Springe nei ynhâld

Flodder (film)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 sep 2021 om 11.12 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) ([[]] oars)
Flodder
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Dick Maas
produsint Dick Maas
Laurens Geels
útfierend
   produsint
Laurens Geels
senario Dick Maas
kamerarezjy Marc Felperlaan
muzyk Dick Maas
filmstudio First Floor Features
distribúsje First Floor Features
spilers
haadrollen Huub Stapel
Nelly Frijda
Tatjana Šimić
René van 't Hof
byrollen Lou Landré
Apollonia van Ravenstein
Herbert Flack
Nani Lehnhausen
Horace Cohen
Jan Willem Hees
Bert André
Lettie Oosthoek
skaaimerken
lân/lannen Nederlân
premiêre 17 desimber 1986
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Nederlânsk
spyltiid 111 minuten
budget en resultaten
budget ƒ4 miljoen
opbringst ûnbekend
prizen 1 × Gouden Keal
filmsearje
filmsearje Flodder
● folgjend diel Flodder in Amerika!

Flodder is in Nederlânske komeedzjefilm út 1986 ûnder rezjy fan Dick Maas, mei yn 'e haadrollen Huub Stapel, Nelly Frijda, Tatjana Šimić en René van 't Hof. It ferhaal giet oer de asosjale húshâlding Flodder, dy't ferhúzje moat út in hûs yn in efterbuert dat op fergiftige grûn blykt te stean. De gemeente beslút om harren by wize fan sosjaal eksperimint in nije wente ta te wizen yn 'e fillawyk Zonnedael. Dat liedt ta gaos as de Flodders wegerje om har oan it nije fermidden oan te passen. De titel fan 'e film ferwiist sawol nei de namme fan it gesin as nei in losse flodder, mei efterlizzende idee dat de Flodders nettsjinsteande har foarkommen eins net botte gefaarlik binne. Flodder kin mei syn absurde sitewaasjes en polityk ynkorrekte humor sjoen wurde as in satire op 'e Nederlânske wolfeartssteat. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in ûnbidich súkses yn 'e bioskopen. Dat joech oanlieding ta de mediafranchise Flodder, mei't der oer deselde húshâlding noch twa ferfolchfilms en in tillefyzjesearje makke waarden.

Plot

As ûntdutsen wurdt dat harren hûs yn in efterstânswyk op in gifbulte stiet, moat it asosjale probleemgesin Flodder ferhúzje. Op inisjatyf fan maatskiplik wurker Sjakie van Kooten beslút de ferantwurdlik wethâlder om 'e húshâlding by wize fan sosjaal eksperimint yn in leechsteande wente yn 'e fillawyk Zonnedael te pleatsen. Sjakie is der nammentlik hillich fan oertsjûge dat in better maatskiplik fermidden it hâlden en dragen fan 'e Flodders posityf beynfloedzje sil. Sadwaande ferfarre de Flodders nei Zonnedael, dêr't se har ta konsternaasje fan 'e buorlju nei wenjen sette yn 'e filla dy't harren tawiisd is.

De húshâlding bestiet út Ma Flodder, in sigaresmokend, op learzens omrinnend manwiif, en har fiif bern: de snoade sjacherer Johnnie, de gleie domkop soan Kees, de boarstige blonde dochter Kees, dy't net fiis is fan wat prostitúsje of sels ynsest mei har lyknammige broer (al leit Ma dêr gau it near op), en de yn 't wyld opgroeiende Toet en Henkie. Ta einbeslút binne der ek noch pake Flodder, in troch in oerhaal troffen âldman dy't yn in rolstoel sit en net mear prate kin, en Whiskey, in grutte swarte bouvier.

De ferwachting fan Sjakie dat de Flodders har oan harren bettere wenmiljeu oplûke sille, komt net út. De leden fan 'e húshâlding geane allegearre op 'e âlde foet fierder, al hat dat der ek mei te krijen dat se troch de buorlju en oare Zonnedaelsters no net bepaald mei jûchhei ferwolkomme wurde. Ma Flodder begjint yn 'e kelder fan 'e filla in yllegale stokerij fan eigenmakke sterke drank en kriget letter yn 'e pleatslike SRV-wein slaanderij mei in trije buorfroulju, wêrby't de SRV-man bewusteleas rekket, de wein op 'e rin giet en nei in rampsillige spûkridende rit oer de autosnelwei folslein ferrinnewearre einiget yn in wenweinkamp.

As Toet, de iennichste dy't pake ferstean kin, mei de âldman út te kuierjen is, wurde se lestichfallen troch in trijetal jonges op crossfytsen. Toet lost de konfrontaasje op troch in stiletto te lûken en dy ien fan 'e jonges op 'e kiel te setten. Henkie kringt in hûs binnen dat folstiet mei antyk, mar ferriedt himsels as er it net litte kin en spylje in rideltsje op 'e piano. Aldergeloks treft hy krekt in eksintrike buorman dy't de humor fan 'e sitewaasje wol ynsjen kin. In oare buertbewenner, de rjochtlinige fantasijleaze Wim Kruisman, dy't kolonel by de Keninklike Lânmacht is, giet op ûndersyk út om 'e Flodders yn kamûflaazjeklean te observearjen, mar Whiskey, dy't op syn noas fertrout, lit him dêrtroch net foar de gek hâlde en byt him in stik út 'e broek. Neitiid rekket Kruisman derfan oertsjûge dat de Flodders gefaarlike psychopaten binne.

Underwilens giet dochter Kees yn bikiny by it swimbad fan 'e filla lizzen te sinnebaaien, dêr't se har begluorke wit troch buorman Neuteboom. Soan Kees begluorket by de tennisklub sels de famkes dy't dêr oan it tennissen binne, wêrby't er fantasearret dat se neaken binne. Syn deidream wurdt rou fersteurd as er troch trije jonges fan 'e tennisklub trappearre en yninoar slein wurdt. As Johnnie dat te witten komt, set dy nei de tennisklub ta om ferhaal te heljen, wat liedt ta in efterfolging mei auto's op hege faasje troch de wyk. Op 't langelêst riidt Johnnie de tennisjonges fan 'e dyk ôf, dy't dêrnei mei auto en al yn in eftertún yn in swimbad bedarje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De deis nei in wyld feest by de Flodders dat de buorlju oant djip yn 'e nacht wekker holden hat mei lûde muzyk, hat Johnnie in grouwéligen kater. Dat is der debet oan dat er in oanriding kriget mei Yolanda Kruisman, de oantreklike, ferfeelde frou fan kolonel Kruisman. Hja lost de skeakwestje op troch mei Johnnie te flirten en him út te nûgjen ris by har thús del te kommen. Letter dy deis komt Sjakie del om te sjen hoe't it de Flodders yn har nije hûs fergiet. Krekt as hy dêr is, wurdt troch de tennisjonges út in foarbyridende auto in molotovcocktail nei Johnnie syn grutte rôze Amerikaanske slide goaid, dy't yn flammen opgiet. Sjakie, pechfûgel dat er is, stiet op dat stuit fuort njonken de auto en rint brânwûnen oan syn skonken op.

De oare deis giet Johnnie yn op 'e útnûging fan Yolanda Kruisman, ek al docht de skea oan syn auto der net mear ta no't dy dochs al total loss is. Hja nimt him likegoed mei yn 'e hûs om seks mei him te hawwen. Underwilens folget dochter Kees buorman Neuteboom yn 'e garaazje fan syn hûs as er dy deis thúskomt fan syn wurk as eigner fan in Citroën-autodealership. Se ferliedt him mei gemak oant er him suver boppe-op har smyt (wêrnei't sy de sabeare ûnskuldige útspraak docht: "Buurman, wat doet u nu?"). Broer Kees stiet foar it rútsje fan 'e garaazje en nimt foto's fan Neuteboom en syn suster yn aksje. De deis dêrnei bringe Johnnie en soan Kees in besyk oan Neuteboom op syn wurk, en sjantearje him mei it fotografysk bewiis fan syn oerhoer om harren fergees in nije auto te jaan.

