Eastersee
Eastersee | ||
Sicht op Eastersee-Buorren mei rjochts de tsjerke fan Eastersee en lofts op eftergrûn de toer fan Spannenburch | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 910 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A6 N924 | |
Postkoade | 8536 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 52' NB, 5° 46' EL | |
Offisjele webside | ||
www.oosterzee.com/ | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Eastersee yn de eartiidske gemeente Lemsterlân |
Eastersee is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, oan de súdkant fan de Tsjûkemar. It doarp hat twa kearnen, Eastersee-Buorren en Eastersee-Giterskebrêge.
It hiele doarp hat 910 ynwenners (1 jannewaris 2023[2].
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Buorren is de âldste kearn fan it doarp; Giterskebrêge is it part wat hjoed-de-dei it meast mei de namme Eastersee oantsjut wurdt.
Oant 2014 lei Eastersee yn, earst de gritenij, en letter de gemeente Lemsterlân, doe't dy opgie yn de nije fúzjegemeente De Fryske Marren
Eastersee-Buorren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eastersee wie eartiids in wichtich doarp. Yn 1132 wurdt it neamd. Eastersee wie it eardere haadplak fan Easterseesterlân, ek wol Easterseeïngsterlân neamd, en letter, oant 1640, fan Lemsterlân. Eastersee wie ûnderdiel fan it Lemster Fiifgea.
De state ‘Eastersee’ stie oan de Feandyk tusken de brêge en de tsjerke en waard yn 1642 bewenne troch de grytman Freark fan Roorda.
De Beverkooy waard yn 1782 yn de Buorren boud en waard it rjochthûs fan Lemsterlân.
Eastersee-Giterskebrêge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de achttjinde iuw waard it súdlik lizzende feangebiet fan it Easterseeïngerlân ferfeane en yn kultuer brocht. De feanters kamen út de Kop fan Oerisel, en dan benammen út it plak Giteren wei. Op de krusing fan de dyk en de Giterske Feart, neamd nei de komôf fan de feanarbeiders, woeks de twadde wenkearn. Ynearsten wiene dy Gitersken werom te kennen oan harren dialekt, mar yn de rin fan de tid assimilearren se alhiel en dogge de famyljenammen lykas Ruiter, Wuite, Mast, Dam, Toering, Klaren, Krikke en Pijlman dêr noch oan weromtinken.
Op it oanmakke feangrûn kamen pleatsen en it lân waard brûkt foar benammen feehâlderij. Yn 1891 waard it suvelfabryk Lemsterland boud. Ek in konstruksjebedriuw kaam yn it doarp en sa bleau Giterskebrêge in karakteristike arbeidersdelsetting. De bebouwing bestiet benammen dan ek út ‘wenningwetwenningen’. Yn 1946 fêstigenen de bruorren De Haan yn Eastersee-Giterskebrêge en setten se útein mei in bedruw dy't lânboureauwen makke. Dat bedriuw woeks út ta in bedriuw fan krapoan 55 arbeidsplakken yn 1975. Yn 1976 kaam der in laboratoarium fan it Limnologysk Ynstitút. Troch dy bedriuwigens wie der nammers in soad wurkgelegenheid en wennen de measte ynwenners yn dat part fan Eastersee. Yn de 1960-er jierren waard in lytse nijbouwyk oan it doarp taheakke. Yn de 1990-er jierren rûn de "woltierigens" justjes tebek. It lânboureauwebedriuw waard in lyts metaalbedriuw, it molkfabryk en it limnologysk ynstitút ferdwûnen en it ynwennertal rûn tebek fan 1000 yn 1958 ta 800 yn 1999. It fabryk waard ôfbrutsen, mar allinnich de fabryksskoarstien bleau stean. Yn it laboratoarium kaam nei 1992 it "Watersportcentrum Tjeukemeer".
Yn 2006 waarden de earste huzen op it plak fan it eardere molkfabryk boud. It ynwenenrtal kaam dêrnei wer op 900. Yn 2008 waard in supermerk iepene. Oan de ein fan de Suvelwei, op it plak fan it âlde molkfabryk, waard in nije haven oanlein.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Eastersee).
De âlde tsjerke fan Eastersee waard om 1200 hinne boud en stie westlik fan de ryddyk. De nije tsjerke waard eastliker boud, noardlik fan de dyk en op in wat ferhege hôf. De yn 1860 boude neoklassisistyske sealtsjerke krige op de foargevel in fjouwerkante toer mei in iepen koepelbekroaning. De optoai is hielendal yn fyn mitselwurk mei waarmbrune bakstien ferwurke. De liedklok waard yn 1498 getten troch Gerardus van Wou en it toeroerwurk komt út 1602.
Fêstiging fan it Limnologysk Ynstitút
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1966 waard der yn de Tsjûkemar ûndersyk dien yn it ramt fan in ynternasjonaal ûndersyksprojekt, it International Biological Program. De ûndersikers holden ynearsten ta yn in wenark yn 'e haven fan Eastersee en yn in leechsteand skoalgebou yn Giterskebrêge. Yn 1976 krigen se in nij gebou oan de wâl fan de mar.
Yn 1991 waard de fêstiging opheft en ferhuzen de ûndersikers nei de haadfêstiging yn it Utertske Nieuwersluis, dy't yn 1992 meioare biloogyske ynstituten fan de KNAW fusearre ta it Nederlânsk Ynstitút foar Ekology. It ûndersyk yn Eastersee smiet wol hûnderten wittenskiplike publikaasjes op oer biogemysk en ekologysk ûndersyk yn de Tsjûkemar en ek yn oare Fryske marren.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Pleatslik Belang Eastersee komt op foar de belangen fan it doarp en fersoarget in soad aktiviteiten. Eastersimmer is in dei- en jûnfeest dy't yn july holden wurdt. De nijsbrief ferskynt op de side fan it doarp en op Facebook.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In tal doarpen yn de omkriten binne feriene yn de PKN-gemeente Ychtenbrêge-Eastersee. De eardere herfoarme tsjerke fan Eastersee waard yn 2012 ferkocht.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kristlike basisskoalle Eben Haëzer bestiet sûnt 1912. Der komme bern út Eastersee sels, mar ek út Follegea, Ychten, Bantegea en Munnikebuorren nei de skoalle dy't foarkar foar ûnderrjocht mei kristlik grûnwurk hawwe.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fuotbalferiening EBC is de fuotbalklup fan Eastersee en Bantegea.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1964 | 1973 | 2003 | 2008 | 2013 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 880 | 1060 | 954 | 961 | 810 | 900 | 918 | 905 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boekeleane, Buorren, De Ikkers, De Grieën, Giterskefeart, Grytman Roordastrjitte, Hearewei, Holsteinpaad, Landmanswei, Menso Poppiusstrjitte, Molewei, Slûspaad, Feandyk, Westein, Suvelwei.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Eastersee fan Wikimedia Commons. |