Springe nei ynhâld

Roelof Klein

Ut Wikipedy
Roelof Klein
sporter
Roelof Klein (rjochts) en François Brandt (1900)
Roelof Klein (rjochts) en François Brandt (1900)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
Amerikaansk
bertedatum 7 juny 1877
berteplak De Lemmer
stjerdatum 14 febrewaris 1960
stjerplak Montclair (New Jersey)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport roeien
ûnderdiel Twa mei stjoerman - Acht
O.S. Parys 1900
ekstra Earste Nederlânske winner op de Olympyske Spullen
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1900
1x brûns Olympyske Spullen 1900

Roelof Klein (De Lemmer, 7 juny 1877 - Montclair (New Jersey), 14 febrewaris 1960) wie in earder Frysk roeier.

Earste oerwinning

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy roeide by de Delftske feriening Laga. It hichtepunt fan syn karriêre wienen de Olympyske Simmerspullen 1900 yn Parys, doe't hy tegearre mei François Brandt earste waard yn de twa mei stjoerman. Se hienen earst in Nederlânske stjoerman, mar dy blykte wat te swier te wêzen, sadat in ûnbekend Frânsk jonkje yn de boat setten waard. Se einigen as earste yn in tiid fan 7:34.2 foar twa Frânske boaten. Omdat it in mingde Nederlânsk-Frânske equipe wie wurdt harren oerwinning troch it IOC net oanmerkt as in Nederlânske, mar Brandt en Klein binne wol de earste Nederlânske Olympysk kampioenen út de skiednis.

Roelof Klein makke ek diel út fan de acht dy't yn Parys it tredde plak helle. Hy en Brandt hienen nammers gjin idee dat sy oan Olympyske Spullen meidien hienen. Harren hiele libben binne se der fan útgien dat se yn Parys wrâldkampioen wurden wienen. Se krigen ek gjin medalje (dy waarden by de Spullen pas fjouwer jier letter ynfierd) mar in brûnzen byld mei it byskrift dat se in roeiwedstriid wûn hienen by de Wrâldtentoanstelling. It is no yn besit fan in pakesizzer fan Brandt dy't yn Austraalje wennet.

Klein gie te arbeidzjen by in bûtenlânsk ûnderdiel fan Shell, en emigrearre letter nei Amearika. Roelof Klein ferstoar op 14 febrewaris 1960, yn 'e âldens fan 82 jier.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: