Welgelegen (It Hearrenfean)
Welgelegen of Tjepkema’s Mole is in wynmole en ryksmonumint op It Hearrenfean út 1849. De stellingmole is in achtkante boppekruier. De funksje is nôtmole. Eigener is de gemeente It Hearrenfean.
Fanwege wynbelemmering troch omlizzende bebouwing waard de mole yn 1898 mei hast seis meter ferhege. Yn 2017/2018 waarden de kap, de fokken en it boppetsjil fernijd. Op 21 april 2018 waard de mûne feestlik fannijs iepene. Ein 2021, begjin 2022 waarden de fokken fan de mûne ferfongen. Dy binne net mear donkergrien skildere mar yn de kleur fan it hout litten.