Death Wish (film út 2018)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Death Wish
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Death Wish 2018 film logo.png
makkers
regisseur Eli Roth
produsint Roger Birnbaum
senario Joe Carnahan
basearre op Death Wish (film út 1974)
   fan Wendell Mayes
de roman fan Brian Garfield
kamerarezjy Rogier Stoffers
muzyk Ludwig Göransson
filmstudio Cave 76 Productions
Metro-Goldwyn-Mayer
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.)
Anapurna Pictures (ynternasj.)
spilers
haadrollen Bruce Willis
byrollen Vincent D'Onofrio
Elisabeth Shue
Camila Morrone
Dean Norris
Kimberly Elise
Beau Knapp
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 2 maart 2018
foarm langspylfilm
sjenre aksjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 107 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $49,6 miljoen
filmsearje
filmsearje Death Wish
● foarich diel Death Wish V: The Face of Death

Death Wish is in Amerikaanske aksjeskriller út 2018 ûnder rezjy fan Eli Roth, mei yn 'e haadrol Bruce Willis en yn 'e wichtichste byrollen Vincent D'Onofrio, Elisabeth Shue, Camile Morrone en Dean Norris. De titel betsjut "Deadswinsk". De film is in remake fan 'e ferneamde aksjeskriller Death Wish út 1974, mei Charles Bronson yn 'e haadrol. It ferhaal giet oer dokter Paul Kersey, in sjirurch yn Chicago, by waans hûs ynbrutsen wurdt as er net thús is. Syn frou wurdt troch de ynbrekkers fermoarde en syn dochter wurdt ek delsketten en rekket yn koma. As it ûndersyk fan 'e plysje him neitiid te lang duorret, giet Kersey sels op 'e siik nei de dieders, om foar eigen rjochter te spyljen. Death Wish krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, en wie in tige beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Paul Kersey is in polyklinysk sjirurch yn in sikehûs yn Chicago, dy't mei syn frou Lucy en dochter Jordan yn 'e foarstêd Evanston (Illinois) wennet. As it gesin mei Paul syn broer Frank út te iten giet yn in djoer restaurant, nimt de parkearhelp Miguel Javier mei syn mobile tillefoan in foto fan it adres fan 'e Kerseys op it navigaasjesysteem yn 'e auto, nei't er harren foar in beskate jûn takom wike in nij diner yn in restaurant ôfpraten heard hat. Miguel Javier spilet de gevens troch oan syn kriminele maten, dy't op dy jûn by de Kerseys ynbrekke. It itentsje is lykwols oergien om't Paul oproppen is foar tsjinst yn it sikehûs, dat de trije maskere ynbrekkers treffe Lucy en Jordan thús, en de ynbraak feroaret yn hûsfredebrek. De beide froulju wurde finzennommen en de ynbrekkers gizelje Jordan om Lucy te twingen de klûs iepen te meitjsen. As Jordan ien fan 'e mannen besiket del te stekken mei in mês en him yn it gesicht rekket, rint de boel folslein út 'e hân, en wurde sawol Jordan as Lucy delsketten.

By oankomst yn it sikehûs wurdt Lucy dea ferklearre, wylst Jordan in spoedoperaasje ûndergiet en yn koma rekket. Paul en syn opsternate broer Frank moetsje resjersjeurs Kevin Raines en Leonore Jackson, dy't it ûndersyk nei de saak liede. Neitiid bringt Paul Lucy te hôf by har famylje yn Teksas, dêr't Lucy har heit Ben, ta Paul syn feralteraasje, ûnderweis nei hûs fan it begraafplak in pear streupers op syn lân mei in gewear te liif giet. Nei't de streupers útnaaid binne, fertelt Ben oan Paul dat de plysje neat tsjin streuperij docht, sadat er twongen is om sels fanwegen te kommen.

