Sulveren Anjer
De “Sulveren Anjer“ is in ûnderskieding dy’t jierliks útrikt wurdt oan persoanen fan ûnbesprutsen heitelânsk gedrach, dy’t in fertsjinste hân hat foar de Nederlânske kultuer of dy fan de Nederlânske Antillen.
Skiednis
Op 29 juny 1940, de earste jierdei fan S.K.H Prins Bernhard fan de Nederlannen yn besettingstiid, waard protestearre tsjin de Dútske besetting. It protest utere him yn it dragen fan in anjer yn it knoopsgat. Dizze dei soe letter ferneamd wurde as de ‘Anjerdei’. Tsien jier letter beslueten de regint en it bestjoer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns om in ûnderskieding yn te stellen as blyk fan wurdearring foar persoanen fan ûnbesprutsen heitelânsk gedrach en dy’t har belangeleas ynsetten hawwe foar de Nederlânske kultuer of dy fan de Nederlânske Antillen.
De ûnderskieding waard elts jier om de jierdei fan de Prins hinne, troch himsels oan maksimaal fiif persoanen útrikt. Nei syn dea hat Keninginne Beatrix dizze taak fan har heit oernaam.
Oarkunde
By de ûnderskieding heart in oarkunde dy’t ûndertekene wurdt troch de foarsitter fan it fûns en de sekretaris fan de Sulveren Anjer. Op de oarkunde stiet it beslút, de redenen om it te jaan. De finansjele grûnslach foar de Sulveren Anjer waard foarme troch it legaat fan de geheim agint Thijs Taconis, dy’t yn septimber 1944 yn Mauthausen deasketten waard. Thijs Taconis wurdt yn de oarkunde memorearre mei de wurden Quae Thijs Taconis - mortuus pro patria anno MCMXLIV legavit pro fundamento sunt (dit betsjut: wat Thijs Taconis, ferstoarn foar it heitelân yn 1944 neilitten hat, foarmet de grûnslach).
Medalje
Earste type (1950-1954)
De earste foarm wie in klokfoarmige sulveren medalje. Op de foarside stie in Anjer ôfbyld, mei op de stâle in B fan Bernhard. Lâns dit tafriel yn in útsparre râne, oan wjersiden stippellinen. Lâns de ûnderside rûn in lint mei dêrop de tekst Tua res agitur ('It giet om jo saak'). De medalje wie mei it lint ferbûn troch in keninklike troan.
It lint wie giel mei oan wjersiden in smelle reade baan. Giel en read binne de kleuren fan it Hús Lippe.
Twadde type (1954-hjoeddei)
Dit is in sulveren medalje yn de foarm fan in reade emalje heraldyske roas. De roas is dy fan it wapen fan it hús fan Lippe. Op de foarside is in kroande stilearre anjer ôfbyld, dêr't de B fan Bernhard ûnder stiet. It omskrift is Tua res agitur (It giet om Jo saak). De kearside is flak.
Fan dit type binne ek miniatueren bekend. Dy wike of fan it model krús. De foarside fertoant in B wêrboppe in stilearre anjer stiet.
It lint is oranje mei oan wjersiden in smelle reade baan. Oranje stiet foar it hús fan Oranje en read foar it hús fan Lippe.
Laureaten
1950-1959
1950
- Dr. J.H. van Heek (1873-1957) - natuerbeskerming, monumintesoarch; kocht it Huis Bergh
- P.J. de Kanter (1868-1953) - kulturele bân mei lânsgenoaten bûten de grinzen; rjochte de feriening 'Nederland in den vreemde' op
- A.J.Th. Thijssen - mei- inisjatyfnimmer Pasjespullen Tegelen, letter ek regisseur
- Jarich van der Wielen (1880-1950) - rjochte yn 1931 de earste folkshegeskoalle op, it Allardseach (flakby Bakkefean)
1951
- Prof. dr. Ph. (Philip) Kohnstamm (1875-1951) - folksûnderwiis; û.m. oprjochter Nutsseminarium foar Pedagogyk en it Nederlânske gesprekssintrum
- K. ter Laan (1871-1963) – Fêstlizzen fan it steekeigene Grinslân ûnder oare it Nije Grinlanner Wurdboek “(1929)
- W.J.H. (Pim) Mulier (1865-1954) – ien fan de grûnlizzers fan de moderne sport yn Nederlân, rjochte ûnder oare de earste fuotbalklup yn Nederlân op.
1952
- Mej. M.Chr. (Maria) Schouwenaars (1907-1995) – wie de inisjatyfnimster en grûnlizzer fan de opfiedingsformule fan it "Mater Amabilis"-ûnderwiis om ta te rieden fan de taken fan mem, húsfrou en echtgenoat, dêrneist hie se in oandiel yn it famkesfoarmingswurk ûnder de namme ‘De sinneblom”.
- Dr. Ernst Heldring (1871-1954) – Kultuerkonservearring; ûnder oare foarsitter Feriening Rembrandt
- H.H. Kiezebrink – kultuerkonservearring; stúdzje Walurgistsjerke en librije te Sutfen.
- E.P.C. van Vrijberghe de Coningh (pseudonym Cruys Voorbergh) (1898-1963) - Nederlânsk Kostúm Museum, hjoeddeis opgien yn Gemeentemuseum De Haach
1953
- Isaäc de Bruijn (1873-1953) - ferriking museumbesit; û.o. wichtige skinkingen oan it Ryksmuseum Amsterdam, wêrûnder Rembrandts selsportret as de Paulus (apostel)
- Mr. Bastiaan de Gaay Fortman (1884-1961) – Skriuwer fan de skiednis fan de Nederlânske Antillen en Suriname.
- A.M.J. (Auguste) Grégoire (1888-1971) – dokumentaasjeûntwikkeling fan de fotografy; de Universiteitsbibleteek yn Leien hat in kolleksje fan 6000 foto's, troch Grégoire garre
- L.W. Linssen – keunstûnderwiis; spile in wichtige rol by de oprjochting fan Jan van Eyck Akademy yn Maastricht
1954
- R.F.W. (Rudolf) Boskaljon (1887-1970) – muzyklibben op Kurasau; u.a. stifter en earste dirigint 'Earste en Twadde Kurasausk Filharmoanysk Orkest'
- Jhr. W.H. de Beaufort (1881-1976) - natuerbeskerming; oprjochter 'It Stichtse Lânskip'
- Dr. P.C. de Brouwer (1874-1961) - kulturele ûntwikkeling yn Noard-Brabân; ûnder oare oprjochter St.-Odulphuslyceum yn Tilburch, It earste katolike Lyseum fan Noard- Brabân.
- Prof. dr. G.A. van Poelje (1884-1976) - jeugdherberchwurk
1955
- Ir. V.W. van Gogh (1890-1978) – Ynstânhâlding fan de kolleksje fan Vincent van Gogh
- Mr. K.P. van der Mandele (1880-1975) – ûnder mear belutsen by de opbou fan túndoarpen yn Rotterdam-Súd en Kralingen, museum Boijmans, Diergaarde Blijdorp en it kulturele werstel fan Rotterdam nei de Twadde Wrâldkriich.
- W.E.A. Scheelen – inisjatyfnimster en organisator fan it earste ynternasjonale muzykkonkoers yn Kerkrade.
- Pater G.W.M. Ahlbrinck (1885-1966) - taalkunde en etnology Suriname en Karabyn
1956
- Mevr. J.E. (Betsy) Westendorp-Osieck (1880-1968) - ferriking museumbesit; ien fan de Amsterdamske Joffers
- Prof. Edgard Blanquaert (1894-1964) – Flaamsk-Nederlânske kulturele yntegraasje; brocht fan de jierren tweintich ôf de Reeks Nederlandse Dialektatlassen ta stân.
- L.D. Broekema (1911-1979) - hûsarts, wie fan 1946 oant 1979 driuwende krêft efter toanielferiening Diever en it Shakespeareteater mei jierlikse foarstellings.
- Frits Lugt (1884-1970) – ûnder mear oprjochter Institut Néerlandais, Parys; lei in kolleksje fan etsen oan fan Rembrandt
1957
- Joh.M. Coffeng - katalogisearre de útwreide samlingen fan Toaniel museum
- Mr. S. Baron van Heemstra (1879-1960) - natuermonuminten; rjochte tegearre mei P.G. van Tienhoven 'It Geldersk Lânskip' op en wie foarsitter fan de Nederlânske Heidemaatskippij
- Prof. dr. J. van der Poel (1888-1982) – brocht de kolleksje fan it Nederlânske belestingsmuseum byien. It museum draacht hjoeddeisk syn namme.
- Mevr. A. Singer-Brugh (1872-?) – stifte de Singer Memorial Foundation mei in museum en in konsertseal.
1958
- Mr. Chr.P. (Chris) van Eeghen (1880-1968) – kultuerkonservearring; û.m. oprjochter fan de 'Feriening Hendrick de Keyser' en foarsitter fan de 'Feriening Rembrandt'
- H.J. Calkoen - archeology; stifter fan de Archeologyske Wurkmienskip foar Westlik Nederlân
- P.T.A. Swillens (1890-1963) - keunsthistoarikus; skriuwde standert wurken oer û.m. Pieter Saenredam, Johannes Vermeer en Jacob van Campen
- J.H. Beaujon - kulturele libben op Arûba; û.m. foarsitter fan de Stifting Kultureel Sintrum Aruba
1959
- Mej. I.M. van Dugteren (1892-1961) - fan 1918 oant 1959 lieding jûn oan de Rotterdamske Folksuniversiteit en oan it Bûn fan Nederlânske Folksuniversiteiten
- Prof. mr. dr. G. van den Bergh (1890-1966) - stjerrekunde, tiidrekkening, boekdruk; û.m. ûntwerper Euroklok en twillingdruk
- Mr. A. Staring – kultuerkonservearring; û.o. direkteur fan de Nederlânske Kastielestifting
1960-1969
1960
- D.J. (Doederus) Kamminga (1884-1977) - gewestlik kultureel libben yn Fryslân; joech lieding oan de Âldheidkeamer yn Dokkum, wie foarsitter fan de federaasje fan Aldheidskeamers yn Fryslân.
- W.A.F. (Walter) Maas (1909-1992) – hjoeddeiske muzyk; oprjochter Stifting Gaudeamus
- J.G. (Jobs) Wertheim (1898-1977) – inisjatyfnimmer en oprjochter fan Iepenbier Keunstbesit
1961
- Mevr. M. (May) Henriquez-Alvarez Correa - kulturele aktiviteiten op Kurasau
- E.R. (Eddy) Wessels - kulturele aktiviteiten yn Suriname; ûnder oare oprjochter en dirigint fan het Surinaamske filharmonysk Orkest (1930-1970)
- Prof. mr. A. (Anne) Anema (1872-1966) – Kultuerfilosoof; fierders ûnder oare haadredakteur fan De Standaard (1932-1937) en mei-oprjochter fan Stemmen des Tijds (1911)
- Piet van Beveren (1894-1970) - geology en archeology yn Seelân; âld-stedsargivaris yn Sieriksee
1962
- Pater P. Drabbel M.S.C. - taalkunde en etnology Nij-Guinea
- Dr. E.A.M. van Haegendoren - kultureel kontakt Nederlân-Belgje
- Mr. G.P. van Tienhoven - muzyklibben Utert
1963
- J.B.C.M. van de Mortel - gildewêzen Noard-Brabân; wie ûnder mear lid fan de Illustre Lieve Vrouwe Broederschap yn De Bosk
- Mr. W. (Willem) van Elden – ûnder mear oersettingen Shakespeare, Carmina Burana
- H.G.P. (Hendrik) Kleijn en G.D. Swanenburg de Veye - biology, natuerfotografy; fersoargen ûnder mear publikaasjes oer poddestuollen.
1964
- Prof. dr. A.D. Fokker (1887-1972) - muzyk; ûntwurp in oargel om yn it 31-toanssysteem spylje te kinnen
- Jhr. mr. M. van der Goes van Naters (1900-2005) - natuerbeskerming; wie ien fan de earste yn de polityk dy’t him ynsette foar behâld fan it miljeu
- M.B.B. Nijkerk (1894-1987) - ferriking museumbesit; brocht in kolleksje bibliofile útjeftes út de 20e iuw byelkoar, no yn it Stêdlik Museum Amsterdam; sette tegearre mei Jan Greshoff en A.A.M. Stols de bibliofile rige Ursa Minor op
1965
- A.P.M. Lafeber (1893-1972) - dialektology (ûnder oare standertwurk oer it Goudske dialekt)
- Jhr. F.J.E. van Lennep (1890-1980) - kronikeur; kultuerkonservearring; skreau boeken en artikels oer it Amsterdamske patrisiaat yn de 19e iuw; wie bestjoerslid fan de 'Feriening ta it foarmjen fan in iepenbiere samling fan hjoeddeiske keunst (Steedlik Museum Amsterdam)
- C.J.W. van Waning (1901-1989) – kultuerkonservearring; wie ien fan de inisjatyfnimmers fan de oprjochting fan de Stifting stamboek rûne- en platboaiemjachten.
1966
- Mevr. I.M. Fennema-Zboray (1914-2001) - bernelektuer; rjochte yn 1954 it jeugdtydskrift Kris-Kras op
- J.A.F. (Hans) de Rijk, Broeder Erich (skriuwend ûnder de namme Bruno Ernst) (1926) - folksûntwikkeling; wie ûnder mear mei-oprjochter fan de Folksstjerrewacht 'Simon Stevin' yn Hoeven en fan it wiskundetydskrift foar jongerein Pythagoras
- Mr. Romke de Waard (1919-2003) – kultuerkonservearring; ûnder mear oprjochter fan it Museum fan boartersklok oant Pierement in Utert, earste foarsitter fan de Nederlânske Klokkespul-Ferieniging
1967
- Meint Wiegersma (1888-1984) - folksûntwikkeling en natuerbeskerming yn Fryslân; ûnder mear mei-oprjochter en earste foarsitter fan It Fryske Gea, mei-auteur fan de Ensyklopedy fan Fryslân (1958)
- Mr. A.A.J. Rijksen – ûnder mear foarsitter fan it fûns Goudske Glêzen, auteur fan it standertwurk Bespegelt yn tsjerkeglês (1947)
- G.J.G. (Gustav) Leonhardt (1928) - muzyklibben, de liedende klavesimbelist fan syn generaasje.
1968
- B.W. Siemens – ûnder mear auteur fan de Histoaryske atlas fan de provinsje Grins (1962)
- A. Bicker Caarten (1902-1990) - molebehâld, folkskunde; skreau in soad boeken oer moles
- F.H.M. Karner - monuminten Kurasau; wie foarsitter fan de keamer fan hannel yn Kurasau.
1969
- Juffer B.M. (Bep) Bijtelaar (1898-1978) – bouskiednis fan Amsterdamske tsjerken; ûnder mear argivaris fan de ‘Stifting De âlde tsjerke te Amsterdam’, makke mei G.J. den Boggende in ynventarisaasje fan de grêven yn de Alde Tsjerke te Amsterdam
- Dr. D.A. Wumkes (1904-?) - kulturele aktiviteiten yn súdeast-Drinte
- Alexander Orlow - lei de Peter Stuyvesant Kolleksje (no de BATartventure Kolleksje oan.
1970-1979
1970
- Mevr. H.A. (Jet) Polak-Schwarz (1893-1974) – muzyklibben, wittenskip, maatskiplik wurk; wie haadbestjoerder fan it Humanistysk Ferbûn, se skonk har eigen hús en keunstkolleksje oan de gemeente Sutfen.
- H. Beem (1892-1987) - Joadske skiednis en taal yn Nederlân; ien fan de wichtichste pioniers op it mêd fan de Mediene skiednisskriuwerij en it West-Jiddysk.
- Ir. C.E.P.M. Raedts (1898-1983) - kulturele aktiviteiten yn (Nederlânsk Limburch; wie ûnder mear foarsitter fan de stifting fan it Limburchske Symfonyorkest, foarsitter fan de stifting Heerlenske stêdsskouboarch, foarsitter fan it bestjoer fan it sosjaal histoarysk sintrum Limburch.
1971
- Jan Posch – kultuerkonservearring; wie ûnder mear foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan it Keninklik Teater Carré, lid fan de ried fan bestjoer fan it Singer Museum, foarsitter fan de Karel Appel Foundation en bestjoerslid fan de stifting Nasjonaal jeugdorkest.
- F.C. Wieder - konservearring, skiednisskriuwer ridend spoarmateriaal.
- C. Hoek (± 1924) - archeology en histoarje Rotterdam en Súd-Hollân.
1972
- M.H. Gans (1917) - auteur, gearstaller Memorboek, plate-atlas fan it libben fan de joaden yn Nederlân fan de midsiuwen oant 1940.
- Frans Nieuwboer – Konservearwize fresko’s Romeinske âldheid
- L.G. (Louis) Le Roy (1924) - ekology, lânskipsarsjitektuer
1973
- Mevr. H.L.M.Ch. (Tilly) Talboom-Smits (1902-1978) - oprjochtster en liedster fan it Hofstads Jeugdorkest
- Mr. Nicolaas Debrot (1902-1981) - literator, aktyf op kultureel mêd, benammen foar it Kultureel Sintrum Kurasau; wie minister en letter gûverneur fan de Nederlânske Antillen
- Pater dr. Remigius Dieteren O.F.M. (1915-1995) - oprjochter Sosjaal Histoarysk Sintrum foar Limburch (1949)
1974
- Ir. A.D. van Dijk - kulturele aktiviteiten yn westlik Suriname; wie ien fan de inisjatyfnimmers fan in nij kultureel sintrum yn Nickerie.
- Dr. H.L. (Hendrik) Oussoren (1912-1974) – restauraasje en konservearring fan it histoarysk oargelbesit; Ryksoargeladviseur
- H.F. de Boer - natuerbeskerming yn Fryslân; wie foarsitter fan de Fryske fûgelwacht, auteur fan fûgelboeken
1975
- Mevr. T.F. (Tine) Clevering-Meijer - konservearring Grinzer boargen, klederdrachten; konservator fan it Verhildersum Bûten yn Leens
- Dr. C.W. Wouters - eigen kultuerwearden fan ymmigranten yn Austraalje
- Ir. J.L. Bonebakker – muzyklibben yn Oerisel; oprjochter en âld- foarsitter fan Opera Forum, no De Nasjonale Reisopera
1976
- Chris Leeflang (1904-1993) - bibliofily; ien fan de oprjochters fan Stifting De Roas, foarsitter fan de Stifting Kollektive Propaganda fan it Nederlânske Boek, direkteur fan boekhannel Broese Kemink in Utert
- Jhr. H. de Jonge van Ellemeet - Nederlânsk Skipfeartmuseum
- Rien Poortvliet (1932-1995) – natuerbeskermings edukaasje mei boeken as Jachtekeningen (1972), Foksen hawwe hoalen (1973) en Te hea en te gers (1975)
1977
- Zr. Dorothea M. (ook Tilly) Herwegh – boekerestauraasje - en keunst-atelier Norbertinessenkleaster Sint-Catharinadal yn Oosterhout
- Mr. F.J. Brevet (1893-1983) - kulturele, tsjerklike en sosjale aktiviteiten yn Rotterdam; ûnder oare bestjoerslid fan de ôfdieling Rotterdam fan it Nederlânske keunstnersbûn, lid fan de Kommisje fan Tasicht fan it Museum Boijmans Van Beuningen, bestjoerslid fan de Rotterdamske Keunstdichting, Quaestor-Generaal fan de Nederlânsk Herfoarmde tsjerke
- S.C.H. Leenheer - archeology en skiednis fan Rijnsburg
1978
- Dr. Abraham Horodisch (1898-1987) - boekeskiednis, bibliografy, bibliofily; boude in kolleksje op fan likernôch 8000 boeken en tydskriften mei as tema "it boek"
- Jhr. mr. M.W.C. de Jonge (?-2002) - wie sekretaris fan de Stifting Wynhúsfûns, rjochte op restauraasjes yn Sutphen
- Gerrit Kuipers (1918) - skiednis, it folkslibben en de streektaal fan Drinte ûnder mear redaksjelid fan it moanneblêd Drinte, foarsitter fan de Drintske Skrieversrûnte, mei oprjochting fan de Drintske Histoaryske feriening.
