Springe nei ynhâld

Hoef

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hoeven)
De (spjalten) hoeven fan in ree (Capreolus capreolus).

In hoef is de mei hoarnstof (keratine) beklaaide útein fan 'e tean fan in hoefdier. Sa'n hoef bestiet út in justjes sêftere soal omjûn troch de hoefrâne, in fertikale hurde laach as fan in tsjûke neil, dy't yn 'e breedterjochting om 'e teanpunt hinne rôle is. It gewicht fan it bist wurdt yn 'e regel droegen troch sawol de soal as it ûnderste diel fan 'e hoefrâne. Mei't hoeven oanhâldend trochgroeie, moatte bisten yn beweging bliuwe om se ôf te sliten. By bisten dy't lang op stâl stien hawwe (en troch de eigner ferwaarleazge binne), bart dat soms net, mei as gefolch útgroeide hoeven dêr't it bist mar kwealk of net iens mear op rinne kin. Hoefdieren dy't lang stilsteane, binne dêrom fersoarging troch in poatbekapper brek.

Hoeven komme foar by hoefdieren, dy't opdield wurde kinne yn 'e evenhoevigen en de ûnevenhoevigen. By dy lêste groep, dêr't û.m. it hynder ta heart, hawwe de bisten yn 'e regel in hoef dy't út ien inkeld stik (oftewol ien inkele tean) bestiet (al komme trije teannen by guon soarten ek foar). De tapirs binne in apart gefal, mei't dy trije teannen oan 'e efterpoaten en fjouwer oan 'e foarpoaten hawwe. De evenhoevigen, dêr't û.m. de ko, it skiep, de geit en de baarch ta hearre, hawwe twa teannen, oftewol in spjalten hoef.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.