Wer thús yn Evanston hat Paul te krijen mei sliepeleazens en gefoelens fan lulkens en frustraasje. Hy ferliest al rillegau it fertrouwen yn 'e trage fuortgong fan it plysje-ûndersyk, hoewol't Raines him derfan bewissiget dat er goede hope hat om meitiid de dieders te finen. As er op in jûn nei tsjuster ûnderweis nei hûs in pear manlju sjocht dy't in jonge frou lestich falle, grypt er yn, sadat de frou útnaaie kin. Dêrfoar betellet er lykwols sels de priis, mei't de mannen him yninoar slane en skoppe. Dy nachts, as er wekker foar de tillefyzje leit, sjocht er in reklamespotsje fan in pleatslike wapenwinkel. De oare deis giet er dêrhinne, om himsels oer it oankeapjen fan in fjoerwapen te ynformearjen. It winkelfanke, Bethany, fertelt him dat der in lange ferplichte wachtperioade is foar't er in gewear oanskaffe mei. Se riedt him ek oan om in wapenklûs te keapjen, mei't er net wol dat syn wapen stellen wurdt; kûgels dy't dermei ôfsketten wurde, sille streekrjocht weromliede nei him. Paul beslút der earst nochris oer nei te tinken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Inkele dagen letter wurdt der yn it sikehûs in delsketten bindelid binnenbrocht, by wa't in pistoal út 'e broeksbokse rûgelet as Paul him behannelet. Hy drukt it wapen efteroer en leart himsels op basis fan fideo's op YouTube oan hoe't er mei it pistoal omgean moat. Neitiid begjint er it wapen by him te dragen as er jûns op 'en paad moat. Op in jûn is er tsjûge fan in carjacking, wêrby't in swarte automobilist delsketten en op 'e strjitte smiten wurdt, wêrnei't twa blanke kriminelen syn auto stelle mei syn oantreklike frou der noch yn. Paul brûkt syn pistoal om 'e kriminelen tsjin te hâlden, wêrby't er beide mannen deasjit en de ûntfierde frou befrijt. In omwenjende hat it hiele barren út har finster wei filme mei har mobile tillefoan, en as se de fideo op it ynternet oplaadt, giet dy viral. De ynwenners fan Chicago jouwe Paul neitiid de bynamme de Seineman, om't er sa ûnmeilydsum mei de kriminelen ôfweefd hat. Raines en Jackson, dy't de saak tawiisd krije, stelle fêst dat de Seineman (dy't net werkenber yn byld komt), lofthannich is en gjin ferstân fan fjoerwapens hat, om't er himsels ferwûnet oan 'e hân trochdat er syn pistoal ferkeard beethâldt.

Dat er twa minsken deamakke hat, liket Paul net oermjitte te steuren, en hy beslút neitiid syn figilantisme fuort te setten. As in skoaljonge yn it sikehûs brocht wurdt dy't troch de Iiskoman, in pleatslike drugsdealer, yn 'e ûnderskonk sketten is om't er net foar him boadskiprinne wol, hat Paul syn folgjende slachtoffer fûn. Op ljochtskyndei set er, klaaid yn in hoodie (in trui mei kapusjon), nei de Iiskoman ta en sjit him kalmkes midden yn 'e strjitte dea, wêrnei't er fan ruten spilet wylst de buertbewenners har op 'e foarried drugs fan 'e Iiskokan stoarte. Raines en Jackson fermoedzje dat it om deselde dieder giet as by de mislearre carjacking. Yn 'e media wurdt diskusjearre oer de fraach oft de Seineman no in seine of in flok is foar de stêdekloft fan Chicago.

Net folle letter komt Paul fia syn wurk yn it sikehûs troch klearebare tafal de dieders fan 'e ynbraak yn syn hûs en de moard op syn frou op it spoar. Miguel Javier, de parkearhelp fan it restaurant, wurdt nammentlik trochsingele mei kûgels binnenbrocht yn 'e polyklinyk. Paul ken him werom oan syn tatoeaazje en sjocht dat de jonge ien fan 'e horloazjes draacht dy't út syn hûs stellen binne. As Miguel Javier oan syn ferwûnings beswykt, nimt Paul it horloazje werom en drukt ek de mobile tillefoan fan 'e jonge efteroer. Dêryn fynt er de foto fan it navigaasjesysteem yn syn auto werom, sadat er begjint te begripen hoe't Miguel Javier by de ynbraak belutsen wie. In tillefoannûmer yn it mobyltsje liedt him nei in sliterij dy't in fasade blykt te wêzen foar it helen fan stellen guod. De eigner, in keardel mei in hynstesturt, beseft wa't Paul wêze moat en stjoert in sms-ke oan ien fan 'e ynbrekkers, dy't bekend stiet ûnder de bynamme 'Fisk' (om't syn echte efternamme Karp is, Ingelsk foar "koarper").

