Seksuele fantasij

Ut Wikipedy
De seksuele fantasij fan in man ûnder it masturbearjen werjûn op in skilderij fan Édouard-Henri Avril.

In seksuele fantasij of eroatyske fantasij is in fantasij dy't troch in persoan oproppen wurdt om him- of harsels seksueel op te winen. Soks wurdt benammen dien by it masturbearjen. In seksuele fantasij bestiet folslein en útslutend yn 'e tinzen fan 'e betinker en kin folslein byinoar fantasearre wêze, mar it kin ek it opheljen wêze fan in âld oantinken út jins ûnthâld of in kombinaasje fan oantinkens en fantasij. Seksuele fantasijen kinne behalven troch eigen oantinkens ek ynspirearre wurde troch in boek, tydskrift, film, tillefyzjeprogramma of wat dat men op it ynternet sjocht, en dy ynspiraasjeboarne kin pornografysk of eroatysk wêze, mar dat hoecht net. De ynspiraasjeboarne kin lykwols ek wat út it echte libben wêze, lykas in persoan dy't men seksueel oantreklik fynt.

It hawwen fan seksuele fantasijen is in frijwol universeel ferskynsel by de minske, hoewol't foarkommen fariëarret neffens geslacht, leeftyd, seksuele oriïntaasje en maatskippij. Sa blykt út wittenskiplik ûndersyk nei dit ûnderwerp dat manlju mear en faker seksuele fantasijen hawwe as froulju, en dat de jongerein mear seksueel fantasearret as âldere minsken. Heteroseksuele en homoseksuele manlju blike by elts ûndersyk konsekwint mear belangstelling te hawwen foar seksuele fantasijen oer flechtige seksuele kontakten as heteroseksuele froulju en lesbiënnes. Fral strang religieuze lju, mar ek in protte net bysûnder religieuze froulju, ûnderfine neffens ûndersiken gauris skuldgefoelens nei't se har oerjûn hawwe oan in seksuele fantasij.

De Dream fan 'e Fisker syn Frou, fan Hokusai, is in werjefte fan in tentakelpornografyske seksuele fantasij.

Om't it neigean fan hoe faak oft ûnderskate seksuele fantasijen foarkomme, ôfhinklik is fan neat te betroubere tellings efterôf, is it ynherint dreech om soks te efterheljen. De meast foarkommende seksuele fantasijen lykje te wêzen (yn willekeurige folchoarder): it werbelibjen fan seks mei de hjoeddeistige partner, it fantasearjen oer manearen om seks te hawwen mei de hjoeddeistige partner dy't (noch) net wier foarkommen binne, en it fantasearjen oer seks mei in oare persoan as de hjoeddeistige partner. Wat dat lêste oangiet, fantasearje manlju bgl. faak oer in skoalfamke, in ferpleechster of in cheerleader, om mar wat te neamen, of oer in spesifike persoan dy't se kenne, mar mei wa't se gjin seksuele relaasje ûnderhâlde.

Om't yn 'e eigen fantasij neat ferbean is, geane seksuele fantasijen ek relatyf faak oer dingen dy't yn it echte libben ûnpraktysk, yllegaal of taboe binne. In foarbyld is ôftwongen seks en ferkrêfting, dêr't sawol manlju as froulju troch de bank nommen gauris oer fantasearje. Dit is in ûnderwerp wêrby't sawol fantasearre wurde kin oer it ôftwingen fan seks of it ferkrêftsjen fan in oar, as oer it ûndergean fan soks.

Dat immen deroer fantasearret om ferkrêfte te wurden, wol lykwols fansels net sizze dat dy persoan dat yn it echt ek graach belibje wolle soe, likemin as immen dy't fantasearret oer it ferkrêftsjen fan in oar fan doel is om dat yn 'e praktyk te bringen. Dejinge dy't fantasearret hâldt it hiele skoft alle sizzenskip oer wat der yn 'e fantasij bart, wat mei in ferkrêfting yn it echt fansels net sa is. Sa kinne froulju bgl. betinke, as se deroer fantasearje ferkrêfte te wurden, dat soks dien wurdt troch in man dy't se seksueel oantreklik fine, en foegje se faak romantyske eleminten oan it senario ta.

Guon minsken besykje harren seksuele fantasijen wier te meitsjen, bygelyks troch mei harren partner in seksueel rollespul te dwaan. Soks kin lykwols raar ôffalle en dêrtroch de efterlizzende seksuele fantasij ferrinnewearje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.