Springe nei ynhâld

De Beverkooy

Ut Wikipedy
Foarkant fan de De Beverkooy, it eardere rjochthûs fan Lemsterlân yn Eastersee

De Beverkooy is it eardere rjochthûs fan de gritenij Lemsterlân oan de Buorren 19 yn Eastersee.

Efterside fan de De Beverkooy oan de Mûnewei

It monumintale pân De Beverkooy wie it rjochthûs fan de gritenij Lemsterlân. It gebou op de hoeke fan de Buorren en de Mûnewei waard boud yn 1782. It pân hat oan de foarside in bakstienen dakkapel mei in klokgevel, mei dekoraasjes dêr't it boujier yn ferwurke is. Foar it hûs steane seis stoeppeallen. De sniene tagongsdoar mei boppeljocht sit yn 'e midden. De foargevel hat, oan beide kanten fan de doar, oan elke kant twa fyftjinrúts finsters, de ferdjipping hat fiif fan sokke finsters. Dêrboppe in mânske kroanlist en in sealdak mei meardere hoekeskoarstiens. Oan de efterkant is it pân langer makke (Mûnewei 2). Yn de sydgevel sitte twa doarren, fjouwer seisrúts finsters en in lyts finster. Oan de efterside hat it pân, krektas oan de foarside, in dakkapel.

Beide dielen fan it pân De Beverkooy binne erkend as ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: