Springe nei ynhâld

Mûne op Ropta

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ropta (mole))
De Ropster mûne (2012)
De stichtingsstien boppe de doar

De (nammeleaze) mûne op Ropta of Ropstermûne is in wynmûne op Ropta ien kilometer benoarden Mitselwier. De mûne út 1836 wie in grûnsiler en waard fjouwer jier letter ferhege ta in stellingmûne. De achtkante boppekruier wie yn gebrûk as nôt- en pelmûne.

De Nijewierster dichter Anders Minnes Wijbenga hat in fers oan 'e mûne wijd.

Op Ropta waard yn 1836 in mûne boud troch Romke van der Werf fan Betterwird, mar dy gie ferlern yn in swiere stoarm yn 1840. De mûne waard op 'en nij boud mei in 20 foet ferhege bakstiennen ûnderbou. Yn 1889 sloech it wjerljocht yn de mûne, mar dat feroarsake gjin slimme skea. Offysjeel wie de mûne oant 1961 yn bedriuw; de lêste mûnder wie Pieter van der Heide.

Yn 1962 waard de mûne troch de gemeente East-Dongeradiel oernomd. Yn 1966, 1971 en 1996 wie der in restauraasje. Yn 1994 kaam de mûne yn behear fan de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel. De mûne is in ryksmonumint (nûmer 31577).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]