Springe nei ynhâld

Sint-Jânsgea

Ut Wikipedy
Sint-Jânsgea
Komboerd Sint-Jânsgea
Komboerd Sint-Jânsgea
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 1.250 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 6,85 km² (6,18 km² lân, 0,67 km² wetter)
Befolkingsticht. 182 ynw. /km²
Oar
Ferkearsieren N924
Postkoade 8464
Netnûmer 0513
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 56' NB, 5° 51' EL
Offisjele webside
https://www.sintjut.frl/
Kaart
Sint-Jânsgea (Fryslân)
Sint-Jânsgea
Lokaasje Sint-Jânsgea yn Fryslân
Kaart
Komboerd Sint-Jânsgea
Lokaasje Sint-Jânsgea (grien) yn 'e eardere gemeente Skarsterlân.
Gemaal en mûne De Hersteller

Sint-Jânsgea (pleatslik ek: Sint Jut) is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súd fan it Nannewiid. It doarp foarmet in twillingdoarp mei Rotsterhaule. De doarpen wurkje dan ek gear mei skoallen, tsjerken en ferienings.

Sint-Jânsgea hat 1.250 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Sint-Jânsgea is neamd nei de tsjerke fan it doarp, dy't wijd is oan de hillige Jehannes. It efterheaksel "gea" betsjut "doarpsgebiet" of "kerspel" en de namme betsjut sokssawat as kerspel fan Sint-Jan (Jehannes), mooglik Jehannes de Doper. De namme fan it doarp komt yn 1408 foar it earst as Sint Jansga foar. Letter komme 'Sente Johansgoe (1412), Sinte Jansgae (1538), Sancte Johannisghae (1543) en S. Iansgae (ein 16e iuw). Yn de 19e iuw komt as bynamme Sint-Jut foar dy't pleatslik tige bekend is.[2]

De bebouwing fan it doarp ferskode mei de niisneamde tsjerke, dochs sûnder tsjerkhôf, tusken 1660 en 1850 nei in heger plak oan 'e dyk, omreden it omlizzend lân troch it turfgraven leger begûn te lizzen en gauris ûnder wetter strûpte.

Nei it ynpolderjen en it yn kultuer bringen fan it lân is de Streek fertichte ta in lintbebouwing dy’t oan de noardkant noch altyd tichter is as oan de súdkant fan de Streek. Fan de âlde Streek ôf is noch dúdliker as yn it buordoarp Rotsterhaule te ûnderfinen, hoe leech it lân leit.

Yn it gebiet is yn it ferline in soad fean ôfgroeven, dat as turf ferskippe waard. It gebiet waard slim wiet en strûpte by min waar hielendal ûnder wetter. Dat gebiet waard it Unlân neamd. De polder is lykwols drûchmeald troch fjouwer mûnen, de lêst oerbleaune mûne is troch de befolking rêden fan de sloop: De Hersteller. De Hersteller bestie yn 2007 150 jier. By dy gelegenheid is in jubileumboek útkaam. De mûne waard yn 1857 boud om de polder drûch te hâlden. Yn de jierren santich fersutere de mûne en doe is er yngreven opknapt.

Hoe't it komt is net rjocht dúdlik, mar sa'n 40 à 50 jier ferlyn wennen en wurken oan de Streek yn it twillingdoarp wol tsien ferskillende bakkers. Ta in brea-oarloch is it net komd. Krekt oarsom, se organisearren har yn in ynkeapferiening en ien kear jiers gienen se mei harren froulju in dei derop út. De measte fan dy bakkerijen binne yn de jierren sechtich ferdwûn, mar de saken dy't oerbleaunen binne útgroeid ta grutte bedriuwen. It koekefabryk fan Sint-Jânsgea, Wieger Ketellapper (ûnderdiel fan Keninklike Peijnenburg B.V.), is bekend yn hiel Nederlân, krektas it roggebreafabryk fan Van Dijk en yn Rotsterhaule it koeke- en pipernutefabryk fan Modderman.

Súdlik fan Sint-Jânsgea is de Grutte Sint_Jânsgeaster Feanpolder. Oan 'e westlike râne fan dat gebiet leit it natuergebiet Easterskar.

Jehannestsjerke yn Sint-Jânsgea
Fuotbalferiening "De Wite Peal"

In bysûnder gebou is ‘Yn ’e Doarpsfinne’, in wenmienskip foar âlderein mei in oerdutsen binnentún. Dêrby yn sitte ek in soos foar jongerein en in pjutteboarterssplak. Kristlike basisskoalle De Trieme en iepenbiere basisskoalle De Schakel yn Rotsterhaule binne de basisskoallen fan it twillingdoarp.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2024
888 561 671 702 662 860 1264 1240

Boarne: Alle Cijfers (2013 en 2024)

Berne yn Sint-Jânsgea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Reidkraach - toaniel
  • Fuotbalferiening DWP
  • tennisferiening
  • De Grie - âlde namme foar lân tusken de Streek en de Hege Dyk.
  • H J Groenstrjitte - Harmen Jans Groen wie in minskerêder by de stoarmramp fan 1825.
  • Hindrik-Jan Textörstrjitte - Hindrik-Jan Textor, húsarts yn Sint-Jânsgea/Rotserhaule tusken 1925-1942. Gie yn 1919 nei Ynje mei syn frou Sjoukje de Vries en waard gûvernemintsarts yn Soerabaya, letter yn Sitoebondo en as lêste stânplak oant 1925. Waard fanwege fersetsaktiviteiten eksekutearre yn de finzenis fan Scheveningen op 19 maaie 1942.
  • Hege Dyk - heech lizzende dyk tusken Rottum en Rotsterhaule dêr't eartiids in paad oer rûn. Nei it tichtsmiten fan de njonkenlizzende Hegedyksterfeart waard de dyk yn 1962 asfaltearre en ferbrede.
  • Jan de Goedestrjitte -
  • Kadyk - eartiids: 'Kaardyk', rint oer it ferfeante efterlân fan Sint-Jânsgea en Rotsterhaule.
  • Lichte - leech lizzend lân oan de Ringfeart.
  • M J Hogeboomstrjitte - Minne Jacobs Hogeboom wie in minskerêder by de stoarmramp fan 1825.
  • Molenstelle - paad fan mole "De Hersteller" (1857) fan de Hege Dyk nei de Streek. De mole is yn 1981 wer opknapt.
  • Prinses Marijkewei - ropnamme fan prinses Christina, dochter fan keninginne Juliana en prins Bernhard.
  • Ringfeart - nei it wetter de Ringfeart.
  • Simensstelle - Simen Apperlo hie in pleats oan de Hege Dyk.
  • Skardyk - rint troch it skar, in natoergebiet yn it leechfeangebiet.
  • Skoalekers - nei it lân dat eartiids efter de kristlike skoalle lei.
  • Streek - de langedy troch Sint-Jânsgea en Rotsterhaule
  • Tsjerkhôfleane - bylâns en nei it Tsjerkhôf.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje