Fizel

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Houten molefizel
Fizelgemaal de Leyens yn Zoetermeer

De fizel is in fariant fan de skroef fan Archimedes en skroeft it wetter fan leech nei heech. De fizel hat 2 of 3 skroefgongen. In troch betimmering omsluten fizel wurdt tonmûne neamd. De tonmûne hat in beheine opfierhichte, omdat by it pompen de hiele tonne fol wetter komt te stean en sa by in gruttere lingte it gewicht fan it wetter te grut wurdt.
In tsjasker hat sa'n tonmûne.

Sûnt 1630 wurde poldermûnen mei in fizel tapast by djippere bemeallings (djipper as 1,50 meter). Oant dy tiid waarden skeprêden brûkt en wienen molegongen needsaaklik om it wetter heger op te fieren as de maksimale opfierhichte fan in skeprêd. Fizels waarden yn it earstoan fan hout makke (sjoch boppeste foto); sûnt 1900 wurde se ek fan stiel makke. In stielen fizel kin it wetter 4 oant 5 m opfiere. By gruttere opfierhichten rint it rendemint werom. In houten fizel sakket maklik troch en hat mear lekferliezen, wêrtroch't de opfierhichte lytser is. By in fizel wurdt it wetter drûgen troch de fizelkom.

De oerbringingsferhâlding fan fizelmoles is meastal 1:2 (1 toer fan it wjukkekrús jout 2 toeren fan de fizel).

De fizellingte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opfierhichte fan it wetter hinget ôf fan de lingte fan de fizel en de hellingsheke. By in 9 meter lange fizel en in hellingshoeke fan 30 graden is de opfierhichte 4,5 meter en bij 3 meter lange fizel is er 1,5 meter.

Wetterbeweging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hoemannichte opfierd wetter hinget ûnder mear ôf fan de hellingshoeke fan de fizel, it plak fan it folpunt, de diameter fan de fizel, it tal skroefgongen, de gong, de tsjokkens fan de skoep, de diameter fan de fizelbalke en it lekferlies. Sa jildt foar in trijegongige houten fizel mei hellingshoeke fan 30 graden en in lekferlies fan 10% de folgjende formule:

dêr't:

  • K = de hoemannichte opfierd wetter yn m³ de minút
  • n = it tal toeren fan de fizel de minút
  • D = diameter yn meters
  • d = balkdiameter yn meters
  • S = gong yn meters
  • s = skoeptsjokkens yn meters