Springe nei ynhâld

Jan Buisman

Ut Wikipedy

Jan Buisman (Kulemboarch, 19 febrewaris 1925 - De Haach, 21 novimber 2024) wie in Nederlânske histoarysk geograaf.

Hy waard opbrocht yn Borkulo. Nei syn oplieding oan de Kristlike Kweekskoalle yn De Haach wie Buisman ferskate jierren ûnderwizer. Letter studearre er ierdrykskunde en skiednis yn Amsterdam en 1968 helle er syn doktoraaleksamen histoaryske geografy. Buisman stie 28 jier foar de klasse en skreau sa'n tweitich boeken.

Nei syn pinsjoenearring sette Buisman útein mei syn grutte wurk: de mânske rige Duizend jaar wind en water in de Lage landen, dy't úteinlik út acht dielen bestean sil, mar diel acht is anno 2024 noch net útbrocht. Yn dy boekesearje behannelet Buisman de waarsomstannichheden yn Nederlân en Belgje fan jier oant jier fanôf 763. Hy hellet de waarfeiten út de meast útienrinnende boarnen.

De boekerige ferskynde yn nau oparbeidzjen mei it KNMI yn De Bilt en waard útjûn troch útjouwerij Van Wijnen.
Maart 2011 ferskynde tuskentroch in boek dat de hûndert hichtepunten út de waarskiednis fan Nederlân beskriuwt: Extreem weer! Een canon van weergaloze winters & zinderende zomers, hagel & hozen, stormen & watersnoden.

Op 29 april 2011 waard Jan Buisman riddere; hy waard Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.[1]
Yn 2017 krige Jan Buisman de Sulveren Anjer foar syn ûndersyk en publikaasjes oer it waar yn Nederlân. Dy binne fan grutte wearde foar de meteorology en de Nederlânske skiedskriuwing. Duizend jaar weer, wind en water in de Lage Landen heart ta it kultureel erfgoed fan Nederlân.

Jan Buisman stoar yn novimber 2024 yn de âlderdom fan 99 jier.[2]

Duizend jaar weer, wind en water in de Lage Landen:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Weerhistoricus Jan Buisman geridderd, parseberjocht op webstee KNMI, 2 maaie 2011
  2. Famyljeberjocht, NRC, 23 novimber 2024.