Springe nei ynhâld

Tsjerke oan it Dok

Ut Wikipedy
Tsjerke oan it Dok
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak De Lemmer
adres Tsjerkhôf 1
koördinaten 52° 50'N 5° 42'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Willibrord
Arsjitektuer
arsjitekt Auke Bouwes Disma
boujier 1716
monumintnûmer 52°50'41.4"N 5°42'39.4"E
Webside
Webstee gemeente
Kaart
Tsjerke oan it Dok (De Lemmer)
Tsjerke oan it Dok

De Tsjerke oan it Dok oan it Tsjerkhôf 1 is de eardere herfoarme tsjerke en tsjintwurdige tsjerke fan de PKN-gemeente op De Lemmer. Oant 2019 hie de PKN ek noch in tsjerke oan de Nijbuorren 36, de grifformearde tsjerke út 1889. De grifformearde tsjerke is yn 2019 bûten gebrûk steld en ferkocht.

De tsjerke is yn 1716 as fjirde tsjerke op it plak boud en ferfong doe in âldere gebou út 1516. Al yn de 13e iuw hat dêr in tsjerke stien. Troepen fan de biskop fan Utert stieken yn 1413 de nei alle gedachten doe noch houten tsjerke yn 'e brân. De Hollanners brochten yn 1516 op 'e nij geweld nei De Lemmer, mar nettsjinsteande de skea troch brân bleau it gebou stean oant yn 1540, doe't de tsjerke wer ôfbaarnde. Der folge weropbou fan de tsjerke, mar fanwegen brekfallichheid moast dy yn it begjin fan de 18e iuw ôfbrutsen wurde om plak te meitsjen foar de hjoeddeiske tsjerke.[1].

De nijbou fûn plak ûnder lieding fan boumaster Auke Bouwes Disma út Snits. De sealtsjerke mei in trijesidich koer waard yn 1759 nochris útwreide mei in dwersskip oan de noardlike kant. Krekt as it skip fan de tsjerke krige ek it dwersskip in trijesidige ôfsluting. De healwei ynboude toer hat in achtkante lantearne mei in koepeldak as ôfsluting. De konsistoarje oan de súdlike muorre is in 19e iuwske tafoeging.

Oargel

Yn 1955 is yn de muorre fan de toer boppe de tagong in brûnzen reliëf oanbrocht ta oantinken fan de slachtoffers yn de Twadde Wrâldkriich. Under de knibbeljende man dy't in do fleane lit steane de wurden 'Har dea us frijdom 1940-1945'.

De tsjerke is yn de jierren 1980 restaurearre.

De tsjerke hat in houten tonferwulft en yn it âldste diel fan de tsjerke is dat ferwulft as in himel beskildere mei wolken en fûgels. De stjerren, sinne en moanne binne fan blêdgoud. Yn 1984 waard by in restauraasje de beskildering ûntdutsen en foar it ljocht helle. Yn de tsjerke stiet in preekstoel fan Gerben Jelles Nauta mei tige ryk fykwurk fan bibelske foarstellings en kristlike symboalen. Ek de âlde flier kaam mei de restauraasje yn de jierren 1980 wêr tefoarskyn. De flier bestiet út sa'n fjirtich sarken. It ynterieur wurdt ferljochte troch trije 18e-iuwske kroanluchters.

De stuollen fan de tsjerke binne al twahûndert jier âld. De banken dêr foar oer binne 19e-iuwsk.

Yn de toer hinget in klok dy't yn 1949 troch Eysbouts út Asten getten waard. De klok ferfong in âlde klok út 1598, dy't yn de Twadde Wrâldkriich yn opdracht fan de besetter foardere is en net werom kaam. De klok draacht it opskrift: 'In dief stiel de klok út de âlde toer / yn har plak sil ik liede / doarp mar en greiden oer'. In oerwurk út 1643 waard yn 1983 ferfongen troch in karriljon mei 18 klokken.

It oargel stamt út 1842 en waard doe boud troch de Boalserter Dirk Sjoerd Ypma. Van Dam út Ljouwert ferboude yn 1863 mei behâld fan in soad materjaal fan Ypma's oargel it ynstrumint.[2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: