Springe nei ynhâld

Cas Enklaar

Ut Wikipedy
Cas Enklaar
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Casper Willem Enklaar
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 april 1943
berteplak De Helder
stoarn 20 july 2022
stjerplak Amsterdam
jierren aktyf 1970-2022

Casper Willem (Cas) Enklaar (De Helder, 22 april 1943Amsterdam, 20 july 2022) wie in Nederlânsk akteur.

Enklaar folge de Amsterdamske Toanielskoalle, dêr't er yn 1968 ôfstudearre. Dêrnei begûn er by Toanielgroep Centrum. Yn 1970 wie er belutsen by de oprjochting fan Het Werkteater, en bleau dêrfoar wurkjen oant hy it yn 1985 ferwiksele foar Toneelgroep Baal. Letter stapte er oer nei Toneelgroep Amsterdam.

Enklaar makke ek diel út fan de fêste ploech fan regisseur Theo van Gogh, en spile ûnder oare yn Een dagje naar het strand, Terug naar Oegstgeest, Loos, Vals licht, Medea, Baby Blue en In het belang van de staat. Dêrneist spile er yn bekende films fan oare regisseurs, lykas De bunker, Flodder, Lang Leve de Koningin, Abeltje, Oorlogsrust, Het woeden der hele wereld, De vliegende Hollander en Masterclass.

Enklaar spile faak yn it teater, ûnder mear yn Uit liefde en Wilhelmina, Je maintiendrai. As lêste binne der noch de nedige tv-programma's, lykas Loenatik, Pleidooi, Koefnoen en De dikke man.

Enklaar ferstoar op 20 july 2022, yn 'e aldens fan 79 jier oan de gefolgen fan sloktermkanker

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
Film
1984 Een dagje naar het strand Bernard
1986 Flodder Eksintrike buorman Enklaar wie de buorman dy 't Henkie betrape by syn ynbraak om't er piano spile.
1987 Terug naar Oegstgeest âlde Jan
1989 Loos De Vries
1992 De Bunker Van Zalingen
1993 Vals licht de heit fan Simon
1995 Lang leve de Koningin Witte Loper
1995 De Vliegende Hollander Opkeaper
1998 Abeltje húsfeint
2001 Baby Blue Coroner
2004 Erik of het klein insectenboek deagraver 2
2005 Masterclass acteur 1
2005 Medea Middelink
2006 Het woeden der gehele wereld Dokter Gobert