Pake Flodder, dy't sljocht nei treinen is en altyd it unifoarm fan in stasjonssjef fan 'e NS draacht, set op in dei op eigen manneboet yn 'e rolstoel nei de neiste spoarwei-oergong. Dêr komt er lykwols mei ien fan 'e tsjillen fan 'e rolstoel fêst te sitten yn 'e rails, wêrnei't er deariden wurdt troch in passearjende trein. Ma Flodder ûntdekt letter by it fuortgoaien fan it spul dat syn boartersguodtreintsjes folsitte mei rôltsje fan bryfkes fan tûzen gûne. Alles mei-inoar blykt pake ƒ825.000 ferstoppe holden te hawwen.

Tusken Johnnie en Yolanda Kruisman bliuwt it net by ien kear. As kolonel Kruisman har oerhoer ûntdekt, bedrinkt er him en ferkeapet er har by thúskomst in klap yn it gesicht. Yolanda, dy't der dochs al oer tocht om by him wei te gean, pakt fuortendaliks har koffers en jout har noch dyselde nachts by tsjuster en stjalprein ôf om har taflecht by de Flodders te sykjen. Kruisman kin dat net ferkropje. Ma Flodder is earst ek twifeleftich oer Yolanda, mar as se sjocht dat se mishannele is, nûget se har der fuort yn. Soan Kees, dy't nei syn eigen mishanneling troch de tennisjonges neat mear fan 'e buertbewenners hawwe moat, is it iennichste gesinslid dat Yolanda wegeret te akseptearjen. As er lykwols in streek mei har úthellet, betellet se him fuortendaliks mei gelikense munt werom, wat him leart om har tenei gewurde te litten.

Under lieding fan Max Bredero, de foarsitter fan 'e tennisklub, begjinne de Zonnedaelsters harren te organisearjen om 'e Flodders út harren wyk te krijen. De measte buertbewenners hawwe skjin har nocht fan it ûnoanpaste hâlden en dragen fan it gesin, mei buorman Neuteboom foarop, no't se him yn 'e beurs rekke hawwe. Der wurdt in grutte gearkomste op 'e tennisklub belein, dêr't Sjakie en de eksintrike buorman mei de piano de iennichsten binne dy't it foar de Flodders opnimme. Underwilens hawwe Johnnie en Yolanda lucht krigen fan 'e gearkomste, hoewol net fan it ûnderwerp. Se sette dêrhinne om harren ferloving oan te kundigjen en alle buertbewenners dy jûns út te nûgjen foar in feest by de Flodders, om alles goed te meitsjen. Yn earste ynstânsje fiele de Zonnedaelsters dêr neat foar, mar as Sjakie oppenearret dat it ôfwizen fan dit besykjen ta fermoedsoening wolris konsekwinsjes hawwe kinne soe foar de gemeentlike subsydzje fan 'e tennisklub, beslute de buertbewenners dat it gjin kwea kin om eefkes harren gesichten op it feest sjen te litten.

Behalven de Zonnedaelsters hawwe de Flodders ek harren freonen en bekenden út harren âlde buert útnûge. It mei-inoar yn 'e kunde kommen fan 'e beide maatskiplike klassen giet earst wat stroef, mar as de eigenstookte sterke drank fan Ma Flodder rynsk omparte wurdt, rint it feest dochs út op in grut súkses. Dochter Kees wit der op har eigen manear fan te profitearjen troch de hoer te spyljen foar in lange rige tennisjonges en buormanlju dy't foar har sliepkeamerdoar stiet en foar talitting betellet by Henkie. Soan Kees leit it skeel mei ien fan 'e tennisfamkes by, dy't har skuldich fielt oer syn mishanneling en har yn 'e eftertún troch him tútsje en fingerje lit. Sjakie stelt Ma Flodder foar oan 'e wethâlder mei de meidieling dat dy goed nijs hat. It docht bliken dat de gemeente dochs noch in geskiktere wente foar de Flodders fûn hat. Ma wiuwt dat oanbod fuort, mei't se de filla dêr't se no wenje krekt oankocht hat mei it beërf fan pake.

