Springe nei ynhâld

Limnologysk Ynstitút

Ut Wikipedy

It Limnologysk Ynstitút wie in ûndersykssintrum yn Nieuwersluis fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW) yn Amsterdam. Tusken 1968 en 1991 wie yn Eastersee in dependâns fan de haadfestiging yn Nijerslûs. It ynstitút dêr bestie sûnt 1957, earstoan ûnder de namme Hydrobiologysk Ynstitút. Dy namme dekte de lading net hielendal, dat de mear ynternasjonale namme 'limnology' waard keazen. It Grykske limnè betsjut 'mar'.

Yn 1966 waard yn ’e Tsjûkemar ûndersyk dien yn it ramt fan in ynternasjonaal ûndersykprojekt, it International Biological Program. De limnologyske ûndersikers fûnen earst ûnderdak yn in wenarke yn it haventsje fan Eastersee-Giterskebrêge en yn in leechsteand skoalgebou efkes bûten it doarp. Yn 1976 kamen se yn in nij gebou oan ’e râne fan ’e mar. Yn 1991 waard de festiging opheft en ferhuzen de ûndersikers nei de haadfestiging yn Nieuwersluis, dy’t yn 1992 fusearre mei oare biologyske ynstituten fan de KNAW ta "Nederlands Instituut voor Oecologsch Onderzoek" (NIOO, no "Nederlands Instituut voor Ecologie, NIOO"). It NIOO stiet sûnt 2011 yn Wageningen.

It ûndersyk yn 'e Tsjûkemar tusken 1966 en 1991 levere hûnderten wittenskiplike publikaasjes op oer biogemysk en ekologysk ûndersyk yn ’e mar en oare Fryske marren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Thijs de Boer. De rol van het Limnologisch Instituut in de Oosterzeese gemeenschap (1966-1991). In: J. Boorsma-de Jong e.a. (red.) "Skiednis fan Eastersee. As in faas mei blommen". De werkgroep Geschiedenisboek Oosterzee, juni 2000. ISBN 90-9013932-X