Victor (mole)
Victor (mole) | ||
mûne / mole | ||
De Fiktor yn 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Wânswert | |
adres | Skettersdyk | |
koördinaten | 53° 19' N 5° 46' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
oarspr. gebrûk | Bemeallen Wânswerter polder | |
flecht | 19,60 meter | |
boujier | 1867 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting De Fryske Mole | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15644 | |
Webside | ||
Side De Fryske Mole | ||
Kaart | ||
De Victor (De Fiktor) is in poldermûne besuden Wânswert yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fiktor waard yn 1867 boud foar it bemeallen fan de polder 'Ald Piip', as ferfanging fan seis poldermûntsjes en trije tsjaskers. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid. Yn 1975 waard de mûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him twa jier letter restaurearje liet. Dêrby waard de selsswichting fan de mûne weihelle.
De Fiktor is yn 2012 wer hielendal restaurearre omdat de fûneminten fersakke wienen. Der is allegearre nij reid op 'e romp en de kape komd. De Lister motor is doe ek wer makke. De mûne bemealt de Wânswerter polder en wurdt ek brûkt as lesmûne foar it Gild Fryske Mounders. De Fiktor waard boppedat yn 2006 troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.
Beskriuwing fan de mûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Konstruksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Victor is in achtkante mûne mei in mitsele ûnderkant. De romp en de kap binne bedutsen mei reid. It kruiwurk bestiet út sechstsjin metalen rollen fest op de kruiring. It kruiwurk wurket troch in lier. De as is fan getten izer en is makke yn 1911 troch H.J. Koning, Foxham. De roeden binne Buurmaroeden nûmers 71 en 72 mei in flecht fan 19.60 meter. Der is in Flaamske fang mei in fangstôk en hinget yn in tomme.
De Fiktor hat in opmerklik kruierij: de kape fan de mûne stiet op sechstjin izeren rôlen. It neidiel fan dizze konstruksje is, dat it gewicht fan de mûne dêrtroch permanint op de tappen fan dy rôlen rêstet en net op de massa derfan. Om dy reden wurdt dit type kruiwurk dan ek net faak brûkt.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne twa souders. Op de boppeste souder is in asrêd mei 55 kammen en it bonkelrêd mei 28 kammen. Under is it spilrêd mei 42 kammen en it skroefrêd mei 39 kammen. De skroef is fan hout en sit yn in betonnen bak. De oerbringing fan de roeden op de fizel is 1: 2,12. De fizel smiet 894 liter wetter út by eltse draaiïng fan it roedekrús. Yn de mûne stiet ek noch in diselmotor, merk Lister, in twa silinder mei in fermogen fan 22 hynstekrêften. Op it mûnehiem is in mûnehokje mei skoarstien.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- FB-side fan De Victor'
- Molendatabank - 'Wanswerd, Victor'
- De Hollandsche Molen - 'Victor yn Wânswert (Wanswerd)'
- Webside fan it 'Gild Fryske Mounders'
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|