Springe nei ynhâld

De Lemmer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lemmer)
De Lemmer
Koartestreek mei Tsjerke oan it Dok
Koartestreek mei Tsjerke oan it Dok
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 10.370 (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak 22,58 km², wêrfan:
lân: 19,22 km²
wetter: 3,36 km²
Befolkingsticht. 540 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren A6 N359
Postkoade 8530-8532
Netnûmer 0514
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 50' N 5° 42' E
Offisjele webside
Nijs fan De Lemmer
Kaart
De Lemmer (Fryslân)
De Lemmer

De Lemmer is in plak (flekke) yn de gemeente De Fryske Marren en wie it haadplak fan de eardere gemeente Lemsterlân. It is ien fan de drokste wettersportplakken fan Fryslân. De flekke hat 10.370 ynwenners (1 jannewaris 2023). De Lemmer hat in sintrumfunksje foar Súdwest-Fryslân en it noardlik part fan Flevolân. Westlik fan de Lemmer begjint it Prinses Margrietkanaal.

Op Teakesyl, goed oardel kilometer westlik fan De Lemmer, stiet it wrâlderfgoed Woudagemaal. Oan de Plattedyk leit dêr ek in joadsk tsjerkhôf.

Plattegrûn fan De Lemmer

De earste Lemsters fêstigen har op it plak dêr't de Rien en de Sylroede byinoar komme. Wannear't se dat krekt diene is net bekend. De Lemmer wurdt oan it begjin fan de 14e iuw neamd, mar earder al, yn 1228, komt de namme "Lenna" foar yn stikken fan de biskop fan Utert. Nei alle gedachten kin der in link lein wurde nei de namme "Lammerbroeke", dy't yn 1165 foarkomt as in eardere foarm fan "Lemsterhoeke". Dat wie in lytse festing westlik fan De Lemmer, dy't om 1400 hinne troch de Hollanners ferwoaste waard. De festing is net op 'e nij boud, mar it plak en de namme binne noch altyd yn swang, benammen by skippers en fiskers.

Stadichoan waard it plakje oan de Sudersee grutter. Troch de lizzing wie it in daalders plakje foar keaplju en ambachtslju.

De Lemmer wie troch syn lizzing lykwols ek kwetsber. It hat ferskate kearen ûnder de ynfloed fan Hollân stien. Dat barde ûnder oaren yn 1107 doe't greve Willem I fan Hollân yn Eastersee in boarch bouwe liet yn ferbân mei de striid tsjin de hear fan De Kuunder. Op De Lemmer stie letter ek in kastiel. Dat waard yn 1422 boud troch Jan fan Beieren, dy't troch de Skieringers as beskermhear nei Fryslân helle wie. Hy waard ek wol "Jan sûnder Genede" neamd en hy sil op De Lemmer moai wis gjin populêr man west hawwe.

Ek Karel fan Egmond, hartoch fan Gelre bemuoide him mei Fryslân. Hy liet yn 1521 op De Lemmer in blokhûs sette dat er twa jier letter oan de Boergonjers ferlear. Hoe't it kastiel, de boarch en it blokhûs der útsjoen hawwe is net bekend.

De Lemmer hat ek noch ûnder Spaanske ynfloed stien. Yn de Tachtichjierrige Oarloch, om krekt te wêzen yn 1581, oermasteren dy tagelyk mei Sleat it doarp.

Krap 100 jier letter yn 1672 besocht ek Bernhard von Galen, biskop fan Münster De Lemmer ûnder syn bewâld te krijen, mar dy misje mislearre.

Ald riedshûs oan de Dimpte Grêft

Yn 1799 falle de Ingelsken del op De Lemmer. Der wie oarloch tusken Ingelân en Frankryk en de Republyk bleau net bûten skot. Ingelske oarlochskippen farden de Sudersee op: Inkhuzen, Medemblik en Starum waarden troch harren beset. Koart dêrnei kamen se op De Lemmer oan. It Lemster beurtskip, wêrmei't de ûndernimmende Poppe Jans al mannich tocht nei Amsterdam makke hie, waard by Urk oermastere. De opfarrenden waarden nei Starum brocht. Op 24 septimber ferskynden twa Ingelske oarlochskippen foar de haven fan De Lemmer. Kaptein James Boorder gie ûnder dekking fan in wite flagge yn in sloep oan wâl om mei de bestjoerder te ûnderhanneljen. In fûle stoarm needsake him om oan wâl te oernachtsjen. Trije dagen letter kaam er werom en easke De Lemmer op foar de Ingelsken, alle laden skippen ynbegrepen. By wegering soe De Lemmer oan grús sketten wurde. De bestjoerders wiisden it lykwols ôf. Se hiene betrouwen yn de 500 swier wapene Bilkers dy't op De Lemmer delstrutsen wiene. Der wie lykwols gjin hâlden oan. Oardel oere nei't de Ingelsken begûn wiene mei it besjitten fan De Lemmer, waard de flagge op 'e tsjerketoer setten as teken fan oerjefte.

Flevostrjitte

De krante Lemsternijs fersoarget it nijs fan De Lemmer en omkriten

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2014 2021
Ynwenners 4.608 4.704 5.001 6.041 6.791 10.110 10.375
Polderdyk
Sint-Willibrordustsjerke
  • Nederlânsk herfoarme koar Cantemus Dominum
  • Muzyk- en sjongferiening Excelsio
  • Lemster Manljuskoar
  • Tsjerke oan it Dok (PKN)
  • Sint-Willibrordustsjerke (Roomsk)
  • Eben-Haëzer (protestantske gemeente op grifformearde grûnslach)
  • Nij-Apostolyske tsjerke
  • Baptistegemeente
  • Apostolysk Genoatskip
  • Grifformearde tsjerke (yn it ramt fan de foarming fan de PKN-gemeente yn 2019 bûten gebrûk steld).
Lemsterslûs
Woudagemaal
  • Alle jierren wurdt de Lemsterwike holden, dit is in wike mei eveneminten wêr't sa'n 85.000 minsken yn 't jier op ôf komme.
  • Alle jierren yn augustus wurdt sûnt 2010 op it strân fan De Lemmer it muzykfestival Glemmer Beach holden.
  • It Yr. D.F. Woudagemaal ynformearret oer de krêft fan wetter en steam en de wurking fan it gemaal. It Woudagemaal is yn 1998 troch UNESCO útroppen ta wrâlderfgoed.
  • Eartiids siet Aldheidkeamer Lemster Fiifgea oan de Dimpte grêft ûnder it âlde gemeentehûs, no sit it oan de Nijbuorren. It jout omtinken oan de eardere Sudersee, de feanterij en it museum hat in grutte kolleksje keunst-ierdewurk fan de eardere Lemster ierdewurkfabryk fan Cornelis Steenstra.
  • Oan de Kadyk is it Dûkmuseum.

Iepenbier Ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten op De Lemmer.

  • De Lemster aak (in tradisjonele platboaiem) komt fan De Lemmer. De Groene Draeck, it sylskip fan keninginne Beatrix, is in Lemster aak.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje