Tolfde Alvestêdetocht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Alvestêdetocht fan 1963)
Tolfde Alvestêdetocht
De rûte fan 'e Tolfde Alvestêdetocht (mei de klok mei)
De rûte fan 'e Tolfde Alvestêdetocht (mei de klok mei)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 18 jannewaris 1963
evenemint Alvestêdetocht
edysje 12
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch Fer. De Fryske Alve Stêden
winner(s) Reinier Paping
winnende tiid 10:59 oeren
tal dielnimmers 568 wedstrydriders
9.294 toerriders
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

De Tolfde Alvestêdetocht wie de tolfde offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 18 jannewaris 1963. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. De Tolfde Alvestêdetocht kaam bekend te stean as "de Hel fan '63" en gie omreden fan 'e barre waarsomstannichheden de skiednis yn as de swierste Alvestêdetocht ea. De winner wie Reinier Paping út Ommen mei in tiid fan 10 oeren en 59 minuten. Fan 'e wedstrydriders kaam mar 10% op 'e tiid binnen, wylst fan 'e toertochtriders net mear as 0,7% de finish wist te heljen. Yn 2009 makke Steven de Jong in film oer de Tolfde Alvestêdetocht, dy't De Hel van '63 kaam te hjitten.

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Alfde Alvestêdetocht fan 1956 folgen der seis winters dat der net genôch iis lei om in Alvestêdetocht te hâlden. Mar de winter fan 1962 op 1963 wie útsûnderlike strang. It bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden skreau de Tolfde Alvestêdetocht út foar 18 jannewaris 1963, hoewol't it iis op 'e rûte hjir en dêr amper begeanber wie en fol skuorren, bobbels en spjalten siet. Dat wie it gefolch fan 'e tsjûke laach fan sa'n 20 sm snie dy't yn hiel Fryslân lei, en dy't pas de deis tefoaren troch frijwilligers fan it te beriden iis fage waard.

Waarsomstannichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de start fan 'e Tolfde Alvestêdetocht, moarns ier, lei de temperatuer op –18 °C en stie der in swakke wyn. Om 9.00 oere wie de temperatuer oprûn nei likernôch –4 °C, mar om dy tiid hinne stiek der in noardeastewyn op dy't stadichwei oanboaze oant krêftich. De temperatuer gie wer nei ûnderen, fan –6 °C om 11.00 oere nei –10 °C om midsnacht. De kombinaasje fan tuskenbeiden froast en in út en troch hurde eastewyn soarge foar in tige lege gefoelstemperatuer en makke ek dat der in protte stosnie opwaaide, dy't it iis wer bediek en de riders it lêste trêdepart fan 'e rûte yn it gesicht blies.

Wedstryd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e wedstryd diene 568 reedriders mei. Krekt as by de Alfde Alvestêdetocht fan 1956 wie de start yn 'e loads fan Posthuma's Autospuitynstallaasje oan 'e Ferlingde Skrâns yn Ljouwert. Doe't iismaster Jan de Jong dêr om 5.30 oere moarns de doarren iepenskode, bejoegen de riders har dravendewei nei it Van Harinxmakanaal, dêr't se de redens ûnderbûnen om fuort. It publyk dat mei mannemacht opdaagjen kommen wie en foar in oansjenlik part op it iis stie, soarge foar in te grutte druk, sadat der wetter op it iis kaam. Dêrop wiek de kliber gau werom nei de wâl. Tsjin dy tiid wiene der lykwols al in protte skuorren ûntstien of fierder iepenbarst, en alle wedstrydriders dy't mei feart en faasje ôfsette woene, kamen dêrtroch al gau te fallen.

De kopgroep komt ûnderweis nei Starum de Galamadammen foarby.

Nettsjinsteande dat wist dochs al rillegau in groep fan sa'n fyftich riders him fan it peloton los te meitsjen. Yn dy grutte kopgroep sieten frijwol alle favoriten, mar troch it minne iis bleau it tempo leech. Sadwaande wie de kloft yn Sleat noch yntakt. Dêr kamen se troch om 7.32 oere, njoggentjin minuten letter as de koprinners yn 'e Alfde Alvestêdetocht. Ek dêrnei bleau de grutte groep noch lang byinoar. Underweis fan Hylpen nei Warkum ried Reinier Paping fan Ommen geregeldwei op kop, wêrby't er soms in gat mei de oaren sloech. In pear kilometer foar Warkum rûn er samar in pear hûndert meter út, mar de oaren wisten him foàr de stimpelpost wer by te heljen.

Nei it ôfstimpeljen wie it op 'e nij Paping dy't op kop gie. Underweis nei Boalsert skuorde er mei de grutte faasje dy't er oanhold de kopgroep útinoar. Inkeld de sterksten wisten him by te hâlden. Sa ûntstie in nije, lytsere kopgroep, besteande út Paping, Jeen van den Berg fan It Hearrenfean, Jan J. van der Hoorn fan Ter Aar, Jan Uitham fan Noorderhoogebrug, Anton Verhoeven fan Dussen en Albert Weijs fan Blankenham. Paping ried ûnfermindere hurd troch, en ûnder Boalsert moasten Van der Hoorn en Weijs ôfheakje om't se it tempo net mear byhâlde koene. It oerbleaune kwartet kaam as earsten troch yn Boalsert en sette wer ôf.