As de heler ûnder bedriging mei it pistoal Paul meinimt nei it magazyn dêr't it stellen spul opslein leit, fynt Paul dêr syn twadde horloazje en inkele oare besittings werom. Fisk kringt it gebou yn en begjint in sjitpartij, wêrby't er lykwols by fersin de heler deasjit. Nei't Fisk syn wapen leechsketten hat, wurdt Paul him oermânsk. As er de man befreget, hâldt dy út dat Lucy deasketten is troch in oare ynbrekker, in monteur dy't Joe hjit. In momint fan ûnoplettendheid kostet Paul hast it libben as Fisk him delslacht en de rollen omdraait, mar ear't er Paul deasjitte kin, rôlet der in bowlingbal fan in planke boppe him dy't yn it gefjocht oanstompt is, en falt him holle. Heal bewusteleas fan dy klap stroffelet Fisk foaroer en sjit him by fersin sels troch de holle.

Yn syn haast om dêrnei fuort te kommen, ferliest Paul in ring mei de namme fan 'e universiteit dêr't er oan studearre hat, dy't er noch mar krekt weromfûn hie yn it magazyn fan 'e heler. Raines en Jackson fine letter de ring werom en bringe Paul in besyk om him te fertellen dat se in nije oanwizing fûn hawwe. Se ferwachtsje dat it ûndersyk nei de moard op syn frou no mei gauwens oan it rôljen komme sil, mei't de beide deade mannen de resjersjeurs grif nei de oare dieders liede sille. Om Paul hoecht dat lykwols no net mear; hy is der no op út om sels wraak te nimmen. Dêrom ferneatiget er de mobile tillefoanen fan 'e beide deade mannen, dy't er meinommen hie, en teffens soarget er dat de opnamen fan 'e befeiligingskamera's út 'e sliterij folslein ûnbrûkber wurde foar't er se fuortsmyt.

Paul spoart Joe de monteur op en siket him jûns let op yn syn garaazje. Hy ken him wer oan 'e groede yn syn gesicht dêr't Jordan him in jaap mei in mês jûn hat, slacht him bewusteleas, bynt him fêst en martelet him, as er wer bykommen is, oant er de trêde ynbrekker beneamt, de lieder fan 'e groep, dy't Knox hjit. Dat blykt de wiere moardner fan Lucy te wêzen. As Joe dat einlings allegear opbychte hat, fertelt Paul dat er him leaut, wêrnei't er de krik ûnder in auto weiskuort, sadat dy Joe op 'e holle falt, wêrby't er omkomt.

Ta Paul syn ferrassing nimt Knox net lang dêrnei út himsels kontakt mei him op, om in moeting te regeljen yn in nachtklub. Se treffe inoar dêr by de húskes, en hoewol't se inoar besward hiene allinne mar prate te wollen, iepenje se allebeide fuortendaliks it fjoer. Knox, dy't in mûklaach opset hie, tinkt dêrby oan it langste ein te lûken, mar úteinlik reitsje beide mannen ferwûne. Paul wit fuort te kommen en behannelet himsels mei in spegel en genêskundige foarrieden dy't er út it sikehûs stelt, wylst Knox himsels foardocht as in tafallich slachtoffer fan 'e sjitpartij en yn it sikehûs in sinjalemint fan Paul ôfjout oan 'e plysje.

Underwilens binne Raines en Jackson erchtinkend wurden oer de saak-Kersey, mar se ornearje dat Paul syn opljeppende broer Frank, dy't krekt as Paul loftshannich is, de Seineman wêze moat. Se hawwe lykwols net genôch bewiis om him te arrestearjen. Frank, dy't no ûngerêst wurdt oer it nuvere hâlden en dragen fan syn broer de lêste tiid, giet nei Paul ta, en as er Paul net thús treft, lit er himsels deryn mei de kaai dy't Paul him ea sels jûn hat. Binnendoar ûntdekt er in see fan bewizen dat Paul de Seineman is. Nei't Paul letter thúskomt, redendiele de bruorren mei-inoar, en as Raines en Jackson oanbelje, dy't ûnderwilens ûntdutsen hawwe dat Paul ek loftshannich is, docht Frank iepen en poeieret harren ôf. Inkele minuten letter skillet it sikehûs op mei it berjocht dat Jordan wekker wurden is út har koma. Dêrop seit Paul tsjin syn broer dat it "foarby" is en dat er net mear efter Knox oan gean sil om't Jordan him no nedich is.

In foech wike letter hellet Paul Jordan op út it sikehûs om har thús te bringen. Se diele de lift nei ûnderen mei Knox, dy't ek út it sikehûs ûntslein is. Dyselde is dúdlik benaud dat Jordan him identifisearje kin. Yn in petear dat er mei har oanknoopt, uteret er inkele drigeminten dy't sa subtyl binne dat Jordan se net as sadanich weromken. Mar se binne eins ek bedoeld foar Paul. Dêrom giet Paul noch dyselde deis werom nei de wapenwinkel fan Bethany, dêr't er op legale wize in pear fjoerwapens oanskaft.

