Springe nei ynhâld

De Tille (boekhannel)

Ut Wikipedy
De Tille
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
typeprivaat
sektorboekhannel
antikwariaat
útjouwerij
fêstige ynLjouwert (Fryslân)
oprjochte1948
oprjochterSipke Dykstra
fuortk. útFryske Boekhandel
opgien ynSelexyz, dêrnei Polare
offisjele webside
net mear fan tapassing

De Tille wie in boekhannel yn Ljouwert, dy't lang rûnom as dé boekhannel fan Fryslân beskôge waard.[1] Dizze winkel waard yn 1948 oprjochte en wie fan 1978 ôf fêstige oan it Ruterskertier.[1] Ferkearde beslissings en ynskattingsflaters fan it lettere management op it mêd fan bedriuwsbelied laten úteinlik nei mear as sechstich jier, yn 'e mande mei de algemiene ûntlêzing, ta it opdoeken fan 'e boekhannel.[1]

De foarskiednis fan De Tille begûn fuort nei de Twadde Wrâldoarloch. Skipperssoan Sipke Dykstra (1913-2002) naam doe ûntslach as notarisklerk om't er utering jaan woe oan syn leafde foar it Frysktalige boek troch in eigen boekhannel te begjinnen dy't him spesifyk talei op dat mêd.[1] Hy wie net folslein nij yn it boekferkeapersfak, mei't er al fan 1936 ôf belutsen wie by de ferkeap fan Fryske literatuer troch it Kristlik Frysk Selskip (KFS).[2] Nei't er syn Fryske Boekhannel oprjochte hie, dy't fêstige wie oan 'e Prins Hindrikstrjitte yn Ljouwert, ûntdiek er lykwols al rillegau dat er fan allinnich de ferkeap fan Frysktalige boeken net bestean koe. Sadwaande besleat Dykstra in algemiene boekhannel te begjinnen mei dêrby yn in antikwariaat. Dat waard De Tille, dy't yn 1948 syn doarren iepene oan 'e Wurdumerdyk[1][2] (nû. 28 en sûnt 1968 op nû. 24). De namme fan 'e boekhannel, dy't ferwiist nei in soarte fan brêge, ûntliende Dykstra it Frânske wurd le pont, yn 'e betsjutting fan 'e skeakel tusken de boekhannelbrâns en de lêzer,[2] sa't de term ek brûkt waard yn 'e namme fan 'e ferneamde Paryske boekhannel Le Pont.

Ek yn dizze nije saak lei Dykstra lykwols de klam op Fryske literatuer. Hy wie dêr sa oan ferslingere, dat der fan 1968[2] oant yn 'e 1980-er jierren ek in lytse útjouwerij oan De Tille ferbûn wie, dêr't yn totaal likernôch 150 titels ferskynden.[1] Soan Thys kaam nei in boekannelsoplieding yn De Haach by boekhannel Hoonhoud, en letter yn Grins by Scholtens en Zoon yn 1973 ek yn 'e saak en assistearre syn heit Sipke ynearsten yn 'e útjouwerij.[boarne nedich] Foarbylden fan útjeften fan De Tille wiene de samle fersen fan Fedde Schurer, Obe Postma en Piter Jelles Troelstra[1] en klassikers as De Sûnde fan Haitze Holwerda fan Ulbe van Houten,[2] mar ek de trijedielige ornitologyske bestsellerrige Vogels in Friesland,[1] it Hindelooper Schilderboek[2] en, yn 'e mande mei it Frysk Deiblêd, it Elfstedenlogboek oer de Alvestêdetocht fan 1986, dêr't tsientûzenen eksimplaren fan ferkocht waarden.[2]

Yn 1978 ferfear De Tille nei it Ruterskertier nû.173, hoewol't de winkel dêr yn 'e folksmûle oan it Saailân fêstige wie, fuort njonken de 'efterkant' fan V&D.[1] Dêr kaam de boekhannel yn in rom pân dat hierd waard fan 'e Doopsgesinde Tsjerke fan Ljouwert. Jierrenlang wie dêr behalven de boekhannel, dy't yn 1983 oernommen wie troch Dykstra syn soan Thys,[2] ek in eksposysjeromte foar Fryske keunstners.[1] De boekhannel hie in protte súkses mei boekpresintaasjes fan wurk fan skriuwers as Jan Wolkers, Geert Mak en Connie Palmen.[2] It antikwariaat, dêr't Dykstra syn oare soan Gerben Dykstra de skepter swaaide, wie ûnderwilens yn 1958[2] ferhuze nei in pân oan 'e Weard, nû 11.[1] Dit bedriuw soe bestean bliuwe oant it yn 2009 syn doarren sleat.[2]

Yn 'e 1980-er jierren wurke bibliofyl Michaël Zeeman (1958-2009) parttime by de De Tille. Hy brûkte de winkel, nei't it skynt mei goedkarring fan Dykstra, as in soarte fan bibleteek, mar in ymposante hoemannichte 'liende' boeken brocht er nea werom. Oer syn samling sei ien út it boekefak letter: "Zeeman hat in boekesamling dy't, tinkt my, ta de grutste en moaiste partikuliere samlings fan Nederlân heart. Jo ferwachtje soks by in rike samler op jierren. Net by ien yn 'e tritich dy't parttime yn in winkel wurke hat en freelance stikjes skriuwt."[boarne nedich] Ien en oar late úteinlik ta Zeeman syn ûntslach, en De Tille die oanjefte fan fertsjustering yn tsjinstbetrekking. It kaam ta in rjochtsaak dy't yn 1986 begûn en yn 1993 sûnder feroardieling skikt waard.[1] Ton van Dijk publisearre oer dizze kwestje yn 1995 yn it tydskrift Esquire in wiidweidich artikel mei de titel: "De Wondere Wegen van een Boekenwurm",[boarne nedich] dat letter werpublisearre waard yn 'e by Nijgh & Van Ditmar ferskynde bondel Hier gebeurt nooit iets.[1] Yn 2018 sei Thys Dykstra dêroer yn 'e Ljouwerter Krante dat dat wat him oanbelange it lêste wurd oer de saak west hie, mar nettsjinsteande dat efterfolge it him noch jierren, om't "Zeeman mar net ophold him te manifestearjen."[1]