Underweis fan Boalsert nei Harns besocht de skynber net wurch te krijen Paping ter hichte fan Wytmarsum en riid by de oare trije mannen wei. Hy ried ferskate hûnderten meters op har út, en by trochkomst yn Harns lei er trije minuten foar. It groepke efterfolgers wie ûnderwilens wer in kwartet wurden trochdat Weijs wer oansletten wie. It gie him lykwols al rillegau wer oer de meuch, dat yn Frjentsjer kamen Van den Berg, Uitham en Verhoeven sûnder him troch. Paping hie tsjin dy tiid syn foarsprong útboud ta alve minuten.

Paping gie as in spear troch de saneamde 'Hel fan it Noarden', it grutte lege stik tusken Frjentsjer en Dokkum. By Froubuorstermole, dêr't it iis sa min wie dat it mar kwealk beriidber wie, died er de redens ûnderwei en draafde op hoasfuotling oer de igge oant er it minste part foarby wie. De efterfolgers, dy't geroften hearden dat Paping sa wurch wurden wie dat er ôfstapt wie, fetten dêrtroch nije moed rieden hurd troch. Op 'e Dokkumer Ie moast Verhoeven de oare beide efterfolgers gean litte om't er te'nein wie. (Letter rekke er snieblyn, ried mei folle faasje by in wenskûte op en moast ôfstappe.) Doe't Van den Berg en Uitham in ein fierderop Paping tsjinkamen, dy't nei trochkomst yn Dokkum alwer ûnderweis werom nei Bartlehiem wie, ûntsonk harren de moed dat se him noch byhelje kinne soene. Nettsjinsteande dat diene se dêr dochs har bêst foar.

It bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden hie de einstreek diskear op 'e Grutte Wielen lein, tusken Ljouwert en Gytsjerk yn, mei't dêr romte wie foar helikopters om te lânjen. In grutte kliber folk wie dêr byinoarkommen. Doe't keninginne Juliana en kroanprinsesse Beatrix dêr elts yn in helikopter arrivearren, wie it entûsjasme grut. Der wie gâns tarin om 'e keninginne en de prinsesse hinne, doe't dy har op it iis bejoegen, sasear sels, dat it iis it net drage koe en begûn te kreakjen. Doe't it it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden en de plysje net slagge om alle folk fan it iis te krijen, waard út foarsoarch besletten om 'e keninginne en de prinsesse de ein fan 'e wedstryd fan 'e wâl ôf besjen te litten.

Reinier Paping by trochkomst yn Dokkum.

Om 16.29 oere kaam Reinier Paping, lykas al ferwachte, as earste oer de einstreek, mei in tiid fan 10 oeren en 59 minuten. Hy hie doe hast 100 km allinne riden. De taskôgers joegen him ûnder lûd jûchhei in geweldich applaus, en der ûntstie sa'n gaos op it iis dat er net daliks huldige wurde koe. As twadde kaam Grinslanner Jan Uitham binnen, op 22 minuten nei de winner, folge troch Jeen van den Berg op 24 minuten. Fan 'e 568 wedstrydriders wisten mar 57 man (oftewol 10%) de tocht binnen twa oeren nei de winner te foltôgjen. De oare 511 waarden dêrom neffens de regels fan 'e Alvestêdetocht diskwalifisearre.

Reinier Paping nei syn oankomst op 'e Grutte Wielen by Ljouwert.

Utslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Reinier Paping Ommen 10:59
2 Jan Uitham Noorderhoogebrug 11:21
3 Jeen van den Berg It Hearrenfean 11:23
4 Albert Weijs Blankenham 11:23
5 Henk Ottema Tolbert 11:33
6 Henk Arendz Goaiïngahuzen 11:33
7 Max Uitham Noorderhoogebrug 11:34
8 Aad de Koning Poarmerein 11:37
9 Piet Venema It Hearrenfean 11:38
10 F. Veldstra Akkrum 11:41

Toertocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e toertocht fan 'e Tolfde Alvestêdetocht die in rekôroantal fan 9.294 riders mei. Wylst Paping op 'e Grutte Wielen noch tajûchheid waard, boaze it waar almar fierder oan. In protte toertochtriders (en trouwens ek wedstrydriders) krigen de grutste muoite om it goede paad te finen, en hûnderten rekken snieblyn. It kaam gauris foar dat riders de redens ûnderwei diene om in stik geandefoets ôf te lizzen.

Fral foar dejingen dy't jûns nei it fallen fan it tsjuster noch ûnderweis wiene, feroare de tocht yn in swiere beproeving, dy't dêrom letter wol "de Hel fan '63" neamd waard. Uteinlik wisten mar 69 toertochtriders (oftewol 0,7%) de tocht út te riden en it fel begearde Alvestêdekrúske te bemachtigjen. Under dy lêsten wie de lettere hurdrydtrainer Henk Gemser. De lettere hurdrydkampioene Stien Kaiser en de lettere foarsitter fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden Henk Kroes moasten by Frjentsjer opjaan.

Ferfilming[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side De Hel van '63.

Yn 2009 kaam oer de Tolfde Alvestêdetocht de heal Nederlânsktalige, heal Frysktalige film De Hel van '63 út, dy't makke wie troch regisseur Steven de Jong. Dêryn wurde foar it meastepart fjouwer toerriders fan 'e tocht folge en giet it ek oer de dilemma's dêr't it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden foar kaam te stean. De oerwinning fan Reinier Paping wurdt yn 'e film mar sydlings neamd.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht