Oerlis:Mûne op Ropta
Appearance
Hallo, Der is ek in side Ropta, mei in seksje Ropta#De_Mûne, dêr't it allegear wer oars stiet. En at dit Ropta (mole) is, moat dy oare dan net Ropta (buorskip) wêze? Mysha
- Op't heden is Ropta: it kweekbedriuw, de mûne en de pleats Lyts Ropta en docht it net oan in buorskip tinken. Begjin jierren 1960 wol, doe't der noch in lytse pleats en 3 of 4 arbeiderswenten stiene. Om my mei it in buorskip hjitte. En yndie, it docht allegear wat rommelich oan. Ik sil it noch wolris wat beoarderje. Drewes 18 maaie 2010, 15.14 (CEST)
- Nee, mar ik tocht, wy koenen in betsjuttingsside hawwe Ropta, en dy't dan ferwizings jout nei Ropta (mole), Ropta (buorskip) en Roptastate. Dat dan soe de side oer it plak werneamd wurde moatte nei Ropta (buorskip), of in oar wurd yn stee fan "buorskip". Mar at jo mear witte oer hoenear at it mear in buorskip wie, en sûnt hoenear hast net mear, dan koe dat der ek by fansels. Mysha
- Ik hoopje dat it sa dúdliker is. Ik haw de mûne út Mitselwier werhelle en wat ferwizings oanpast. Drewes 18 maaie 2010, 16.49 (CEST)
- Nochris wat. Neffens de wikipedyen en withoefolle websiden liket it wol dat de Ropstermûne in namme hat, nammentlik 'Ropta'. Dat is lykwols net sa, it apparaat hat gjin namme. Drewes (oerlis) 19 jul 2020, 19.31 (CEST)
- Yn it kranteargyf fan Delpher dûkt de namme Ropta sa te sjen yn 't Hollânsk al regelmjittich op sûnt om ende by 1969 (sjoch hjir: fb., fb., fb.), mar foar dy tiid wie it yndied meast de molen van Ropta, Ropstermoune, esfh. By de Molendatabase witte se tink ik net better (al sitte dêr yn myn ûnderfining wol lju dy't derfan te oertsjûgjen binne dat se in flater makke hawwe). Wutsje 19 jul 2020, 22.04 (CEST)