Antikwariaat

Ut Wikipedy
In antikwariaat yn Frankfurt.

In antikwariaat is in boekhannel dy't him spesjalisearre hat yn 'e ferkeap fan âlde (twaddehâns) boeken, ansichtkaarten en printen. De eigner wurdt in antikwaar neamd, net te betiizjen mei in antikêr, dy't him taleit op kennis fan en mooglik hannel yn antyk.

Op it mêd fan antikwariaten wurdt gauris in ûnderskie makke tusken saken dy't útferkochte, faak âlde en kostbere, mar ek wol nije, bibliofile boeken ferkeapje, en moderne antikwariaten, dy't twaddehâns boeken ferkeapje dy't faak ek noch wol nij leverber binne. Sokke moderne antikwariaten beskikken gauris oer in ramsjôfdieling, mei folslein nije, mar ôfprize boeken. Njonken antikwariaten foar 'gewoane' boeken binne der ek guon dy't har spesjalisearre hawwe as stripantikwariaat en inkeld stripboeken ferkeapje.

Fierders besteane der ek antikwaren dy't inkeld in ferstjoerantikwariaat beheare, en dy't harren klanten foarhinne fûnen troch it ferstjoeren fan katalogussen en tsjintwurdich yn tanimmende mjitte fia in eigen webside op it ynternet. By dizze wurkwize bestiet der dus gjin eigentlike winkel, mar wurde de klant de boeken op bestelling tastjoerd. De measte antikwariaten dy't wol oer in winkel beskikke, hawwe hjoed de dei trouwens ek faak in webside dêr't bestellings op pleatst wurde kinne. Tsjintwurdich binne der ek spesjalisearre ynternetwebsiden dy't besteane om foar in grut ferskaat oan selsstannige beropsantikwariaten boeken te ferkeapjen, lykas Boekwinkeltjes.nl, AddAll en Eurobuch.

Der bestiet in Nederlânske fakferiening foar antikwariaten, de Nederlandsche Vereeniging van Antiquaren (NVVA). Dy ferlient beskerming oan 'e keaper troch malafide ûndernimmings te bestriden, sadat men wis wêze kin fan itjinge dat men keapet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: