dat Harrison fan doel wêze moat om in oanfal op 'e lieding fan 'e Stjerrefloat út te fieren, mar hy is te let om 'e oare oanwêzigen te warskôgjen as Harrison mei de swierbewapene shuttle foar de ruten fan 'e gearkomsteseal ferskynt en it fjoer iepenet. Kirk wit de seal te ûntflechtsjen en op slûchslimme wize de shuttle te sabotearjen dat dy delstoart, mar tsjin dy tiid hat Harrison ûnder de oanwêzigen al in wier bloedbad oanrjochte, wêrby't ek luitenant-admiraal Pike omkommen is.

Montgomery Scott, de geniale masinist fan 'e USS Enterprise, stelt nei ûndersyk fan it wrak fan 'e shuttle fêst dat Harrison oan 'e dea ûntkommen is troch himsels foar it delkommen fan 'e shuttle fuort te strieljen. Hy blykt útwykt te wêzen nei Kronos, de thúsplaneet fan 'e bûtenierdske Klingons, mei wa't de Federaasje op neat te freonlike foet stiet. Admiraal Marcus jout Kirk it befel oer de Enterprise werom en foeget Spock wer oan him ta as earste ofsier. Se krije de opdracht om mei de USS Enterprise it diel fan 'e Molkewei binnen te kringen dat troch de Klingons behearske wurdt, om Harrison te lokalisearjen en him dan mei in spesjaal nij soarte romtetorpedo's út te skeakeljen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Fuort nei't er Kirk syn earste ofsier wer wurden is, tekenet Spock beswier oan tsjin it doel fan harren misje, om't it likwidearjen fan persoanen sûnder foarm fan proses ymmoreel is en tsjin alle wetten en regels fan 'e Stjerrefloat yngiet. Kirk wol lykwols net nei him harkje. In folgjend probleem oppenearret him as masinist Scott wegeret om tastimming te jaan foar it ynladen fan 'e 72 nije torpedo's fan admiraal Marcus, om't dy dingen fersegele binne en hy fan 'e Stjerrefloat net sjen mei wat der krekt yn sit. Hy ornearret dat er op dy manear net ynstean kin foar de feilichheid fan 'e Enterprise. Kirk kin him net op oare gedachten bringe, en as er Scott úteinlik in direkt befel jout om it ynladen fan 'e wapens goed te karren, freget dy om út syn funksje ûntheft te wurden. Kirk stimt dêryn ta en ferfangt him troch de jonge Pavel Chekov. Underwilens ûntdekt Spock dat in nije wittenskipsofsier dy't oan 'e USS Enterprise tafoege wêze soe, eins Carol Marcus is, de dochter fan 'e admiraal, dy't de geheimsinnichdoggerij fan har heit omtrint de nije torpedo's net fertrout en har oerpleatsing nei de Enterprise ferfalske hat om 'e dingen ûndersykje te kinnen.

Underweis nei Kronos rekket deunby de planeet it fermogen fan 'e USS Enterprise stikken om bôgefaasje te berikken (d.w.s. troch de hyperromte te gean). Kirk, dy't Spock syn pleidoai ûnderwilens nochris yn him omgean litten hat, beslút om Harrison net mei in torpedo-oanfal te deadzjen, mar te besykjen om him finzen te nimmen, sadat er op 'e Ierde berjochte wurde kin. Dêrom set er mei Spock en luitenant Nyota Uhura, dy't in romantyske relaasje mei Spock ûnderhâldt, ôf nei Kronos. Luitenant Hikaru Sulu kriget salang it befel oer de Enterprise, en hy nimt oer in radioferbining kontakt op mei Harrison, dy't er warskôget dat er net wifelje sil om him te deadzjen mei de nije torpedo's dêr't it romteskip mei tarist is. Op Kronos rinne Kirk-en-dy yn in mûklaach fan 'e Klingons. As Uhura, dy't kommunikaasjespesjaliste is, de shuttle ferlit om mei harren te redendielen, wolle se har fermoardzje, mar Harrison feskynt op it toaniel en weeft handich mei tsientallen Klingon-militêren ôf. Neitiid wol er fan Kirk it persize oantal nije torpedo's witte dêr't de Enterprise mei tarist is, en as Spock antwurdet dat der 72 binne, jout Harrison him oer.

Nei't Kirk-en-dy weromkeard binne nei de USS Enterprise, dêr't Harrison yn it kasjot opsletten wurdt, jout Kirk, dy't nijsgjirrich nei de torpedo's wurden is, opdracht om ien te iepenjen. Skipsdokter Leonard McCoy en Carol Marcus rêde dat mei muoite op en komme ta de ûntdekking dat der (njonken in mânske springstoflading) ek in man yn sit dy't yn in kryonologyske stasis holden wurdt. Neier ûndersyk wiist út dat alle nije torpedo's in beferzen minske befetsje. As Harrison dêroer ûnderstien wurdt, bekent er dat syn wiere identiteit Khan Noonien Singh is. Hy is in genetysk 'ferbettere' supersoldaat dy't trijehûndert jier lyn yn in tiid fan oarloch makke is. De minsken yn 'e torpedo's binne syn ûnderhearrigen, dy't ek supersoldaten binne. Nei't se de oarloch wûn hiene foar harren skeppers, waarden se as te gefaarlik beskôge om yn it libben te litten. Sadwaande wiene se twongen om te flechtsjen en yn in úthoeke fan it doe bekende hielal brochten se harsels yn kryonologyske stasis, yn 'e hoop dat se wekker wurde soene yn in bettere tiid.

Nei de ferwoastging fan 'e planeet Vulcanus (sjoch: Star Trek (film)) begûn de Stjerrefloat lykwols earder negearre dielen fan hielal yn kaart te bringen. Dêrby waarden de kryonologyske kapsules fan Khan-en-dy weromfûn. Admiraal Marcus besleat om ien fan 'e supersoldaten (Khan) wekker te meitsjen, sadat dy him helpe koe om 'e Stjerrefloat te militarisearjen en nije avansearre wapens oan te meitsjen yn risselwaasje foar de troch him ferwachte oarloch mei de Klingons. Om Khan syn meiwurking ôf te twingen, hold er de oare 72 supersoldaten yn gizeling. Khan besocht syn maten te rêden en ferstoppe harren dêrom yn it nije type torpedo dat er ûntwikkele. Hy waard lykwols ûntdutsen foar't er klear wie mei syn plan, en om't er derfan útgie dat Marcus syn maten by wize fan ferjilding ombringe litten hie, sette er út wraak op 'e Ierde útein mei in kampanje fan terroristsyske oanslaggen op 'e Stjerrefloat.

Khan fertelt ek dat Marcus ferantwurdlik is foar it strâne reisjen fan 'e USS Enterprise yn 'e romte fan 'e Klingons, mei't er in ferlechje siket om in oarloch tsjin 'e Klingons te begjinnen, en om't de ferneatiging fan 'e Enterprise troch harren dêr skoan foar tsjinje kin. As Kirk syn oarders gewoan útfierd hawwe soe troch de nije torpedo's ôf te sjitten op 'Harrison' syn lokaasje op Kronos, hie Marcus dus trije miggen yn ien klap slein: hy wie fan Khan en syn ûnderhearrigen ferlost west, troch it weromslaan fan 'e Klingons tsjin 'e warleaze Enterprise, nei wat se perfoarst ynterpretearre hiene as oanfal op harren thúsplaneet, hied er Kirk-en-dy as lestige tsjûgen kwyt west, en boppedat hied er in casus belli hân foar in oarloch tsjin 'e Klingons. Khan jout Kirk koördinaten yn it Sinnestelsel mei de rie om dêr mar ris te sjen. Dêrop nimt Kirk kontakt op mei Scott, dy't it ferlies fan syn funksje as masinist op 'e Ierde yn in bar sit te ferdrinken, en freget him om dy koördinaten te ûndersykjen. Scott ûntdekt deunby Jupiter in geheime Stjerrefloatbasis dêr't hurd wurke wurdt oan in reuseftich romteskip, de USS Vengeance, dat poer en alinne bedoeld is om oarloch mei te fieren (wylst Stjerrefloatskippen ornaris yn it foarste plak bedoeld binne foar it ferrjochtsjen fan wittenskiplik ûndersyk).