It feest einiget yn gaos as kolonel Kruisman ferskynt yn in stellen tank, dêr't er de filla fan 'e Flodders mei yn pún sjit. De hiele húshâlding en alle feestgongers witte op 'e tiid it hûs te ûntflechtsjen, behalven fansels Sjakie wer, dy't slim ferwûne rekket. It is dúdlik dat de Flodders net yn 'e ruïne wenjen bliuwe kinne dy't harren fille no wurden is. Om't Sjakie dochs noch lange tiid yn it sikehûs bliuwe moat, lûke se foarearst yn syn fakânsjehúske yn Súd-Frankryk.

Rolferdieling

Huub Stapel (2015).
Tatjana Šimić (1992).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Johnnie Flodder Huub Stapel
Ma Flodder Nelly Frijda
dochter Kees Flodder Tatjana Šimić
soan Kees Flodder René van 't Hof


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Sjakie van Kooten Lou Landré
Yolanda Kruisman Apollonia van Ravenstein*
kolonel Wim Kruisman Herbert Flack
Toet Flodder Nani Lehnhausen
Henkie Flodder Horace Cohen
pake Flodder Jan Willem Hees
buorman Neuteboom Bert André
buorfrou Neuteboom Lettie Oosthoek
buorman Wijnberg Egbert van Paridon
buorfrou Wijnberg Gerrie van der Klei
buorman Fröbel Hennie Zwanenburg
buorfrou Fröbel Barbara Barendrecht
Van Putten, de SRV-man Dick Scheffer
Max Bredero, foarsitter tennisklub Tom van Been
de wethâlder Frans Kokshoorn
Laura (freondinne fan Yolanda) Liz Snoyink
tennisfamke #1 Tatjana van Zanten
tennisfamke #2 Natascia Paolucci
tennisjonge #1 Jasper de Moor
tennisjonge #2 Edward Montie
tennisjonge #3 Rolf Wouters
brigadier Lex de Regt
haadagint Peter Lusse
Kareltje Miguel Stigter
barkeeper Robbe de Hert
hierknipper Serge-Henri Valcke
eksintrike buorman Cas Enklaar
reklassearringsamtner Annemarie Grewel
sekretaresse fan 'e wethâlder Agnes Schuch
psycholooch Tob de Bordes
amtner werhúsfêsting Cees Heyne
famke mei nuete knyn Jantine Schoemaker
mem fan famke mei knyn Cecile van der Poel
generaal Hans Veerman
jonge ofsier Bert Kruisenga
soldaat op wacht #1 Norbert Kaart
soldaat op wacht #2 Oncko Grader
sjoernalist Peters Pollo Hamburger
fotograaf Christiaan Lippens
stripper Tina Shaw
famke yn kroech #1 Wikje Zelisse
famke yn kroech #2 Lydia Blijd
man by swimbad Simon van Collem (cameo)
frou by swimbad Inge Beekman
man mei tatoeaazjes Henk Schiffmacher (cameo)
sjauffeur fan 'e wethâlder Harry Slinger (cameo)
dronken feestgonger Frans Lodewijks
foluptueuze dame Nora Mullens
crossfytsjonge #1 David Kweksilber
crossfytsjonge #2 Marn van Delft
crossfytsjonge #3 Edwin Bakker
strjitfager Anton Semmoh
krantejonge Vincent Vosse
Whiskey Boris en Wodan
Pepita Sacha en Pita

*) Fanwegen it Brabânske aksint fan Apollonia van Ravenstein waard har dialooch yn 'e postproduksje neisyngronisearre mei de stim fan Tanneke Hartzuiker.

Produksje en distribúsje

Produksje

Flodder waard regissearre troch Dick Maas, dy't ek it senario skreau en de filmmuzyk komponearre. As produsinten wiene Maas en Laurens Geels by it projekt belutsen foar harren eigen filmstudio First Floor Features. Geels funksjonearre ek as útfierend produsint. Foar de film wie in budget beskikber fan ƒ4 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Marc Felperlaan.

