Skroef fan Archimedes

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Animaasje fan de skroef fan Archimedes
Skroef fan Archimedes

De skroef fan Archimedes, ek wol wetterskroef, opfierskroef of Egyptyske skroef, is in fizelpomp yn in mûne dêr't wetter, poeier en nôtkerrels by ferfierd wurdt. Yn in buis is in spiraalfoarmige skroef mei lagers ophongen dy't troch syn draaiende beweging it te ferfieren guod, almeast omheech, opdriuwt.

Foar it pompen fan it wetter hat de skroef in bysûndere foarm, sa't it wetter yn in rûne omgong fan de skroef net werom nei ûnderen rinne kin. Dy foarm, mank mei de skeane stân fan de skroef, soarget dêrfoar dat it wetter bytsje by bytsje omheech ferfierd wurdt. Troch it gewicht fan it wetter yn de buis moat de mûne net te lang wêze. Dêrtroch hat de skroef in lytse opfierhichte, yn tsjinstelling ta in fizel. In fizel hat gjin buis, mar allinnich oan de ûnderkant in rûne opfergong.

Op de tekening hjirnjonken is in tonmûne te sjen, dy't hânmjittich betsjinne wurdt. By in tsjasker is op it plak fan de slinger in wjukkekrús oanbrocht.

Gruttere poldermûnen en in soad poldergemalen hawwe as wetteropfierreauwen in gruttere skroef fan Archimedes, in fizel dêr't allinnich in spiraalfoarmige skroef rûndraait yn in healrûne kûpe, de fizelkom.

Hoewol't Archimedes as de útfiner sjoen waard, waard it systeem al folle earder brûkt yn it Alde Egypte.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjasker Sânpoel yn de Sânpoel.

De wetterskroef is de âldste bekende ferfierpomp. De earste boarnen dêrfan komme fan foar de tredde iuw f.Kr. út it Hellenistyske Egypte. De Egyptyske skroef, dy't brûkt waard om wetter út de rivier de Nyl te pompen, bestie út buizen dy't om in silinder hinne draaid wiene. In letter ûntwerp yn Egypte hie in skroeffoarmige groef dy't oan de bûtenkant fan in houten silinderblok útsnien wie, dêr't de silinder sels by bedutsen waard mei in houten of metalen plaat op it oerflak tusken de groeven.

Guon ûndersikers hawwe foarsteld dat de skroef it meganisme wie dy't de Hingjende tunen fan Babylon, ien fan de Sân Wrâldswûnders, bewettere. In ynskripsje yn spikerskrift fan kening Sanherib fan Assyrje (704-681 f.Kr.) waard troch Stephanie Dalley ferdútst as in beskriuwing fan wetterskroeven 350 jier earder. Dy komt oerien mei de beskriuwing fan Strabo , dy't neamde dat de Hingjende Tunen mei skroeven bewettere waarden.

De wetterskroef waard letter fan Egypte nei Grikelân brocht. Dat waard troch Archimedes beskreaun by in besite oan Egypte omtrint 234 f.Kr.. Dat wol dus sizze dat de Griken it meganisme net earder kenden. Archimedes hat nea útholden dat hy it wie dy't it meganisme útfûn hie, mar Diodoarus hat him 200 jier letter dy eare taskreaun, om't er leaude dat Archimedes de wetterskroef yn Egypte ûntwurpen hie.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Notes en Resources op dizze side.