As it fermogen ta it berikken fan bôgefaasje fan 'e USS Enterprise krekt wer reparearre is, ferskynt admiraal Marcus mei de USS Vengeance by Kronos, en easket fan Kirk dat er Khan oan him útleveret. Kirk wegeret en kloarket Marcus út, dy't yn grutte halen it tsjûgenis fan Khan befêstiget. Mei dy bekentenis opnommen naait Kirk mei de USS Enterprise út nei de Ierde, mei de bedoeling om Marcus by de lieding fan 'e Stjerrefloat oan te jaan. De Vengeance beskikt lykwols oer it fermogen om 'e Enterprise yn hyperromte op te spoaren, en kegelet it skip dêrút troch de bôge-oandriuwing stikken te sjitten. De Enterprise komt yn 'e neite fan 'e Moanne werom yn 'e reële romte. Om 'e Enterprise en syn bemanning te beskermjen, makket Carol Marcus har oanwêzigens op it skip oan har heit bekend, mar dy strielet har simpelwei en tsjin har wil oer nei syn eigen skip. Kirk biedt dan oan om Khan út te leverjen en himsels oer te jaan, as Marcus syn bemanning sparje wol, mar de admiraal antwurdet dat er dêr gjin belang by hat en dat er dochs al nea fan doel wie om lykfolwa oan board fan 'e Enterprise te sparjen.

No't sawol de oandriuwing as de wapens stikken binne, is de USS Enterprise folslein warleas tsjin 'e moderne laserkanonnen fan 'e USS Vengeance, mar as Marcus befel jout om it skip fan Kirk oan barrels te sjitten, wegeret it wapensysteem. It blykt hackt te wêzen troch immen oan board, en dat is Scott, dy't temûk as ferstekling meireizge is op 'e Vengeance. It opûnthâld as de bemanning fan 'e Vengeance it eigen kompjûtersysteem wer yn 'e macht sjen moat te krijen, jout Kirk-en-dy de kâns om in nij plan te betinken. Kirk en Khan bejouwe har yn romtepakken fan 'e Enterprise nei de Vengeance, dêr't Scott inkele sekonden lang in doar foar harren iepenset. It giet mar krekt goed, mar ienris oan board fan 'e Vengeance klearje de trije mannen har in wei nei de brêge, dêr't se krekt op 'e tiid arrivearje om foar te kommen dat Marcus, dy't syn wapensysteem wer oan 'e praat krigen hat, it fjoer op 'e Enterprise iepenje kin.

Underwilens lizze Spock en Uhura, op 'e brêge fan 'e Enterprise, fia de subromtebân kontakt mei de planeet Nij-Vulcanus, dêr't Spock syn âldere, út 'e takomst weromkommen sels libbet (sjoch: Star Trek (film)). Spock befreget himsels oer Khan, en hy fertelt himsels dat Khan de gefaarlikste en ûnmeilydsumste fijân is dêr't de Enterprise ea mei te meitsjen krije sil. Yn 'e tiidline fan 'e âldere Spock waard Khan ferslein, mar tsjin in hege priis. De jongere Spock wol witte hoe't Khan ferslein wurde kin.

Nei't er de brêge fan 'e USS Vengeance ferovere hat, stelt Khan op brute wize Kirk, Scott en Carol Marcus bûten gefjocht, wêrnei't er admiraal Marcus fermoardet troch de holle fan 'e man tusken syn hannen fyn te drukken. As er op dy wize wraak nommen hat, nimt Khan kontakt op mei de Enterprise en easket dat alle 72 torpedo's oan him oerdroegen wurde sille troch se oan board fan 'e Vengeance te strieljen. Spock easket yn ruil dêrfoar dat Khan Kirk-en-dy nei de Enterprise strielje sil, wat Khan wol dwaan wol, om't, sa seit er tsjin Kirk, in kaptein altyd ûndergean moat mei syn eigen skip. Fuort nei't Kirk, Scott en Carol Marcus op 'e Enterprise oankommen binne, iepenet Khan it fjoer op dat skip, wat fierdere slimme skea ta gefolch hat, wêrby't alle fermogen útfalt. Ear't it skip lykwols folslein ferneatige wurde kin, geane de 72 torpedo's oan board fan 'e Vengeance ôf, dy't Spock aktivearje litten hie foar't er se oerstriele. Khan is derfan oertsjûge dat mei de torpedo's syn bemanning ûntploft is, mar dokter McCoy bewissiget Kirk derfan dat de capsules mei de beferzen supersoldaten foar it oerstrieljen út 'e torpedo's ferwidere binne.

