Loads (gebou)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Loads (bouwurk))
In loads mei ferskate ynryddoarren.

In loads is in grutte oerdutsen wurkromte, dy't almeast brûkt wurdt foar de opslach fan hannels- of yndustrieel guod en/of foar swier materieel. Dit type gebou is tige grut en heech yn ferliking mei in gewoan wenhûs, en yn 'e regel hat it grutte ynryddoarren, sadat der sûnder swierrichheden in frachtwein nei binnen ta ride kin as dat nedich is.

Loadsen kinne sadwaande benammen fûn wurde op yndustrygebieten en by havens, hoewol't ek in protte boerebedriuwen ien of mear loadsen by de pleats stean hawwe. Fral havenloadsen, dy't brûkt wurde foar hiel tydlike opslach fan guod, binne wolris foarsjoen fan in ynboude takelynstallaasje.

Nei oanlieding fan feroarjende ekonomyske aktiviteiten yn 'e omkriten krije guon loadsen wolris nije, alternative bestimmings. Se wurde dan bgl. ynrjochte mei wurkplakken foar keunstsinnige aktiviteiten of as [ studio's of teäters foar alderhanne sosjale en kulturele barrens. Soms komt it ek wol foar dat in loads omboud wurdt ta in wente.

Soarten loadsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: dizze side.