Springe nei ynhâld

Doris Mooltsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dorismooltsje)
Doris Mooltsje
mûne / mole
lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Aldegea (Súdwest-Fryslân)
adres Brekkenpaad 1a
koördinaten 52° 59' NB, 5° 32' EL
bysûnderheden
type mûne spinnekopmole
funksje poldermole
flecht 15,50 m
boujier 1998
Webside
dorismooltsje.nl
Kaart
Doris Mooltsje (Fryslân)
Doris Mooltsje

It Doris Mooltsje is in wynmole yn Aldegea yn gemeente Súdwest-Fryslân út 1997. It is in spinnekopmole mei in achtkante ûndertoer. De funksje is poldermole. De mole stiet de Aldegeaster Brekken besuden it spoar Ljouwert - Starum.

De mole waard oarspronklik oan 'e ein fan 'e 18e iuw boud om polder 34 te bemeallen. De mole waard letter ferneamd nei Doris Hoekstra, dy't op 'e pleats by de mole buorke.

Yn 'e jierren 1930 waard de mole foar in grut part ôfbrutsen en it binnenwurk ferfongen troch in gemaal, dat fan in diselmotor oandreaun waard en letter troch in elektromotor. Allinne de ûnderbou fan 'e mole bleau foar in diel stean, dy't fan sinken platen oerdutsen wie. Mei't it gemaal yn 'e jierren 1990 syn fuksje ferlear soe ek it lêste restant fan 'e spinnekop hast ferdwine.

Op inisjatyf fan Simon Jellema fan 'e Rôt yn Drylts waard doe de Stifting Doris Mooltsje oprjochte. De stifting krige stipe fan de gemeente, de ruilferkavelingskommisje en it wetterskip, mar de provinsje sette it yn 'e kant en wegere om de mûne op de monumintlist te setten, ek nei in letter berop. Troch it krewearjen fan mûnemakkers en frijwilligers waard der yn 1995 dochs mei in weropbou fan 'e mole útein set, dy't yn 1998 folgtôge waard.

De mole is yn 2003 lang om let dochs op 'e list fan ryksmonuminten set. Eigener is de Stifting Doris Mooltsje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dorismooltsje fan Wikimedia Commons.