Sawol de Enterprise as de Vengeance hawwe no sokke swiere skea oprûn, dat se fongen wurde troch de swiertekrêft fan 'e Ierde, dy't harren omleech lûkt nei it planeetoerflak. Om delstoarten fan syn skip foar te kommen, offeret Kirk himsels op en giet yn 'e masinekeamer fan 'e Enterprise de romte mei de bôgekearn yn om dy op 'e nij út te lynjen. Dêrtroch kriget it romteskip wer wat fermogen en kin it ûntsnappe oan 'e Ierdske swiertekrêft, mar Kirk sels rint slimme besmetting mei radio-aktive strieling op en ferstjert. Khan lit de Vengeance delstoarte op San Francisco yn in besykjen om it haadkertier fan 'e Stjerrefloat te ferneatigjen. Hy ûntsnapt oan it wrak fan it skip en Spock lit him út 'e Enterprise delstriele en set geandefoets de efterfolging yn. Underwilens ûntdekt McCoy dat in deade tribble, wêrby't er earder by wize fan eksperimint Khan syn bloed ynspuite hie, wer ta libben kommen is. Hy beseft dat Khan syn bloed miskien ek Kirk noch helpe kin en lit ien fan 'e kryonologyske kapsules leechmeitsje om Kirk salang yn te friezen. Uhura lit har nei it Ierdoerflak strielje en tegearre mei Spock wit se Khan oermânsk te wurden. Dy syn bloed bringt Kirk neitiid yndie wer ta libben, al duorret it mear as in wike ear't McCoy him út koma doar te heljen. Khan is tsjin dy tiid wer ynferzen yn in kryonologyske kapsule, mei de bedoeling om him foarearst net wer by te bringen.

Chris Pine.
Zachary Quinto.
Zoe Saldana.
Alice Eve.

In jier letter hâldt Kirk in taspraak by de seremoanje ta gelegenheid fan it wer yn gebrûk nimmen fan 'e folslein reparearre USS Enterprise. De kapsules fan Khan-en-dy binne op in feilich plak opslein, dêr't se goed yn 'e rekken holden wurde. Nei de seremoanje set de USS Enterprise ôf op in fiifjierrige ferkenningsmisje troch de Molkewei.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise     
kaptein James T. Kirk Chris Pine
kaptein-luitenant Spock Zachary Quinto
luitenant 2e klasse Nyota Uhura Zoe Saldana


byrollen
personaazje akteur/aktrise
dokter Leonard McCoy Karl Urban
luitenant 1e klasse Montgomery Scott Simon Pegg
luitenant 2e klasse Hikaru Sulu John Cho
luitenant 3e klasse Pavel Chekov Anton Yelchin
Khan Noonien Singh Benedict Cumberbatch
luitenant 2e klasse Carol Marcus Alice Eve
luitenant-admiraal Christopher Pike Bruce Greenwood
admiraal Alexander Marcus Peter Weller
de oarspronklike Spock Leonard Nimoy
Thomas Harewood Noel Clarke
Rima Harewood Nazneen Contractor
transporter-ofsier Christopher Doohan
faandrich Brackett Amanda Foreman
luitenant 2e klasse Chapin Jonathan Dixon
luitenant 2e klasse Darwin Aisha Hinds
Stjerrefloatofsier Joseph Gatt
kompjûterstim fan 'e USS Vengeance Bill Hader
Keenser, de assistint fan Scott Deep Roy
Klingon-ofsier Sean Blakemore
Lucille Harewood Anjini Taneja Azhar
roerman fan 'e USS Vengeance Nolan North
Moto Heather Langenkamp

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek: Into Darkness waard regissearre troch J.J. Abrams, dy't ek de regisseur wie fan 'e foargeande film Star Trek (2009). Hy gie út fan in senario fan Roberto Orci, Alex Kurtzman en Damon Lindelof, dat basearre op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren, fan tillefyzjeprodusint Gene Roddenberry. It befette lykwols ek dúdlike ferwizings nei de film Star Trek II: The Wrath of Khan, út 1982. As produsinten wiene Abrams, Bryan Burk, Lindelof, Kurtzman en Orci by it projekt belutsen foar de filmstudio's Skydance Media, Bad Robot Productions en K/O Paper Products. Foar de film wie in budget beskikber fan $185 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dan Mindel, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.

De haadrollen waarden allegear spile troch deselde akteurs dy't se fjouwer jier earder ek spile hiene yn 'e film Star Trek. Ek Leonard Nimoy, dy't de rol fan Spock fertolke hie yn 'e oarspronklike searje en dy't yn 'e film Star Trek in âldere, troch tiidreizgjen út 'e takomst weromkommen Spock spile, wie wer fan 'e partij, hoewol't syn bydrage diskear frij beheind wie. Star Trek: Into Darkness foarme de lêste kear dat Nimoy yn 'e hûd fan Spock krûpe soe foar syn ferstjerren yn 2015.

De opnamen foar Star Trek: Into Darkness setten op 12 jannewaris 2012 útein en duorren oant yn maaie fan dat jier. Der waard benammen filme yn 'e Paramount Studios yn Hollywood en op ferskate plakken yn en om Los Angeles. Oare opnamelokaasjes wiene it Lawrence Livermore National Laboratory yn Livermore (Kalifornje), de Sony Pictures Studios yn Culver City (Kalifornje), de Kristallen Katedraal yn Garden Grove (Kalifornje) en de Greystone Mansion yn Beverly Hills. Inkele shots waarden opnommen op Iislân.

Taalkundige Marc Okrand, de betinker fan 'e Klingon-taal, skreau it petear dat Uhura mei de Klingon-ofsier hie en coachte Zoe Saldana, dy't Uhura spile, en Sean Blakemore (de Klingon-ofsier) op 'e filmset by it beheljen fan 'e krekte útspraak. Nei't de filmeditors yn 'e sêne omknipt hiene, wie de dialooch lykwols net mear koherint, sadat it troch deselde akteurs yn 'e postproduksje neisyngronisearre wurde moast.

De distribúsje fan Star Trek: Into Darkness waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 23 april 2013 yn it Australyske Sydney yn premiêre, wêrnei't er op 17 maaie iepene yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 14 maaie 2013 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Op 20 augustus 2013 kaam Star Trek: Into Darkness beskikber as digitale download en op 2 septimber fan dat jier waard de film útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Star Trek: Into Darkness oer it algemien positive resinsjes. In ôfwikende miening wie A.O. Scott fan The New York Times tagedien, dy't de film "ûnynspirearre breaskriuwerswurk" neamde en opmurk dat "it gauris foarkommende gebrûk fan in blauwe lins dizze film hielendal neat tichter by in persoanlik statement [fan 'e regisseur] bringt."

F.l.n.rj.: akteurs Karl Urban en Zachary Quinto, regisseur J.J. Abrams en akteur Chris Pine op 'e premiêre fan Star Trek: Into Darkness op 23 april 2013 yn Sydney.

Der wie benammen lof foar it aktearjen fan Benedict Cumberbatch yn 'e rol fan Khan Noonien Singh. Sa omskreau Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone syn optreden as "in krachttoer om rekken mei te hâlden." It casten fan 'e blanke Cumberbatch as Singh, dy't neffens de Star Trek-kanon in Sikh út Yndia wêze moatte soe, waard lykwols sterk bekritisearre, û.o. troch de eardere Star Trek-akteurs Garrett Wang en George Takei, as in foarbyld fan whitewashing (it spylje litten fan net-blanke rollen troch blanke akteurs út rasistyske motiven of omreden fan kulturele ûngefoelichheid).

In oare lytse opskuor ûntstie om 'e sêne hinne, wêryn't aktrise Alice Eve yn har ûnderguod te sjen is. Hoewol't dêr hielendal gjin neakenens oan te pas kaam en it foarfal in dúdlike funksje yn it ferhaal hat, soe it neffens guon útdragers fan kekenens "folslein ûnnedich" en "net te rjochtfeardigjen" west hawwe. Dyselden wiene blykber sa ynfloedryk, dat senarioskriuwer Damon Lindelof neitiid op Twitter syn ûntskuldigings oanbea.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Star Trek: Into Darkness in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 271 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er fisueel spektakulêr is en, lykas te ferwachtsjen wie, smoarfol aksje sit, is [dizze film] in poerbêste ôflevering út 'e earbiedweardige science fiction-franchise, sels al is er net sa ferfrissend as syn foargonger." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Star Trek: Into Darkness in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 43 resinsjes.

Star Trek: Into Darkness brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $228,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $238,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $467,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $185 miljoen betsjut dat in winst fan $282,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Star Trek: Into Darkness de op trettjin nei meast opbringende film út 2013 en de meast opbringende Star Trek-film ea. Neffens it blêd Deadline Hollywood soe de skjinne winst lykwols 'mar' $29,9 miljoen bedroegen hawwe.

Star Trek: Into Darkness waard yn 2014 nominearre foar de Oscar foar bêste special effects. De film wûn de Satellite Award foar bêste blu-ray-publikaasje. By de Saturn Awards waard Star Trek: Into Darkness nominearre yn fiif kategoryen, foar bêste science fiction-film, bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur (Benedict Cumberbatch), bêste kostúmûntwerp en bêste special effects. De film waard ek nominearre foar in BAFTA (foar bêste special effects), twa Annie Awards, trije Critics' Choice Awards, in Empire Award, trije People's Choice Awards, in MTV Movie Award en twa Teen Choice Awards.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)