Nei dy affêre kaam De Tille wer ta bloei. Nei it ûntslach fan Zeeman gie de winkeldieverij werom nei normale sifers en waard der wer winst makke. De Tille profitearre dêrnei ek gâns fan de útwreiding fan it heger beropsûnderwiis en wie haadleveransier fan de hbû-skoallen yn [Ljouwert en in protte oare grutte skoallen yn Fryslân.[boarne nedich]

Thys Dykstra, dy't gjin opfolgers hie, ferkocht De Tille yn 1999 oan Van Dijk Educatie yn Kampen, dy't de ferkeap fan skoalboeken yn Ljouwert behold en de rest fan 'e boekhannel trochferkocht oan Boekhannels Groep Nederlân (BGN), earder bekend as de Kluwers Boekhandels.[1][2] Fan dat punt ôf rekke De Tille yn 'e nederklits, mei't de boekhannel sûnder de skoalboekeferkeap eins mar kwealk bestean koe. Yn 2001 ferliet Dykstra it boekefak.[boarne nedich] Yn 2016 feroare de BGN syn namme yn Selexyz; De Tille waard doe Selexyz De Tille. De boekhannelkeatling rekke lykwols yn swierwaar fanwegen in management buy-out dy't as gefolch hie dat úteinlik de fêste lêsten net mear opbrocht wurde koene, mei om't de winkels yn fiersten te grutte gebouwen sieten.[boarne nedich] Boppedat wie it bedriuw net op 'e tiid meigien yn 'e ferkeap fan boeken oer it ynternet, wat resultearre yn it ferlies fan in protte klandyzje oan benammen Bol.com).[1]

Doe't de merk foar boeken troch de algemiene ûntlêzing yn 'e folgjende jierren ek noch sterk kromp, moast Selexyz ein maart 2012 útstel fan betelling oanfreegje. Uteinlik gie it bedriuw mids 2012 oer de kop.[3] Op it alderlêst waarden de boekhannels fan Selexyz oernommen troch De Slegte,[3] in keatling fan antikwariaten, dy't ek yn Ljouwert in fêstiging hie, oan 'e stille kant fan 'e Nijstêd. De Tille makke doe in trochstart as 'De Tille/De Slegte', en it antikwariaat fan De Slegte loek yn it gebou oan it Ruterskertier by de boekhannel yn. Op 27 juny 2013 waard foar De Slegte en de dêrtroch oernommen boekhannels de nije namme Polare yntrodusearre. De Slegte hie lykwols tefolle hea op 'e foarke nommen, en kaam troch de oername sels yn 'e swierrichheden. Begjin jannewaris 2014 moast ek Polare útstel fan 'e betelling oanfreegje en op 28 jannewaris giene alle winkels fan 'e keatling ticht.[4] Dat wie de definitive ein foar De Tille, wêrfan't de bedriuwsnamme, ynboel en foarrieden oankocht waarden troch konkurrint Boekhannel Van der Velde. De Tille gie folslein yn Van der Velde op en it winkelpân op it Ruterskertier waard sletten. [5] Yn it pân kaam neitiid sportsaak Bever te sitten.

Neitiid waard it argyf fan 'e boekhannel, it antikwariaat en de útjouwerij (de Dykstra's hiene sûnt de Twadde Wrâldoarloch neat weismiten) oerdroegen oan Tresoar.[1][2] Dêr wie argivaris Barteld de Vries trije jier dwaande mei it meitsjen fan in wiidweidige ynhâldsopjefte fan 'e 21 m argyfstikken fan boekhannel en útjouwerij en nochris 3 m fan it antikwariaat.[1] Ek de persoanlike korrespondinsje fan Sipke Dykstra mei persoanen út de Fryske literêre wrâld (lykas Eeltsje Boates Folkertsma en Berend Joukes Fridsma) siet dêrby yn, sadat it argyf in ynkyk jout yn 'e wrâld fan 'e Fryske literatuer fan nei de Twadde Wrâldoarloch.[1] Op freed 19 jannewaris 2018 fûn der by Tresoar in iepenbiere plechtichheid plak dêr't by fierd waard dat de ynventarisaasje ôf en it argyf frij tagonklik wie, útsein de prosesstikken fan 'e saak-Zeeman, dy't fanwegen regels op it mêd fan iepenbierheid oant 2042 inkeld foar wittenskiplik ûndersyk tagonklik binne.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 Walthaus, Asing, Boekhandel met een Friese Missie, yn: de Ljouwerter Krante, 19 jannewaris 2018, s. 23..
  2. 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 ——, Archiefinventaris boekhandel, uitgeverij en antiquariaat De Tille, yn: Van Wad tot Stad, 30 jannewaris 2018, s. 13..
  3. 1 2 Zantingh, Pieter, Moederbedrijf Selexyz failliet, maar boekhandels gered, yn: NRC Handelsblad, 27 maart 2012..
  4. ——, Polare officieel failliet verklaard, op: Nu.nl, 24 febrewaris 2014.
  5. ——, Voormalige boekhandel De Tille heet nu ook Van der Velde, yn: Huis-aan-Huis Leeuwarden, 20 maart 2014.