Arjen Roelofs

Ut Wikipedy

Arjen Roelofs (Hijum, 1 maart 1754 - Hijum, 11 maaie 1828), mei heit en fan Arjen Roelofs Roelofs, wie boer en stjerrekundige.

De húshâlding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze foto is fan 1941. De foarein waard troch mear as ien húshâlding bewenne. Nei 1950 is alles ôfbrutsen

Arjen Roelofs waard berne op de eardere Hommema-sate by Hijum. Arjen wie de jongste fan fjouwer jonges en twa famkes. Harren heit hierde Hommema-sate. It wie net in maklik bestean en de jonges waarden op de pleats oan it wurk setten. Allinne de âldste, Klaas, woe gjin boer wurde en hat foar stjoerman leard. Dat slagge him net, it kin ek sa wêze dat er dêr gjin brea yn seach, en doe is er dokter yn Seisbierrum wurden. Der wurdt wol tocht dat dat de oarsaak west hat dat syn bruorren Piter, Albert en Arjen niget oan wiskunde krigen. Se begûnen ek mei it bouwen fan ynstruminten. Harren heit wie der net sa wiis mei, mar harren mem stimulearre harren.

Nei it ferstjerren fan harren âlden, hawwe de trije bruorren, mei harren suster Antsje as húshâldster, de pleats oernommen. Gjinien fan harren is troud en oant harren dea ta binne se op Hommema-sate wenjen bleaun.

Neffens sa as der wol tocht wurdt, moat Arjen as man polio krige hawwe. Dêrtroch woe ien skonk net sa goed mear, en letter waard er foar it boerewurk ek minder geskikt. Hy koe him doe fansels al hielendal oan syn leafhawwerij wije. Ek syn oare bruorren dienen mei. Piter stie bekend as wiskundige en Albert wie klokkemakker. Piter en Arjen dienen ek oan waarkundige waarnimmings.

De freonerûnte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eise Eisinga wie geregeld yn Hijum te finen en dy soarge derfoar dat de Frjentsjerter professor Jean Henri van Swinden ek in fêste besiker waard. Ek krige Arjen learlingen. Syn neef Roel Hessels Hommema en dy syn freon Rinse Bearts Gelder hawwe har oplieding yn Hijum krige. Fierders wurke Arjen in protte gear mei de ynstrumintmakker en boer Sieds Jehannes Rienks út Hallum. Der wurdt wol tocht dat Arjen foar Rienks de measte berekkenings útfierd hat, ûnder oaren ek foar de teleskopen foar Leien en Utert, dêr't Rienks yn 1818 opdracht foar krige.

Arjen rekkenne yn it foar út hoenear at der sinnefertsjustering wienen. By de sinnefertsjustering fan 7 septimber 1820 hie Arjen dan ek gâns in selskip by him op it hiem. Syn bruorren wienen jierren lyn al ferstoarn, mar yn stee stie er dêr mei de gûverneur fan Fryslân, jonker I.A Aebinga fan. Humalda, professors út Frjentsjer en mei Arjen syn eigen meiwurkers. Ek Eise Eisinga wie der op ôfkommen.

Oare projekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arjen Roelofs hat noch mei in protte oare saken dwaande west, ûnder oaren:

Oflieders[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wie faak sa dat der in pleats troch it wjerljocht troffen waard. Arjen hie it ferskynsel tonger bestudearre, ûnder oaren mei in draak. Sa kaam er derta en betocht in ôflieder. Hy liet de ôflieders troch Rienks yn Berltsum meitsje, en se waarden foar 30 gûne ferkocht.

Bettere seediken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de febrewarisfloed fan 1825 waard der besjoen oft de diken net better koenen. Arjen Roelofs die oan it provinsjaal bestjoer in foarstel om de diken oars oan te lizzen. De diken wienen frij steil en waarden beskerme troch peallen. Dy peallen waarden oantaast troch de pealwjirm. Roelofs stelde foar om de peallen ôf te skaffen en oer te gean op diken mei in gloaiïng en dy mei fêste ierde te bedekken. Of Arjen bekend wie mei de ideeën fan Willem Loré is lykwols net dúdlik.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 11 maaie 1828 ferstoar de 'boereprofessor' nei in lange sykte. Hy waard by syn bruorren en suster begroeven op it hôf te Hijum. De wei dy't fan Alde Leie nei by de pôle rint dêr't Hommema-sate stie, hjit nei him Arjen Roelswei. Ek is de Hijumer skoalle nei him neamd.

Hânskriften[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roelofs hie it fierder bringe kinnen as er it brocht hat. Syn probleem wie dat er troch en troch yndividualist wie. Fan boeken makke er gjin gebrûk, hy berekkene it leaver sels. Boppedat hie er it tige nei ‘t sin yn Hijum. Hy moat it nedige skreaun hawwe oer syn wurk, mar om it út te jaan fielde er neat foar.

Yn 1829 kaam der yn Frjentsjer in boekje út fan syn kunde, boer Worp van Peyma út Ternaard, mei as titel Levenberigten van Arjen Roelof Roelofs. Dy hat hjir gebrûk meitsje kinnen fan de folsleine hânskriften fan Roelofs. It measte dêrfan is sûnt wei wurden. Der moat noch wat fersille by de famylje lizze, ek Tresoar hat in kolleksje en guon ynstituten hawwe noch wat.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]