List fan moles yn Fryslân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mûne yn Fryslân)
Poldermole De Wersteller en gemaal De Grie.

Der binne noch sa'n 150 moles (of mûnen) yn Fryslân. De measte falle ûnder de monumintesoarch.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1811 waard it mûnebestân ynventarisearre. Nei de tiid noch in kear of wat. It lit sjen hoe dramatysk it tal mûnen minder wurden is.

By de ynventarisaasje fan 1811 wienen der noch mear as 2.400 moles yn Fryslân, yn 1943 noch mar 300, yn 1946 250 en yn 1955 likernôch 150.

De yndustrymoles ferlearen troch meganisaasje harren funksje en binne dêrtroch meastentiids sloopt. Sa binne der gjin oaljemoles mear yn Fryslân, mar der steane al noch wol twa moaie houtseachmûnen yn Drylts en Wâldsein.

De poldermoles ferlearen harren funksje troch de bou fan in soad gemalen yn Fryslân, wêrfan de bekendsten en grutsten it yr. D.F. Woudagemaal by De Lemmer en it J.L. Hooglandgemaal by Starum binne.

Foar in tal plakken bepaalden de mûnen it doarpsoansjen, mar binne se yn de rin fan de tiid hielendal ferdwûn, lykas op De Gordyk wêr't eartiids wol seis mûnen stiene.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De type mûnen dy't yn Fryslân foarkomme:

  • Muonts of Mûnts.
  • Spinnekop
  • Tsjasker. Yn tsjinstelling ta de beide oare type mûnen hat in tsjasker ornaris gjin namme, mar wurdt neamd nei it gebiet dêr't er yn stiet.

Neist dizze tradisjonele type wynmûnen komt yn Fryslân ek de wynmotor foar.

Mûnestiftings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In protte mûnen binne eigendom fan in stifting. In stikmannich stiftings yn Fryslân beheare mear as ien mûne:

Tabel mûnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plak Namme Jier Type Funksje Ofbyld
Achlum Achlumer Mole 1851 grûnsiler poldermole Achlumer mole.jpg
Akkrum Mellemole 1949 spinnekop poldermole Mellemolen Akkrum 01.JPG
Aldegea (Wymbritseradiel) Dorismooltsje 1800 spinnekop poldermole Spinnenkopmolen Oudega 01.jpg
Boalsert Tadema's mole 1824 grûnsiler poldermole Tadema's molen Bolsward 19.JPG
Boalsert Tsjasker Kleasterleane 1973 tsjasker poldermole Tjasker Bolsward 03.JPG
Boarnsweach Sweachmermole 1782 stellingmole poldermole Sweachmermolen Boornzwaag 08.JPG
Burdaard De Swel 1987 stellingmole nôt-, pel- en seachmole Burdaard mûne.JPG
Dokkum De Hoop 1849 stellingmole roggemole De Hoop Molen Dokkum 06.JPG
Dokkum Seldenrêst 1862 stellingmole roggemole Zeldenrust Molen Dokkum 08.JPG
Drylts De Rôt 1828 stellingmole seachmole De Rat molen IJlst 25.JPG
Eanjum De Iendracht 1889 stellingmole nôt- en pelmole Dongeradiel Eanjum Moune.jpg
Frjentsjer Arkens 1835 spinnekop poldermole Arkens Molen Franeker 02c.JPG
Goaiïngahuzen De Modderige Bol spinnekop poldermole De Modderige Bol Goengahuizen 04.JPG
Goaiïngahuzen De Jansmole spinnekop poldermole De Jansmolen Goengahuizen 05.JPG
Goaiïngahuzen Heechhiem spinnekop poldermole Molen Heechhiem 01.JPG
It Hearrenfean Welgelegen 1849 stellingmole roggemole Welgelegen Molen Heerenveen 02.JPG
Hollum De Ferwachting 1991 stellingmole roggemole Mosterd- en Korenmolen de Verwachting (Nes Ameland).jpg
Holwert De Hoop 1713 stellingmole nôt- en pelmole De Hoop molen Holwerd 01.jpg
De Jouwer Penninga's mole 1692 stellingmole roggemole Penningasmolen2.jpg
De Jouwer De Griene Mole 1800 spinnekop poldermole Groene Molen Joure 03.JPG
Koudum De Flyt spinnekop op stelling roggemole De Vlijt molen Koudum 03.JPG
Makkingea De Weyert 1868 stellingmole roggemole Weyert Makkinga 01.JPG
Marrum Grutte Mole 1845 stellingmole poldermole De Grote Molen Marrum 02c.JPG
Marrum Klaailânsmole 1865 grûnsiler poldermole Kleilansmole Marrum 19.JPG
Ropta Ropta 1836 stellingmole nôt- en pelmole Dongeradiel RoptaMoune2.JPG
Mildaam Tsjongermole 1869 grûnsiler poldermole De Tjongermolen Mildam 19.JPG
Noardwâlde Wynlust 1859 stellingmole roggemole Windlust Noordwolde 02.JPG
Nijemardum Swaantsje 1893 grûnsiler poldermole Zwaantje molen Nijemirdum 07.JPG
Nijetrine De Reidfink 1855 grûnsiler poldermole De Rietvink Nijetrijnje 01.JPG
Nijetrine De Reager 1871 grûnsiler poldermole De Reiger Nijetrijnje 04.JPG
Peazens De Hûn 1861 stellingmole nôtmole Molen De Hond.jpg
Ryptsjerk Ypey Mûne 1858 grûnsiler poldermole Ypey mune IMG 4396.jpg
Skarsterbrêge Skarremole 1888 grûnsiler poldermole Skarren molen 03.JPG
Sint Jansgea De Hersteller 1857 grûnsiler poldermole De Hersteller Molen 01.JPG
Sleat De Kaai 1755 stellingmole roggemole Molen Sloten 06c.JPG
Snits Himmole 1982 spinnekop poldermole Himmole Sneek 30.JPG
Stiens De Hoop 1853 stellingmole roggemole De Hoop Molen Stiens 13.JPG
Tsjerkwert Beabuorstermole 1882 grûnsiler poldermole Babuurstermolen 18.JPG
Vegelinsoard Grevensmole 1859 grûnsiler poldermole Grevensmolen 04.JPG
Wânswert Victor 1869 grûnsiler poldermole [[ ]]
Warkum De Nijlannermole 1784 grûnsiler poldermole De Nijlannermolen Workum 07.JPG
Warkum De Snip foàr 1832 grûnsiler poldermole De Snip Molen Workum 01.JPG
Warkum Ybema's Mole 1899 grûnsiler poldermole Ybema's molen Workum 07.JPG
Wâldsein De Jager 1719? stellingmole seachmole De Jager Woudsend 04.jpg
Wâldsein 't Laam foar 1698 stellingmole roggemole 't Lam molen Woudsend 04.JPG
Wikel Sânpoel 1975 tsjasker poldermole Tjasker Sanpoel 04.JPG
Wolvegea Wynlust 1888 stellingmole roggemole Windlust Molen Wolvega 02c.JPG
Wolvegea De Gooyer 1775 grûnsiler poldermole De Gooijer Molen 03.JPG

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Friese Molens, red.kommisje: H. Boschma, (1995), Ljouwert, Friese Pers Boekerij, ISBN 9033015226
  • Fries Molenboek, red.kommisje: A. Boksma, (1980), Ljouwert, De Tille, ISBN 90-70010-92-5
  • Nijhof, P. Windmolens in Nederland (1983), Swol, Waanders, ISBN 90-6630-002-7