1979
- J.J. (Johan) Schilstra - publikaasjes regionale kultuerskiednis fan Noard-Hollân, ûnder oare Koekplanken (1964)
- Ds. W.G. Overbosch (1919-2001) - foarsitter Prof. dr. G. van der Liuw-stifting (foar tsjerke en keunst); dêrneist bestjoerslid fan de yntertsjerklike stifting foar it lieteboek en lid fan de Herfoarmde Ried foar de Earetsjinst.
- Walter Kramer - monumintesoarch; inisjatyfnimmer fan de Monumintewacht Drinte.
1980-1989
1980
- Jhr. mr. C.C. van Valkenburg (1910-1984) - Genealogy, ikanografy; wie foarsitter fan it Sintraal Buro foar Genealogy
- J. de Bree - Siuwsk sulver en Siuwske kleandracht
- Mr. dr. Gerrit Overdiep (1919-1998) - fasetten fan de skiednis fan Grinslân, sette him yn op de festing Bourtange te restaurearjen.
1981
- B. Dubbe - histoarje keunstambacht -technyk; autoriteit op it mêd fan Swols sulver
- H.J.E. van Beuningen - archeology gebrûksfoarwerpen; oprjochter Stifting Midsiuwske Religieuze en Profane Ynsynjes
- Drs. G.J.A. (Gerard) Schampers (1921-2006) - regionale aktiviteiten yn Noard-Brabân; ien fan de oprjochters fan it Súdlik Toaniel, oprjochter fan de stifting freonen fan it Brabânsk orkest, lid fan de kultuerele ried fan Noard-Brabân.
1982
- Dr. M. Niemeijer (1902-1987) - komposysjes skaakproblemen, publikaasjes,
Dokumintaasje, skonk yn 1948 syn samling skaak- en damboeken, yn totaal 7.000 titels oan de steat der Nederlannen, de kolleksje waard opnaam yn de keninklike biblioteek.
- A. Bokma - Folkshegeskoallen, mûnen, regionale kultuer
1983
- Mevr. C.H. (Lotte) Delfin-van Mourik Broekman (1914) - archeology pre- en protohistoarje Utertske Heuvelrêch en de Neder-Betuwe
- W. de Veen - natuerbeskerming yn Limburch
- Prof. dr. ir. E.H.P. (Erik) Cordfunke – âldheidkundich boaiemûndersyk yn Alkmar.
1984
- Mr. Piet Cleveringa (1917) - amateurtoaniel en byldzjende keunst; lei in kolleksje Nederlânske Grafyk oan.
- H.G. (Herman) van Slooten (1913-1994) - kultuer yn Fryslân; wie ûnder mear bestjoerd fan Frysk Genoatskip, it Frysk Museum, it Frysk Skipfeart Museum, de Ottema-Kingma-Stifting, de Kulturele Ried fan Ljouwert, de De Fryske Alve Stêden (40 jier lang).
1985
- G.J. de Joncheere (1909-1989) - wittenskip; pteridolooch
- Drs. W.H.Th. (Willy) Knippenberg (1910-2005) - folkskeunst; groef eksakt 4822 Romeinske munten op en joech mear as 1600 lêzingen yn sawat alle plakken fan de provinsje Noard-Brabân. Ynventarisearre it keunstbesit fan it bisdom.
- Lenie 't Hart (1941) – natuerbehâld; ferneamd fan de seehûneopfang yn Pieterburen.
- Marga Kool (1949) – streekkultuer Drinte; skriuwster
1986
- J.C. (Juan) Lampe (1920) – kultuerbehâld Nederlânske Antillen; pianist, sjonger, dichter (ûnder oare de tekst fan Aruba Dushi Tera, it folksliet fan Aruba), komponist, skriuwer en skilder; hy is ferneamd ûnder de artystenamme "Padú del Caribe"
- H.J. Slijper (1922) – natuerbehâld ; skilder fan Stjitfûgels, yllustrator fan boeken oer de natuer, wêrûnder "Rôffûgels en ûlen yn Jeropa" fan Karel Voous
- Freek Velders - kulturele aktiviteiten (Rotterdamske Jongeskoar)
- Dr. H.J. van der Wiel - numismatyk
1987
- Mevr. G.J.G. (Dien) Tjallingii-Beukers - mykology
- H.A.C. (Harrie) Beex - hiem- en folkekundige skiednis, benammen fan Noard-Brabân ; ûnder mear foarsitter fan de stifting Brabânsk Hiem; skreau ferskate iepenloftspullen en makke mei Floor van de Putt it Brabânsk folksliet mei de namme It liet fan hartoch Jan.
- J. Hulsker (1907-2002) - keunst, benammen Vincent van Gogh; skreau it standertwurk "Van Gogh troch Van Gogh. De brieven as kommentaar op syn wurk" (1973)
- Mr.Dr. L.J. (Ludo) Pieters (1921) - kulturele aktiviteiten, ûnder mear foarsitter fan de Stifting P.C. Hooftprijs foar Letterkunde; hat in wichtige bydrage levere oan de ûntjouwing fan it sosjale kultuerele libben fan Rotterdam.
- T. de Vries - folksûntwikkeling
1988
- Mw. E.J. van den Broecke-de Man (1898-1998) – Siuwske kultuer en dialekten
- Dr. E. Kits van Waveren (1906-1995) - mykology; it Ryksherbariumfûns draacht no syn namme
- Geurt Brinkgreve (1917-2005) – monumintesoarch; tige súksesfol monumintebeskermer yn Amsterdam. Under mear bestjoerslid fan it Bûn Heemschut.
- Willem Noske (1918 - 1995) - Nederlânsk muzykferline; mei-oprjochter fan de Ferieniging foar âlde Nederlânske Muzyk, wie grûnlizzer fan de stifting Musica Neerlandica
1989
- Dr. Fop I. Brouwer - miljeu- en natoerberskermingsedukaasje is ferneamd troch syn natuerrubryk op sneintemoarn by de VARA-radio “oer alles wat groeit en bloeit en ús altyd wer boeit’.
- Dr. J.M. (Jan) van Susante (1913 - 2003) – natuerbehâld en monumintesoarch; ûnder oare foarsitter fan It Limburchs Lânskip; kocht Kastiel Goedenrade yn Eys
- Henk Schoorl (1920-1997) – kultuerhistoarje fan Noard-Hollân
- Albert Waalkens (1920-2007) - byldzjende keunst; Galerie Waalkens yn Finsterwâlde nimt in wichtich plak yn de Nederlânske keunstwrâld yn.
- A.F. (Ton) Neuhaus - Zaans molebestân; konservator Molemuseum yn Koog oan de Saan
1990-1999
1990
- Mw. C.H. (Carmen) Simmons - kulturele aktiviteiten op Saba; ien fan de inisjatyfnimmers fan it Saba karnaval, kurator fan it Major Osmar Ralph Simmons Museum
- Jan Kassies (1920-1995) - keunst en kultuer; wie ûnder oare algemien sekretaris fan de Ried foar de Keunst, direkteur fan de Amsterdamske Toanielskoalle & lytskeunstakademy, foarsitter fan de VPRO en fan it stimulearringsfûns foar Nederlânske kulturele omropproduksjes.
- L.M.J. (Leen) de Keijzer - archeology en histoarje fan it Kromme Ryngebiet; nei him is de Archeologyske Wurkgroep 'Leen de Keijzer' fan de Archeologyske Wurkmienskip foar Nederlân neamd.
- Dr. L.P.L. (Louis) Pirenne (1924) - argiven en Brabânske húshâlding ; Ryksargivaris yn de provinsje Noard-Brabân
- L.J. de Ruiter - keunst en kultuer; âld-boargemaster fan it Noard-Hollâns keunstenersdoarp Bergen
- Prins Bernhard (1911-2004) – kultuer- en natuerbehâld
1991
- Mw. drs. R.C. (Ted) Musaph-Andriesse (1917) - Joadsk kultureel erfgoed; wie foarsitter fan it Joadsk Histoarysk Museum
- Ds. M.J.J. Gaaikema (1909-2003) – folkshegeskoalle wurk; wichtichste inisjatyfnimmer en 25 jier direkteur fan folkshegeskoalle 't Oldörp
- Frater Candidus van der Linden (1919-1998) - ornitology
- E.R.R. Palm - muzyk
- Prof. dr. J.W. Schulte Nordholt (1920-1995) - letterkunde; dichter en heechlearaar yn de skiednis en kultuer fan Noard-Amearika
1992
- Dr. J.B.W. (Johan) Polak (postúm) (1928-1992) - letterkunde; útjouwer, essayist, bibliofyl en oersetter
- Mr. P.J.W. (Pieter) Beltjes – monumintesoarch yn Gelderlân; wie ynspekteur fan de argiven yn Gelderlân.
- Prof. dr. H.E. Henkes - konservearring fan glês
- Drs. K.S. (Karel) Levisson (1917-1999) - byldzjende keunst yn Oerisel; oprjochter en earste foarsitter fan de Feriening fan freonen fan it Ryksmuseum Twinte.
- A.P. (Pieter) Schuddebeurs - swerfstiengeology
1993
- Ing. F.H.G. (Frans) Engelen (1920-2004) - archeology Limburch; ûnder mear einredakteur ‘Sprekende Boaiem’ fan de Nederlânske Geologyske Ferieniging, ôfdieling Limburch; skreau yn in perioade fan 53 jier 658 artikels en publikaasjes
- Jaap Taapken (1925-2001) – ornitology; mei-oprjochter fan it tydskrift It Fûgeljier.
- F.L. (Frank) Davelaar (1928) – muzyklibben Kurasau; rjochte it koar Orfeon Crescendo op, wie belutsen by de earste cd mei muzyk út Kurasau.
- Pieter Moerenhout - geastlike heit fan en driuwende krêft efter it Nasjonaal Muzykynstruminten Fûns
- Ir. L.J. (Leo) Heijdenrijk (1932-1999) en F.H.M. (Cis) Heijdenrijk-Osendarp – Namen it inisjatyf ta oprjochting fan it Mondriaanhûsyn Amersfoart.
1994
- Franz Rester (1902-1995) en H.J. (Hetta) Rester-Scheffer (1915-2006) - muzyk; organisearren likernôch 1000 húskeamerskonserten, wêrby't jonge musisy de kâns krigen om op te treden en it publyk koe kennismeitsje mei hjoeddeiske komponisten.
- G.W. (Willem) Barendsen (1924) – kultuerbehâld; rjochte it Nederlânsk Bakkerijmuseum It Waarme Lân yn Hattem op
- Dr. A.J. (André) Lehr (1929-2007) - Kampanology; mei-oprjochter fan it Nasjonaal Klokkespulmuseum yn Asten
- Mr. J.M. (Jacoba) de Jonge-de Meijere (1941) - histoaryske moade- en streekdrachten
- Sjoerd Westra - muzyk; ynstrukteur fan muzykkorpsen, komponist
1995
- Dr. ir. G.M.M. (Gerard) Houben (1920) - metrology
- Benno Premsela (1920-1997) - bestjoerlike aktiviteiten; ûntwerp ynterieurs en tentoanstellingen, de populêre Lotek-lampe, etalaazjes foar De Bijenkorf; spile in rol yn de Ried foar de Keunst, de Ried foar Yndustriële Foarmjouwing de Kröller Müller-stifting en de Stifting Fûns foar Byldzjende Keunsten, foarmjouwing en Boukeunst; wie in promint foaroanman fan de Nederlânske homobeweging.
- A.M.W. (Lide) Scholten-Miltenburg en prof. dr. Th.M. (Theo) Scholten – byldzjende keunst; oprjochters fan it Museum Bylden oan See yn Scheveningen
- Nico Metselaar (1929) - Goudske Glêzen, wie koster fan de Sint-Janstsjerke yn Gouda
- drs. Marjan Sax (1947) - Nederlânske frouljubeweging; is mei-oprjochter fan de stifting Mama Cash, it ûnôfhinklik finansieringsfûns foar froulju.
1996
- Mw. J.R. de Vries-Snoeck, ek wol bekend as Hans Snoek (1911-2001) - kulturele aktiviteiten; rjochte it Scapino Ballet en de Stifting Jeugdteater Amsterdam op
- Prof. dr. Hans (Joseef ben Michael) Bloemendal (1923) - Joadske liturgyske muzyk; de opperfoarsjonger fan de Nederlânsk -Israelityske Haadsynagoge yn Amsterdam
- Mr. W.O. Koenigs - bestjoerlike aktiviteiten; wie foarsitter fan de Feriening Rembrandt
- Dr. H.E. (Henny) Coomans - edelstienkunde
- Jan Pluis - de Nederlânske wandtegel
1997
- D.I. (Inge) Bouman-Heinsdijk – natuerbehâld; mei-oprjochtster Foundation Reserves for the Przewalski Horse
- A.J. (Toon) Creusen - muzyk; boude it Muzykkonkoers yn Kerkrade út ta it wichtichste festival foar blaasmuzyk yn de wrâld
- Mr. A.F. (Frank) Mohr (1931-1998) - bestjoerlike aktiviteiten; wie kultureel adviseur fan de stêd Grins en de provinsje Grinslân.
1998
- Mr. J.G.A. (Jos) Steemers – oargel kultuer; mei-oprjochter fan de Nijmeegske Oargelrûnte; foarsitter fan de redaksjeried fan Histoarysk Oargel, in ensyklopedy fan de mear as 2000 oargels yn Nederlân
- Jan Voerman (1919-2005) - roerende monuminten; wie bestjoerslid fan de Tramwei-Stifting en tramleafhawwer, ek stie hy oan de basis fan de oprjochting fan de SVA (Stichting Feteraan Autobussen) en de ADV (Autobus dokumintaasje Feriening)
- Mr. ing. Ernest Voges (1931) – monumintesoarch op Kurasau; foarsitter Stifting Monumintesoarch Kurasau: fan 1997 ôf stiet de histoaryske kearn fan Willemstêd op de Wrâlderfgoedlist
- Drs. A. Vos - Joadsk kultureel erfgoed; ivere foar it opnij bouwen fan de synagoge fan Middelboarch.
- Drs. J.H.H. (Jaap) Swier - skiednis fan de natuerbeskerming; lei de basis foar de Heimans en Thijsse Stifting, dy’t in dokumintaasjesintrum op it mêd fan natuerbelibbing, natuerstúdzje, natuerbeskerming en natueredukaasje yn Nederlân beheare.
1999
- Drs. J.T. (Jan) Bremer (1932) - hiemkunde; skreau mear as hûndert publikaasjes oer de Kop fan Noard-Hollân
- Henk Ruessink (1934) - bestjoerlike aktiviteiten; naam it inisjatyf ta Bredevoort Boekestêd
- Drs. M.C. (Meijnard) Scheers (1932) - bestjoerlike aktiviteiten; foarsitter Stifting 'It Wenhûs monumint' yn Grins
- Dr. ir. J. (Jaap) Vermeer (1920-2010) - farrende monuminten; hat de skiednis fan de Fyske rûne- en platboaiemjachten goed ûndersocht; skriuwer fan it standertwurk It Frieze Jacht
- H.L. (Henk) Visser (1923-2006) - Nederlanner antike wapens; hat in wrâldferneamde kolleksje opboud en hat deroer publisearre.
2000-
2000
- J.J.J. (Jan) Naaijkens (1919) - kulturele fertsjinsten foar Noard-Brabân, benammen Hilvarenbeek; driuwende krêft efter de Grut Kempyske kultuerdagen, oprjochter fan it Brabânsk Sintrum foar Amateurtoaniel,de Stifting Brabâns Hiem en fan de Spylgroep Filiassi
- Mw. Marijke Overberg-Diemer Kool (1925) - muzyk, benammen de ferbining tusken muzyk en publyk; saaklik en artistyk lieder fan it Brabânsk Keamerorkest, it hjoeddeistige Musica Ducis Brabantiae
- H.M. (Rikus) Draijer (1943) - folkskultuer en folkloare; sekretaris fan de folkloristyske dûnsgroep Grunneger Daansers, fise-foarsitter fan de Stifting Op Roakeldais yn Warffum, fise-foarsitter Weltpräsidium fan de Intersnasjonale Organisation für Volkskunst (IOV), foarsitter fan de ynternasjonale kommisje foar Festspiele en foarsitter fan de Nederlânske ôfdieling fan dizze organisaasje
2001
- Drs. G.P. (Gerard) Karstkarel (1945) - kulturele fertsjinsten foar Fryslân; ûnder oare mei-inisjator fan de Stifting Uniconsort, rjochte de Stifting Moderne Arsjitektuer Fryslân op, betocht de Slachtemaraton (2000)
- P.E. (Piet) Hamelink (1931) - kulturele fertsjinsten foar Siuwsk-Flaanderen; koördinator fan de restauraasje fan de H. Willibrordus Basilyk yn Hulst
- Louis van Gasteren (1922) - kulturele aktiviteiten; filmer, oprjochter fan de Stifting Artec en fan de Stifting fjouwer iuwen hannel -Japanse Betrekkingen; naam it inisjatyf foar de keunstwurken 'Normaal Amsterdams Peil' en 'De woartels fan de stêd'; betinker en útfierder fan de - edukative - ynrjochting fan 'Neeltje Jans'
- Mr. dr. J.A. (Jacob) Schiltkamp (1920) – monumintesoarch op Kurasao; ûnder mear foarsitter fan de Stifting Monumintesoarch Kurasao
- Mw. Grietje de Wolf-Huls (1918) - behâld Marker nuddelwurk; makke har it tradisjonele hânwurktechniken fan Marken eigen en joech der les yn.
2002
- F.D. ('Boi') Antoin (1955) – kultuerbehâld op Bonaire; in soad publikaasjes oer de skiednis en de kultuer fan Bonaire.
- prof. S.J. (Joop) Doorman M.Sc. (1928) - bestjoerlike aktiviteiten; ûnder mear foarsitter fan de feriening foar keunstsinnige foarming en it konservatoarium Amsterdam en bestjoerslid fan de k.l.Poll stifting foar ûnderwiis, keunst en wittenskippen, wie foarsitter fan de VPRO en fan de stifting Skepsis.
- B. Maes - boud kultureel erfgoed en wenkultuer
- J.H.H. (Jacques) Stienstra (1932) - kultuerbehâld; foarsitter fan it Ynternasjonaal Fokalisten Konkoers ('s-Hertogenbosch), spile in wichtige rol by de restauraasje fan de Sint-Janskatedraal yn den Bosch. Fierders bestjoersfunksjes by Operetteferiening út Rosmalen.
- Ton Stork (1923-2003) - kultuer- en natuerbehâld fan de Vechtstreek; wie foarsitter fan de kommisje foar de Fecht, de lân-ynrjochtingskommisje Amstelland. Nei him is de Ton-Stork-Fjochtsje-foar-de-Fecht Penning neamd.
2003
- J.C.F. (Jo) Eyck (1929) - keunst en arsjitektuer; bestjoerslid fan de stifting Limburchsk Keunstbesit, feriening Rembrandt en Sikkens Foudation; de museumfleugel Hedge House, yn de tún fan syn wenhûs, kastiel Wijlre, is tagonklik foar publyk.
- drs. H.J.A.M. (Hein) van Haaren (1930) – bestjoerlike aktiviteiten; foarsitter fan it bestjoer fan de Mondriaan stifting en bestjoerslid fan it Nederlânsk arsjitekten ynstitút yn Rotterdam, siet yn bestjoeren en kommisjes ûnder mear it bedriuwenfûns, it Brabânsk museum.
- dr. K.A. (Karel) van der Hucht (1946) - oprjochter fan de Stifting Yndysk Tee- en Famylje argyf fan der Hucht c.s.
- Mw. Meta de Visser-Ameling (1929) - fuotfearen; foarsitter fan de Feriening Freonen fan de Fuotfearen, hat der mei foar soarge dat de lytse pontsjes foar Nederlân behâlden bliuwe en ferdwûnen pontsjes binne werom kaam.
2004
- Mw. Christien Grootveld-Parrée (1942) - byldzjende keunst; tegearre mei har man Rob Grootveld inisjatyfnimmer fan it Chabot Museum yn Rotterdam en oprjochter fan de Stifting Hendrik Chabot
- Mw. Yvette Raveneau (1946) en Lloyd Narain (1946) - behâld kultuer en natuer op Kurasao; oprjochters fan Fundashon Defensa Ambiental en fan Sosiedat Amigu di Tera
- Mw. G.T. (Gré) van der Veen-Doddema (1936) - behâld streektaalliteratuer Grinslân; hat in grut oantal publikaasjes op har namme stean.
- Mw. Ineke Vink (1941) - tagonklik meitsjen fan poppespulkolleksjes; ien fan de oprjochters fan de Stifting Poppespul Kolleksjes.
2005
- Mr. Hein Bergé (1916) en J.M.C. (Jan) van der Eerden (1926) – monumintesoarch, foarfjochter foar it behâld fan Binnendieze
- Mw. drs. J.M. (Janneke) van Groeningen-Hazenberg (1943-2007) en drs. J.J.W.P. (Jos) van Groeningen (1934) - byldzjende keunst; oprjochters fan it museum foar figurative keunst ‘De Bûtenpleats’ yn Eelde
- Th. W. (Theo) Janssen (1930) – natuer - en kultuerhistoarje fan de Peel; hat in samling oanlein fan foarwerpen en ferhalen dy’t de lânskiplike en kultuerele skiednis fan De Peel en har bewenners dokumintearre.
- Mw. G.C. (Gezina) Sevenhuijsen-van der Linde (1930) - jong muzyktalint; sette it wurk fan har man, dirigint Ru Sevenhuijsen, de krêft efter Jeugd en Muzyk Nederlân, troch, wêrtroch it Jeugdmuzykkamp Woudschoten en it Jeugd Orkest Nederlân bestean bleaunen
2006
- Prof. mr. Piet Sanders (1912) en mw. Ida Sanders-Sanders (1915) - byldzjende keunst; skonken mear as fjouwerhûndert keunstwurken wêrûnder wurk fan Karel Appel, Hendrik Werkman en Constant oan musea yn Nederlân.
- Charles Gomes Casseres (1921) - Joadske tradysje op Kurasao
- Yr. F.S. (Foeke) de Wolf (1937) – klokkespulkultuer; wie foarsitter fan de Nederlânske Klokkespulferiening. Hat ûnder oare it ynternasjonale beiaard konkoers nij libben jûn.
- G.B.H. (Harrie) ten Dam (1944) - byldzjende keunst; inisjatyfnimmer en mei-oprjochter fan de keunstferiening Diepenheim.
2007
- Piet Bos ('Opera Pietje') (1936) – opera kultuer; earst as eterpiraat, letter troch Radio Noard-Hollân, waard hy de ambassadeur fan opera en belkanto.
- Klaas Bruinsma (1931) – Fryske letteren, sette Ilias en Odyssee fan Homerus oer yn it Frysk.
- Mart Groentjes (1937) - monumintale buorkerijen; sette him yn foar it behâld fan karakteristike stjelppleatsen yn Noard-Hollân.
2008
- Elis Juliana (Kurasao, 1927) – kultuerbehâld op Kurasao. Hy hat ferhalen fan âlde Antilianen festlein en keunst- en gebrûksfoarwerpen út it ferline sammele. Ek hat hy de kennis oer en it bespyljen fan âlde muzykynstruminten nij libben ynblaast.
- Loek Dijkman (Velsen, 1942) - wurket al sa'n tweintich jier oan de tastânkomming fan projekten op kultureel mêd, lykas it oargelpark yn Amsterdam en byldengalery It Depot yn Wageningen. Ek stimulearret hy talintfolle keunstners om harsels te ûntploaien.
- Cees Dekker (Smitshoek, 1946) – wurket al rom tritich jier oan it behâld fan farrend en yndustrieel erfgoed.
- Hein van der Bruggen (Maasniel, 1949) - is al tritich jier dwaande mei it fêstlizzen fan histoaryske wichtige dingen yn Roermond en fan libbens fan bysûndere Roermondenaren. Sels skriuwt hy oer de meast ferskillende ûnderwerpen.
- Gerrit Hasendonckx (Lier, Belgje, 1952) – oprjochter fan de wurkgroep Archeology fan de skoallemienskip Philips van Horne yn Weert. Troch de wurkgroep hat hy 30 jier lang jongerein kennis oer en leafde foar de archeology bybrocht.
