Oerlis:Antikwariaat

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk: Mei ik dan oannimme dat jo ek akarium, akarel en akadukt sizze? Drewes (oerlis) 19 sep 2019, 18.51 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: No, dat meie jo oannimme, Drewes, mar dan binne jo mis. Ik tocht justerjûn fan, it sil wol wer sa'n nuvere opstiging west hawwe fan 'e Fryske Akademy, dy't mient dat alle q's yn it Nederlânsk as 'kw' útsprutsen wurde. Mar it siet my al wat dwars, dat ik haw hjoed oerdei ris in stik as fjouwer ferskillende Nederlânske wurdboeken ynsjoen, op papier en online, en jo hawwe gelyk: it stiet oeral mei de útspraak 'kw'. Hiel nuver. Ik haw altyd noch 'antikariaat' sein. En ik brûkte it wurd foarhinne ek noch wol faak, want ik wie op in gegeven momint suver bern oan hûs by de De Slegte doe't dy noch oan 'e Nijstêd yn Ljouwert siet. Ik haw ek nea bewust heard dat oaren 'antikwariaat' seinen, ek yn it Nederlânsk net. Dat ik freegje my no ôf oft der mear lykas ik binne, dy't de w-klank yn dit wurd net útsprekke, of dat ik it altyd ferkeard ferstien haw. Yn elts gefal wie ik sa wis fan 'e útspraak fan it Nederlânske wurd en dus fan 'e skriuwwize fan 'e ferfryske foarm, dat it noait iens by my opkommen is om yn in wurdboek te sjen doe't ik dizze side oanmakke. Tsja... No ja, yn elts gefal betanke dat jo myn flater opmurken en derút helle hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 sep 2019, 21.37 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Wie it net Obelix dy't sei: types bizarres, ces Prairiecornières?