Springe nei ynhâld

Alde Leie

Ut Wikipedy
Alde Leie
Oan 'e Slink
Oan 'e Slink
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 240 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 1,44 km², wêrfan:
- lân: 1,41
- wetter: 0,03 km²
Befolkingsticht. 167 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 17' N 5° 43' E
Offisjele webside
Doarpsside
Kaart
Alde Leie (Fryslân)
Alde Leie

Alde Leie is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Alde Leie leit noardeastlik fan Froubuorren, súdeastlik fan Aldebiltsyl en westlik fan Hijum en Feinsum. De doarpskearn fan Alde Leie leit oan de Leijster Hegedyk, Langedyk, Arjen Roelswei en Leister Feart (Muntspaed en De Streek).

Sûnt 1984 is hiel Alde Leie in selsstannich doarp, dêrfoar wie it in buorskip dat by Feinsum, Hallum en Froubuorren hearde.

Alde Leie hat 240 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Alde Leie ûntstie by de Aldeleistersyl, in slûs dy’t oanlein wie foar de ôfwettering fan Eastergoa op de Middelsee. Al gau krige dy syl ek in funksje as foarhaven fan Ljouwert. De hannelsstêd Ljouwert hie gjin streekrjochte ferbining mei de see, dy rûn oer de Dokkumer Ie. It ûnderhâld fan de Ie joech lykwols lang swierrichheden. De oanlizzende doarpen moasten de Ie befarber hâlde, mar dy hienen dêr sels gjin belang by en wienen al tefreden as se it oertallich wetter mar op de Ie kwyt koenen. Ljouwert socht dêrom nei alternativen en fûn dy yn de de Hijumer en Feinsumer fearten. De Hijumerfeart kaam as grinsfeart by de syl út en de Feinsumerfeart krige in oansluting. Alde Leie waard sa seehaven. De Saksyske hartoggen hawwe der sels noch in dûanepost hân.

Mei de ynpoldering fan It Bilt waard it belang fan de slûs ek minder. Der is noch besocht om in ferbining te meitsjen mei de Nije Syl, de doe nije slûs yn wat no Aldebiltsyl is. Dy ferbining is der kommen, mar foar de skipfeart hat dy nea wichtich west. Yn ‘e rin fan de tiid is de slûs dan ek ferfallen.

It doarp bestie al yn de midsiuwen, mar is pas yn 1985 ien doarp wurden. Dêrfoar foel it ûnder trije gemeenten en wie it in part fan Feinsum, Hallum en Froubuorren. Op 1 jannewaris 1974 waard it part yn Ljouwerteradiel in doarp en op 1 jannewaris 1975 it part yn Ferwerderadiel ek. It part yn It Bilt bleau in buorskip oant by de gemeentlike weryndieling fan 1984 hiel Alde Leie in doarp fan Ljouwerteradiel waard. Sûnt de lêste weryndieling fan 2018 heart it doarp by de gemeente Ljouwert.

De namme Alde Leie sil ôflaat wêze fan it wurd leie, dat wetterin betsjut.

De trije gritenijen dêr’t Alde Leie ûnder foel beskôgen it as nimmenslân. It waard in plak foar sa’n sân, acht doarpen om earme arbeiders, widdo's en wezen hinne te stjoeren. Bakker J.S. van de Steegh beskreau it earmhûs en de bewenners fan Alde Leie as 'Triennebuorren'. Allinne yn 'e maitiid en de simmer soarge de wjuddersbaas foar wurk om it lân foar de boeren túchfrij te hâlden. Op sneontejûn waard it swierfertsjinne lean dan yn de fjouwer oant fiif kroegen fan Alde Leie fersûpt. Jûns kamen der dan plysjes om der op ta sjen dat it net op moardzjen útrûn. Alde Leie krige sa de bynamme ‘Sodom’. De doarpen deromhinne dienen eins neat om dêr ferbettering yn oan te bringen en ek de herfoarme tsjerke liet it ôfwitte. In oare bynamme fan Alde Leie is 'Hier troch de pet', mooglik ek in ferwizing nei de grutte earmoede yn it doarp en dat de manlju gjin jild hiene in nije pet te keapjen.

De eardere tsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De frije-evangelyske gemeente
Op dizze âlde foto stiet de Frije-Evangelyske Tsjerke noch.

De fertutearze Leisters hawwe yn 1875 it inisjatyf nommen om dan sels mar in tsjerklike mienskip op te rjochtsjen. As earste dûmny waard Marinus Mooij beroppen. Mooij wie in foar dy tiid goed traktemint fan 500 gûne tasein. Doe’t er kaam die lykwols bliken dat de tritich húshâldings net mear as 50 gûne opbringe koenen. Mooij bleau en waard in omreizgjend evangelisaasjedûmny. Hy sammele jongerein om him hinne en as de ‘Emausgongers’ teagen se de omkriten fan Alde Leie troch. Ut in ferslach fan 1880 blykt dat de tsjerke, dêr’t 500 minsken ynkoenen, sneins grôtfol wie. Mooij hat him foaral talein op de drankbestriding. Yn 1918 waard besletten om de tsjerke yn Alde Leie te sluten en dy oer te pleatsen nei Aldebiltsyl, om’t dêr de measte leden wennen. De tsjerke is doe ôfbrutsen.