In pear wiken letter wurdt Paul jûns let immen gewaar dy't troch de tún slûpt. Hy ferberget Jordan yn in behindich kastke ûnder de trep, set in swier meubel foar it doarke en jout har opdracht de plysje te skiljen, wylst er sels nei boppen giet. As Knox en twa nije trewanten it hûs ynkringe en op 'e siik geane nei Paul en Jordan, deadet Paul de beide oare mannen yn 'e sliepkeamer. Neitiid giet er sels ûnder op jacht nei Knox, mar dy komt him oer it mad, sjit him yn it skouder en ûntwapenet him. Dêrnei fertelt er Paul dat er Jordan, dy't noch altyd opsletten sit yn it kastke ûnder de trep, libben ferbaarne sil troch it hûs yn 'e brân te stekken. Paul hat, sa blykt no, lykwols ek de salontafel kocht mei in geheim kompartimint foar in mitrailleur, dy't Bethany him besocht oan te smaren, dat hy hellet ynienen it wapen te foarskyn en sjit Knox dea.

Neitiid arrivearje Raines en Jackson mei in kloft uniformearre plysjes. Hoewol't Paul syn ferhaal, dat er al syn ferwûnings fan 'e jûn oprûn hat yn it gefjocht mei Knox-en-dy, dúdlik net wier is, akseptearret Raines it yn ruil foar in yn bedutsen bewurdings útsprutsen bewissiging dat Paul ophâlde sil foar de Seineman te spyljen. Moannen letter bringt Paul Jordan nei New York, dêr't se studearje sil oan 'e Universiteit fan New York. As er in man in tas gaudievjen sjocht dy't by in steapel bagaazje foar in hotel stiet, ropt er oan him en wiist nei him mei in fingerpistoal.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
dokter Paul Kersey Bruce Willis


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Frank Kersey Vincent D'Onofrio
Lucy Kersey Elisabeth Shue
Jordan Kersey Camila Morrone
resjersjeur Kevin Raines Dean Norris
resjersjeur Leonore Jackson Kimberly Elise
Knox Beau Knapp
heler ("Hynstesturt") Ian Matthews
Joe Gannon Ronnie Gene Blevins
Tate "Fisk" Karp Jack Kesy
Bethany Kirby Bliss Blanton
Ben, Paul syn skoanheit Len Cariou
Sophie Stephanie Janusauskas
dokter Chris Salgado Mike Epps
dokter Jill Klavens Wendy Crewson
Miguel Javier Luis Oliva

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan in remake fan 'e cultklassiker Death Wish wie yn 2006 foar it earst sprake, doe't Sylvester Stallone de haadrol spylje soe as in plysjeman dy't ûnder it wurk noch nea syn pistoal lûke hoegen hie. Letter rekke Stallone út byld, mar ein jannewaris 2012 befêstige it tydskrift The Hollywood Reporter dat der yndie in remake fan Death Wish yn produksje nommen wie, wêryn't Liam Neeson de haadrol spylje soe ûnder rezjy fan Joe Carnahan, dy't ek it senario skriuwe soe. Yn febrewaris ferliet Carnahan lykwols mei rûzje it projekt. Hy waard as regisseur ferfongen troch Gerardo Naranjo, dy't Benicio del Toro yn 'e haadrol hawwe woe, mar dat waard ek neat.

Yn maart 2016 makke filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) bekend dat Aharon Keshales en Navot Papushado de remake tegearre regissearje soene, mei Bruce Willis yn 'e haadrol. Willis waard keazen út in list fan mooglike haadrolspilers dêr't ek de nammen fan Russell Crowe, Matt Damon, Will Smith en Brad Pitt op stiene. Yn maaie 2016 heakken Keshales en Papushado ôf nei't dúdlik wurden wie dat MGM harren net tastean woe om it senario fan Carnahan te feroarjen, mei't dat doe al goedkard wie troch Willis. Yn juny waard yn Eli Roth in nije regisseur fûn, wêrnei't Scott Alexander en Larry Karaszewski it skript fan Carnahan tsjin it ljocht holden en der lytse oanpassings yn oanbrochten.

