Freark fan Roarda (1615-1665)
Freark fan Roarda, ek Frederick van Roarda (1615 - Heech, 29 july 1665) wie in grytman fan Lemsterlân. Freark wie soan fan Poppe fan Roarda en Elisabeth Dircksdr fan Baerdt (1593-1638). Freark wie grytman fan Lemsterlân fan 1641-1665.
Op 2 desimber 1636 waard hy neamd as healbroer fan Tjaard fan Andringa (16 jier) en Poppe fan Andringa (15 jier) dy't foudij oanfreegje Yn 1632 waard Freark kommissaris-polityk by de synoade yn Harns en lid fan deputearren. Fan 1635 oant syn dea wie hy folmacht op de Lândei. Neidat er op 11 maart 1641 grytman fan Lemsterlân wurden wie, lei hy datselde jier syn eed ôf as 'dykgraaf fan it Reaklif oant Veenhuisen'. Hy waard kommitearre fan de Ried fan Steat foar Fryslân fan 6 juny 1647 oant 10 maaie 1649. Fan 1649-1650 wie er lid fan de Generaliteitsrekkenkeamer. Dêrnei waard er foar Sânwâlden en Lemsterlân lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân (1650-1653).
Yn 1653 waard Freark fan Roarda beneamd as kommitearre by de Admiraliteit fan Fryslân (1653 - 1656) foar Sânwâlden en fan de Admiraliteit yn Amsterdam (1660-1661) foar Sânwâlden en dêrnei foar it kertier fan de Fryske stêden oant 1664. Nei't er op 29 maart foar Sânwâlden en Lemsterlân beneamd wie as deputearre fan de Fryske Steaten, stoar er trije moannen letter op 29 july.
Bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Freark troude mei Anna Christina fan Harinxma (Emden, 18 july 1634 - Heech, 5 oktober 1662), in dochter fan Haring fan Harinxma thoe Heech en Geertruida fan Quadt. Se krigen twa bern:
- Elisabeth fan Roarda (Heech, ± 1652)
- Poppe fan Roarda (± 1655 - 25 septimber 1691)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|