De Grifformearde Tsjerke
Grifformearde tsjerke fan Alde Leie

Yn 1910 waard de Grifformearde Tsjerke fan Alde Leie en Froubuorstersmûne stifte. De tsjerke hat noait in eigen dûmny hân. Der kaam in gearwurkingingsferbân mei de tsjerke fan Hijum/Feinsum. Yn 1971 is de tsjerke gearfoege mei dy fan Aldebiltsyl. It gebou stiet der noch.

It stasjon
Doe’t de trein noch ried.

Alde Leie hie in stasjon op de line fan de Noarder Lokaal Spoarwei fan Ljouwert nei Harns. Alde Leie hat noait yn it spoarboekje stien. Dêryn stie Vrouwbuurstermolen. It gebou stiet der noch op ‘e grins mei Buerstermûne en is no wenhûs wurden.

De Balkeneinster mûne
Balkendstermûne (foargrûn) mei dêr efter de Slachdykster Mûne

Oan de Feinsumer Feart stiet de Balkeinsterpoldermûne út 1844. Tusken 1983-1987 hat de mûne ûnder hannen west en is doe oerdroegen oan de Stifting De Fryske Mole.

Postkoades

Yn 2007 hat sa likernôch de helte fan de ynwenners fan Alde Leie meiwurke oan it oerdwaan fan ien fan harren postkoadesn it nije doarp Nij Altena. Troch de sitewaasje dat Alde Leie foar de weryndieling yn twa gemeenten de status fan doarp hie, hie it ek twa postkoaden krigen. Doe't der foar Nij Altena binnen it regio-tsiental gjin postkoade mear frij wie, fûn de Topografyske Wurkgroep Fryslân nei wat sneupen yn Alde Leie twa. Op 1 maaie 2008 hat TNT Post postkoade 9072 oersetten nei Nij Altena.

Slûs mei fiskhevel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Slûs yn 'e Leisterfeart

Op 16 july 2010 waard de nije slûs yn de noardlike Alvestêdenfarrûte yn gebrûk nomd. De trochgeande farrûte is boud omdat it polderpeil yn It Bilt leger is as de Fryske boezem. It 30 meter lange bousel wurket, nei oanmelden mei in knop, folslein automatysk. Njonken de slûs is in fiskpassaazje oanlein. Dy moat foar migraasje en útwreiding fan it leefgebiet fan fisken soargje. De fiskhevel rint as in swarte buis oer in dykje. Oan de boppekant sitte inkele rútsjes wêrtroch't yn de buis sjoen wurde kin. De rútsjes kinne fan de bûtenkant ôf skjinmakke wurde mei lytse wisserkes.

Doarpshûs Us Gebou

Alde Leie is foaral op Froubuorren rjochte. Ek it ferieningslibben wurdt mei Froubuorren dield. De tradisjonele skelnamme foar Aldeleisters is "hier troch de pet", in ferwizing nei de earmoede eartiids. De doarpskrante hjit 'De Pet'.

Alde Leie hat ek in eigen doarpsflagge. Trije banen, read, giel en blau. De flagge is al opnaam yn it Flaggeboek Hesman, likernôch 1702 en is op 'e nij oannaam yn 2001.

Alde Leie hat gjin eigen skoalle mear. Yn de eardere skoalle is tsjintwurdich it doarpshûs ûnderbrocht. De bern geane nei Froubuorren nei skoalle.

18e-iuwsk pleatske oan 'e Slink

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

Leisterbrêge

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1975* 1999 2002 2003 2004 2009 2015 2020
Ynwenners 339 274 271 284 272 272 270 265 235

* (Ferdieling oer de gemeenten: Ljouwerteradiel 175, Ferwerderadiel 87 en It Bildt 12.)

Leijester Hegedyk rjochting Arjen Roelswei

Arjen Roelswei, De Streek, It Skoalpaad, Langedyk, Leister Hegedyk, Mûntspaad, Oan 'e Slink, Op 't Fintsje, Pollepaad.

Alde Leie of Aldeleie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn septimber 2007 hat it doarpsbelang de fraach oan 'e ynwenners foarlein hoe't hja de Fryske namme fan it doarp skriuwe. De útslach wie dat sa'n 80 persint Alde Leie skriuwt en net 'Aldeleie'. De 'foute' namme Aldeleie komme se noch mar in jier as tweintich tsjin. De Topografyske Wurkgroep Fryslân hat foar it doarpsbelang útsocht hoe't it misgien is. Fêst te stellen is dat yn alle gefallen it Frysk Wurdboek 1984 fan de Fryske Akademy de namme Aldeleie neamt. De TWF hat yn syn Standertlist 1997 de Akademy folge. Soks hie fan gefolgen dat de Provinsje Fryslân, dy't mei dy standertlist wurket, ek Aldeleie ynstee fan Alde Leie brûkte. It wie yn it Frysk oangeande plaknammen gewoan om in adjektyf as âlde, nije en hege as foarheaksel oan de namme te heakjen. By de Steatestavering fan de jierren 1970 liket dy gewoante by plaknammen strakker hantearre, mar der binne útsûnderings: Alde Ouwer, De Lytse Jouwer, Nij Beets en Alde Leie. De lêste is ferkeard yn it wurdboek kaam. Om't de Fryske plaknamme Alde Leie of Aldeleie net wetlik fêstlein is, stiet it doarpsbelang no sterk mei de skriuwwize Alde Leie. Op 13 maart 2008 hat de gemeenterie fan Ljouwerteradiel de namme foar de Gemeentlike Basis Administraasje fêststeld as Alde Leie. De Frysk Akademy hat tasein de namme sa yn de wurdboeken op te nimmen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
· · Berjocht bewurkje