Opnamen

De opnamen setten op 7 maaie 1986 útein en duorren oant ein augustus fan dat jier. Oarspronklik soe it filmjen mids july, nei fyftich dagen, al klear wêze moatten hawwe, mar it draaiskema rûn fertraging op. De wente fan 'e Flodders en de omlizzende huzen waarden spesjaal foar de film neiboud op 'e hurdfytsbaan by Spaarndam. Fierdere opnamen yn fillawyk Zonnedael waarden dien yn in echte fillawyk op 'e Kollenberch yn it Limburchske Sittard (benammen op 'e Ross van Lenneplaan). Ien fan 'e begjinsênes fan 'e film, wêryn't de Flodders nei Zonnedael ride yn in gammele âld frachtwein, waard opnommen yn Brussel (dêrby binne û.m. de Tervurentunnel en de grutte rotonde fan it Montgomeryplein te sjen).

Ferskate bekende Nederlanners hiene in cameo yn Flodder, eat wat doe in noviteit yn 'e Nederlânske sinema wie. Sa is Simon van Collem, doedestiden de bekendste filmkritikus fan Nederlân, te sjen as in man dy't by it swimbad yn syn eftertún sit as de Flodders de tennisjonges fan 'e dyk ride, dy't mei auto en al yn it swimbad telâne komme. De frou fan it personaazje fan Van Collem waard spile troch Inge Beekman, de mem fan regisseur Dick Maas. Fierders is tatoeëarder Henk Schiffmacher te sjen as ien fan 'e gasten op it feest fan 'e Flodders oan 'e ein fan 'e film, wylst sjonger Harry Slinger fan 'e band Drukwerk de sjauffeur fan 'e wethâlder spilet. Ek is de libbenspartner fan Nelly Frijda, Annemaire Grewel, yn 'e film te sjen as in reklassearringsamtner.

De Ross van Lenneplaan yn Sittard, dy't yn 'e film trochgiet foar Zonnedael.

Distribúsje

De distribúsje fan Flodder waard fersoarge troch First Floor Features. De film gie op 17 desimber 1986 yn 'e Nederlânske bioskopen yn premiêre.

Untfangst

Fan 'e filmkritisy krige Flodder mingde resinsjes. De absurde sitewaasjes, satiryske toan en polityk ynkorrekte humor makken dat der by it útkommen fan 'e film wat kontroverse ûntstie. Tsjintwurdich wurdt Flodder yn Nederlân lykwols beskôge as in cultklassiker fan eigen boaiem.

Resultaat

Yn Nederlân

Flodder wie in grut kommersjeel súkses, al is ûnbekend persiis hoe grut, mei't de opbringst net bekendmakke is. De film loek yn 'e Nederlânske bioskopen goed 2.314.000 besikers, en wie dêrmei de bêst besochte Nederlânske film fan it jier en de op fiif nei bêst besochte Nederlânske film aller tiden. Yn 1987 wûn Flodder in Gouden Keal (de wichtichste Nederlânske filmpriis) yn 'e kategory bêste artdirection. Yn 2007 krige de film in plak yn 'e Filmcanon Top 16.

Om utens

Yn 'e Frânsktalige Kanadeeske provinsje Kebek, dêr't de film neisyngronisearre waard yn it Joual, in dialekt fan 'e arbeidersklasse, waard Flodder ek útbrocht, ûnder de titel Les Lavigueur Déménagent ("De Lavigueurs Ferhúzje"). De Lavigueurs wiene in echte asosjale húshâlding út Montreal dy't yn 1986 yn Kebek oanhâldend yn it nijs wie, sadat harren namme suver sprekwurdlik waard foar sokke lju (ferlykber mei de Tokkies yn Nederlân). De film die it goed yn Kebek en hat dêr noch altyd in grutte skare fans.

Franchise

It grutte kommersjele súkses fan Flodder joech oanlieding ta it ûntstean fan 'e mediafranchise Flodder, dy't fierder gie mei de ferfolchfilm Flodder in Amerika! (1992), de tillefyzjesearje Flodder (1993-1995, 1998), en de op dy searje basearre film Flodder 3 (1995). Yn 'e searje en de trêde film waarden de rollen fan Huub Stapel en René van 't Hof oernommen troch Coen van Vrijberghe de Coningh, resp. Stefan de Walle. Nei it ûntidich ferstjerren fan Van Vrijberghe de Coningh, yn novimber 1997, kaam der in ein oan 'e franchise (it lêste seizoen fan 'e searje wie doe al opnommen en waard postúm útstjoerd).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.