Anne Anema

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Anne Anema

Anne Anema (Minnertsgea, 10 febrewaris 1872 - Haarlim, 18 febrewaris 1966) wie in Nederlânsk politikus.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anne Anema studearre in skoftke klassike talen oan de Frije Universiteit Amsterdam en dêrnei rjochten oan de Universiteit Leien. Dêrnei wie er advokaat yn Ljouwert en Amsterdam en waard er yn 1904 heechlearaar boargerlik rjocht oan de FU.[1]

Anema waard yn 1921 lid fan de Earste Kamer foar de ARP. Fan jannewaris 1925 oant septimber 1926 en fan septimber 1929 oant septimber 1960 wie er fraksjefoarsitter.[1] Doe't er yn 1960 de senaat ferliet wie er 88 jier. Sadwaande is er it âldste parlemintslid dat yn de Eerste of de Twadde Keamer sitten hat. (yn 2015)[2][3]

Fan 1934 ôf wie er lid fan de KNAW. Yn 1961 krige Anema de Sulveren Anjer fan it Prins Bernhardfûns.

Anne Anema boaske yn 1906 oan Anetta Albertha Gertzen, sy krigen in dochter.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Parlement & Politiek, Biografyske gegevens fan Anne Anema
  2. Parlemint & Polityk, Wie waren de oudste Eerste Kamerleden
  3. Parlemint & Polityk, Oudste Tweede Kamerlid