As produsinten wie Roger Birnbaum by it projekt belutsen foar de filmstudio's MGM en Cave 76 Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Rogier Stoffers, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Sweedske komponist Ludwig Göransson. De opnamen setten ein septimber 2016 útein op lokaasje yn Chicago. Fan oktober ôf waard filme yn Montreal, yn 'e Kanadeeske provinsje Kebek.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Death Wish waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer en om utens troch Anapurna Pictures (letter omneamd ta United Artists Releasing). It wie oarspronklik de bedoeling dat de film op 22 novimber 2017 yn 'e Amerikaanske bioskopen komme soe, mar yn oktober fan dat jier waard bekendmakke dat de premiêre ferskood waard oant 2 maart 2018. De media spekulearren dat it útstel te krijen hie mei it Bloedbad fan Las Vegas op 1 oktober, wêrby't in geastlik steurde man mei mitrailleurs fanút it Mandalay Bay-hotel it fjoer iepene op 'e besikers fan in countrymuzykkonsert op it terrein oare kant de strjitte. Der foelen doe 58 deaden en 546 ferwûnen.

Death Wish waard op 5 juny 2018 útbrocht op dvd en blu-ray.

Ferliking mei de oarspronklike Death Wish[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De nije Death Wish hiet in remake te wêzen fan 'e âlde film út 1974, mar fan it ferhaal út it orizjineel bleau net folle oer. Yn 'e oarspronklike film is Paul Kersey in pasifistyske arsjitekt út New York; yn 'e nije film is er in sjirurch út Chicago sûnder in útsprutsen miening oer fjoerwapens. Yn 'e oarspronklike film wurdt syn frou deaslein en syn dochter ferkrêfte yn in orgy fan sinleas geweld; yn 'e remake rint in ynbraak út 'e hân en wurde beiden delsketten.

Yn 'e oarspronklike film fynt Kersey nea de dieders fan 'e ynbraak anneks hûsfredebrek, en siket er ek net spesifyk nei harren om't er dêrfoar gjin begjin fan in oanknopingspunt hat; de remake draait yn hege mjitte om Kersey syn syktocht nei de dieders, dy't er troch klearebare tafal weromfynt, wêrnei't er wraak op harren nimt. Yn 'e oarspronklike film rekket syn dochter yn in katatoanyske steat dêr't se nea wer útkomt; yn 'e remake ûntwekket se út har koma en wurdt wer hielendal de âlde. De klimaktyske konfrontaasje, yn 'e remake, tusken Kersey en de lieder fan 'e ynbrekkers, dy't him mei in pear nije trewanten yn syn eigen hûs besiket te fermoardzjen, is hielendal nij, krekt as it personaazje fan Frank Kersey, Paul syn broer, dat yn 'e oaspronklike film net foarkomt.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Death Wish oer it algemien negative resinsjes. Yn 'e Chicago Sun-Times joech Richard Roeper de film 2 fan 4 stjerren. Hy omskreau Death Wish as "feitliks wraakporno." Michael Phillips fan 'e Chicago Tribune parte de film mar 1 fan 4 stjerren ta. Hy fûn: "In skoftke docht regisseur Roth min ofte mear wat der fan him ferwachte wurdt, en Willis bringt jin út en troch yn 't sin dat er aktearje kin. […] [T]sjin 'e ein [fan 'e film] jout Willis him oer oan syn wenstige kluchten as syn tsjinstanners weromkeare nei syn [hûs]."

Yn The Hollywood Reporter murk John DeFore op dat Death Wish net besiket om "sjenremetafoaren te brûken om echte nasjonale striidkwestjes oan te sprekken," sadat de oarspronklike film "der yn ferhâlding filosofysk útsjocht." Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle wiisde der lykwols op dat de nije Death Wish "fólle better is as alle Death Wish-ferfolchfilms" en "mei gemak de op ien nei bêste Death Wish-film dy't ea makke is […]."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Death Wish in leech goedkarringspersintaazje fan 18%, basearre op 163 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is net folle mear as in út 'e holle learde werfertelling dy't de drystens en oertsjûging fan it orizjineel mist, en ek te lijen hat ûnder spektakulêr minne timing." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Death Wish in goedkarringspersintaazje fan 31%, basearre op 32 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Death Wish brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $34,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $14,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $49,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $19,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Neffens de mjitstêven fan 'e filmyndustry fan Hollywood is dat in tige beheinde marzje, en it is dêrom mar hielendal de fraach oft Death Wish wol út 'e kosten kaam. De film ûnderfûn yn 'e Amerikaanske bioskopen fral konkurrinsje fan 'e spionaazjefilm Red Sparrow en fan 'e superheldefilm Black Panther.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.