- 2009
- Elisabeth Janssens (1923) - vanwege haar inzet voor het in stand houden en vernieuwen van het geestelijk erfgoed in Nederland
- Winthrop Curiel (1934) - spant zich al ruim veertig jaar in voor het behoud van cultuur en natuur op de Antillen en Aruba. Is voorzitter van het Prins Bernhard Cultuurfonds Nederlandse Antillen en Aruba
- Jan Koolen (1937) - meer dan veertig jaar actief als natuurbeschermer in het Nationaal Park De Biesbosch
- Jan Maarten Boll (1942) - vanwege zijn inzet voor het behoud van kunstschatten voor Nederland en voor het terugbrengen van Hollandse kunst naar Nederland. Voormalig voorzitter van de Vereniging Rembrandt
- Henny Brunnekreeft (1943-2013) - heeft jarenlang de belangen behartigd van de amateurmuziek en aanverwante vormen in Nederland. Heeft leiding gegeven aan de Koninklijke Nederlandse Federatie van Muziekverenigingen
Sûnt 2010
- 2010
- Ena Dankmeijer-Maduro (Kurasau, 1920) - foar it behâld en de útwreiding fan de troch har oprjochte Mongui Maduro Bibleteek op Kurasau
- Jan Sonneveld (Pijnacker, 1924) - leit him sûnt 1988 ta op it sammeljen en beskriuwen fan religieuze gebouwen yn Nederlân
- Ria Geluk (Nieuwerkerk, 1946) - inisjatyfnimmer fan talleaze projekten (bygelyks it ta stân kommen fan it Wettersneedmuseum yn Ouwerkerk) en bestjoerder fan alderlei sosjale en kuturele ynstellingen yn Seelân
- Rob Lokin (Ommen, 1946) - as de krêft efter it Afrikafestival yn Hertme
- 2011
- Isabelle Gräfin zu Ortenburg-gravin van Aldenburg Bentinck (De Steeg, 1925-2013) - foar it yn stân hâlden fan Kastiel Middachten
- Joke Sickmann (Amsterdam, 1932) - foar it behâld fan kultureel erfgoed yn Amersfoart
- Han Nefkens (Rotterdam, 1954) - as mesenas op it mêd fan ynternasjonale hjoeddeiske keunst
- 2012
- Wim Statius Muller (Kurasau, 1930) - foar syn bysûndere bydrage as komponist en pianist oan de Kurasauske muzyk
- Reint Wobbes (Heechtsjerk, 1940) - foar syn krewearjen foar it kultureel erfgoed, benammenlik midsiuwske tsjerken en tsjerkhôven, yn Grinslân
- Clemens van der Ven (De Bosk, 1941) en Neeltje van der Ven-Blonk (Rotterdam, 1940) - foar harren bysûndere bydrage as moderne mesenas foar keunst en kultuer
- 2013
- Frans Wytema (Beilen, 1940) - foar syn krewearjen foar it behâld en restauraasje fan de Saanske houtbou en âlde muzykynstruminten
- Jos de Pont (Amsterdam, 1943) - foar syn rol as moderne mesenas foar keunst en kultuer
- Caroline de Westenholz (Londen, 1954) - foar har ynset foar de oprjochting en it bewarjen fan it Louis Couperus Museum yn De Haach
- 2014
- Albert Groot (Alkmer, 1953) - foar syn rol as moderne mesenas foar keunst en kultuer
- Hans Noordmans (Frjentsjerteradiel, 1929 - Snits, jannewaris 2014) - ûntfangt de Sulveren Anjer postúm foar syn ynset foar it behâld fan it Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer, it âldste noch wurkjende planetarium yn de wrâld
- Jaap van Velzen (Amsterdam, 1931) - om reden fan syn krewearjen foar it behâld fan it kulturele erfgoed fan it foaroarlochske joadsle libben yn Nederlân
- 2015
- Hib Anninga - foar syn rol as mesenas; grûnlizzer fan Lângoed Anningahof
- Herman Lubberding - foar syn ynset foar it archeologysk erfgoed en de kulturele histoarje fan Dimter en wide omkriten
- Millicent Smeets-Muskus - foar har frijwillige ynset foar de keunst en kultuer op Kurasau
- 2016
- Jack Kooistra - foar syn wurk as WOII-kronikeur.
- Frans Peese Binkhorst (Doetinchem, 1935) en Lideke Peese Binkhorst-Hoffscholte (Sint Oedenrode, 1940) foar harren rol as mesenas foar de hjoeddeiske Nederlânsk byldhou- en peinjekeunst
- Eric Zwijnenberg (Heiloo, 1946) foar syn krewearjen foar it behâld fan mûnen yn Nederlân en yn 't foarste plak yn Noard-Hollân
- 2017
- Pieter Breuker - foar syn bydragen oer de keats- en sporthistoarje
- Jan Buisman (Kulemboarch, 1925) foar syn ûndersyk nei en publikaasjes oer it waard yn Nederlân yn de rin fan de iuwen
- Elise Wessels-van Houdt (Rotterdam, 1943) foar har rol as moderne mesenas foar de byldzjende en poadimkeunsten
- 2018
- Piet de Boer (1942, Doardt) foar syn ynset as foarsitter foar it Folendamsk Opera Koar.
- Alice van Romondt (1949, Arûba) foar har bydrage oan de kultuer, de literatuer en de keunsten op Arûba.
- Hans van der Ven (1942, De Haach) foar syn help oan benammen it Ryksmuseum Amsterdam by it winnen fan keunstwurken dy't wichtich binne foar it erfgoed fan Nederlân.
- 2019
- Albert Goutbeek (Emmen ûnder Dalfsen, 1936) foar syn krewearjen foar de kultuerhistoarje, archeology, kartografie en natuer fan Dalfsen en omkriten.
- Paul Spapens (Hilvarenbeek, 1949) fanwegen syn protte en grot ferskaat oan kulturele inisjativen yn Noard-Brabân.
- Herman en Cora Labberté-Hoedemaker (1934 en 1937) foar harren rol as mesenas foar studinten byldzjende keunst en muzyk yn benammen Noard-Nederlân.
2020-2029
- 2020
- Kees Bos (1938), Koudekerke, foar syn publikaasjes oer Seelân, benammen de lânskipsatlassen fan Walcheren en de Easterskelde
- Els Blokker-Verwer (1947), Laren, fanwegen har skinkingen oan organisaasjes, dy't ûnder oaren warber binne op it mêd fan byldzjende keunst en muzyk, wêr't Koninklijk Concertgebouworkest en it Leerorkest ûnder binne; ek hat se goed hûndert skilderijen (û.o. tsientallen fan Jan Sluijters) skonken oan museum Singer Laren, en makke hja it mooglik dat it museum útwreide waard mei in tal museumsealen
- Albert Haar (1949), Zuidwolde, is ien fan de inisjatyfnimmers en presintatoaren fan De Literaire Hemel, in talkshow mei skriuwers yn it kulturele kafee De Amer yn it doarp Amen, mei-oprjochter en konservator fan it C+B Museum, wijd oan de Drintske bluesband Cuby & the Blizzards
- 2021
- Johan Veenstra, Nijeholtpea, foar syn krewearjen foar it Stellingwerfsk