Molkfabryk Eastersee
It Molkfabryk yn Eastersee waard yn 1891 oprjochte yn Eastersee (Giterskebrêge) en hat mear as hûndert jier ûnder ferskate bedriuwsnammen wurke.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It molkfabryk waard yn 1891 oprjochte as Particuliere Stoomzuivelfabriek Lemsterland. It bedriuw begûn te draaien yn 1892. Yn 1903 waard it bedriuw omsetten yn de Coöperative Stoomzuivelfabriek Lemsterland. Mei dy namme soe it bedriuw langer as fyftich jier wurkje. Yn 1953 wie de Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Lemsterland ien fan de stifters fan de Coöperatieve Zuivelindustrie NOVAC (= Nieuw en Oud Voor Agrarische Concentratie). Fiif jier letter, yn 1958, waard de âlde koöperaasje formeel ûntbûn. Yn it fabryk fan Eastersee waard tsiis en bûter makke. Troch in fúzje fan acht koöperative ferienings waard it fabryk yn 1983 ûnderdiel fan de Coöperatieve Melkproductenbedrijven “Noord-Nederland” B.A. Yn 1990 wie der noch in fúzje en gie it fabryk op yn Friesland Frico Domo B.A.
Troch de merkomstannichheden moast it konsern de produsje fan molkprodukten werombringe. Yn 1992 waard besluten om it fabryk yn Eastersee te sluten. In staking fan it personiel hat dit beslút net keare kind. It fabryk waard dêrnei ferkocht oan de Dútser Hinzmann, dy't it gebou brûke woe foar syn elektrotechnysk bedriuw. Nei in oantal jierren waard besluten om it gebou plat te smiten. Ein 1999 waard begûn mei it weiheljen fan it asbest en yn 2000 waard de sloop fuortsetten. Dat nei hûndert jier wie it dien mei it gebou. Troch aksjes fan de lokale befolking en de belangstelling fan ûnder oaren de KPN koe de markante skoarstien behâlden bliuwe.
It hie noch gâns fuotten yn it gat eardat de sloop fan it kompleks dien wie; dêrnei hat it terrein noch in jier as wat braak lein. Mar dêr kamen de omwenjenden in pear kear yn ferset. Yn 2006 waard begûn mei nijbou op it eardere fabryksterrein; der waarden wenningen, in appartemintenkompleks en in supermerk boud. Ek waard de Giterske Feart ferlinge nei de Tsjûkemar. De âlde skoarstien bleau stean as taastber teken fan de skiednis fan it molkfabryk yn Eastersee. Telekombedriuwen brûke de skoarstien foar harren mobile netwurken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|