Springe nei ynhâld

De Hoop (Stiens)

Ut Wikipedy
De Hoop
mûne / mole
De mûne yn 2018
De mûne yn 2018
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Stiens
koördinaten 53° 15' N 5° 45' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 24,55 meter
boujier 1853, 1992
Webside
Side De Hoop
Kaart
De Hoop (Stiens)
De Hoop

De Hoop is in stellingmûne yn Stiens en waard boud yn 1853. It is in houten achtkante mei stiennen ûnderbou. De mole wurdt brûkt as nôtmûne en hat twa koppel mealstiennen.

Yn 1922 waard de út 1853 stammende mûne oant de stiennen ûnderbou ôfbrutsen. Dat bleau sa oant 1977, doe't it plan útfierd waard om de mûne te restaurearjen en werom te bringen yn de oarspronklike steat. De foltôging dêrfan fûn plak yn 1979. De mûne stie wer folslein yn it wurk en wurke foar de "Echte Bakkers" yn Fryslân. Op de nijjiersmoarn fan 1 jannewaris 1992 rekke in fjoerpylk it reiten tek fan de mûne, dy't it bouwurk yn 'e lôge sette. De mûne baarnde oant op de stiennen ûnderbou folslein ôf en waard noch yn itselde jier wer opboud. [1] Frijwilligers litte de mûne hast alle sneonen wurkje.

Yn it ramt fan de weryndieling waard de nôtmûne yn 2017 troch de gemeente Ljouwerteradiel oerdroegen oan de gemeente Ljouwert.[2] De mûne is in gemeentlik monumint.

Boppe de tagongsdoar hinget in ôfbyld fan it Ambachtlik Nôtmûnders Gild.

Technyske ynformaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De binnenroede fan it wjukkenkrús hat Van Bussel-noazen mei Ten Havekleppen en de bûtenroede hat it Fauëlsysteem mei remkleppen. De mûne hat in neutenkruiwurk mei 16 neuten, dat betsjinne wurdt mei in kruilier mei rûngeand keatling.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: