Jehannestsjerke (Sint-Jânsgea)

Ut Wikipedy
Jehannestsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Sint-Jânsgea
adres Streek 108
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1963
arsjitekt A.J. Feddema
offisjele webside
Webstee PKN-gemeente

De Jehannestsjerke oan de Streek yn Sint-Jânsgea is in tsjerkegebou fan de protestantske gemeente Sint-Jânsgea-Dolfsterhuzen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste tsjerke fan Sint-Jânsgea stie op it tsjerkhôf en waard yn 1608 boud. Yn 1812 waard dy tsjerke ferfongen troch nijbou op it plak foar de hjoeddeiske tsjerke oer. Om't de feangrûn fanwegen bemealling útdroege rekke dy twadde bou troch fersakking al gau brekfallich. De tredde tsjerke waard yn 1864 boud op it tsjintwurdige plak. It gyng om in ienfâldige sealtsjerke mei in houten geveltuorke. Yn 1940 folge in restauraasje en yn 1947 krige de tsjerke noch in nije klok. Op 24 febrewaris 1961 ûntstie der nei alle gedachten troch koartsluting brân, dy't de hiele tsjerke yn de lôge sette. It gebou gyng folslein ferlern, útsein it reau foar it Nachtmiel bleau bewarre.

De hjoeddeiske tsjerke waard op 1 desimber 1963 yn gebrûk nommen. Dêrnjonken waard ek it ferieningsgebou "De Rank" iepene, dat noch altiten brûkt wurdt troch it ferieningslibben. By de iepening fan de tsjerke is in betinkingsstien mei de wurden "Mijn huis zal een bedehuis heten voor alle volkeren" yn it foarportaal ûnthulle.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: