Prins Hindrikstrjitte (Ljouwert)

Ut Wikipedy
De Prins Hindrikstrjitte yn 2018, sjoen fan 'e Prins Hindrikbrêge ôf yn noardlike rjochting.

De Prins Hindrikstrjitte (Nederlânsk en offisjeel: Prins Hendrikstraat) is in koarte strjitte yn it sintrum fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Dizze strjitte is net, sa't faak tocht wurdt, ferneamd is nei prins Hindrik fan Meklenburch-Schwerin, de man fan keninginne Wilhelmina, mar nei prins Hindrik de Seefarder (1820-1879), de jongere broer fan kening Willem III.[1] De súdlike ein fan dizze strjitte leit by de nei deselde ferneamde Prins Hindrikbrêge oer de Suderstedsgrêft, dêr't er yn ferlingde leit fan 'e Sofialeane, dy't fan 'e súdkant fan 'e brêge nei it treinstasjon rint.

De Prins Hindrikstrjitte yn 'e iere 20e iuw.

Fan 'e brêge ôf rint de Prins Hindrikstrjitte suver rjocht nei it noarden, en wurdt dêrby earst krúst troch de Willemskade (noardkant) en dêrnei troch it Saailân (de strjitte, net it plein). Dêrnei rint de Prins Hindrikstrjitte tusken it Paleis fan Justysje, oan 'e westkant, en it Wilhelminaplein, oan 'e eastkant, troch. Dat plein stiet yn 'e folksmûle bekend as it Saailân. Oan 'e noardkant dêrfan komt de Prins Hindrikstrjitte út op it Ruterskertier, dat yn east-westrjochting rint. De Doelesteech, dy't dêrwei fierder nei it noarden rint en tagong jout ta de Nijstêd, leit yn it ferlingde fan 'e Prins Hindrikstrjitte.

Foarhinne foarme de rûte Ruterskertier-Prins Hindrikstrjitte ien fan 'e wichtichste ferkearsieren troch de Ljouwerter binnenstêd fan 'e Frouwepoartsbrêge nei it treinstasjon. Dêr kaam lykwols yn 2010 in ein oan, doe't de Gemeente Ljouwert it Ruterskertier ôfsleat foar motorisearre ferkear, mei útsûndering fan 'e bussen fan it iepenbier ferfier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haije, Miriam, en Elting, Willem, Vooral straten in steden vernoemd naar Oranjes, yn: de Ljouwerter Krante, 24 april 2018, s. 21.