A. Marja

Ut Wikipedy
A. Marja (1962)

A. Marja, pseudonym fan Arend Theodoor Mooij (Alde Leie, 8 maart 1917De Haach, 10 jannewaris 1964) wie in Nederlânsk dichter en skriuwer. De skûlnamme ûntliende er oan de foarnamme fan syn mem.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mooij waard berne yn de pastorij fan Alde Leie dêr't syn heit Marinus Mooij dûmny wie foar de Frije Evangelyske Gemeente. Yn 1924 ferfear de húshâlding Mooij nei Wynskoat, dêr't Marja fan 1930 tot 1936 nei de kristlike hbs gie. Yn 1934 moete er de oankommend dichter Koos Schuur, mei wa't er oant syn dea nau befreone bliuwe soe. Under ynfloed fan in learaar Dútsk publisearre Marja, noch ûnder eigen namme, in gedicht yn Volk en Vaderland (2 febrewaris 1935). Doe't syn heit yn Yerseke beroppen waard, gong Marja op keamers yn Grins. Yn it lêste jier op de HBS rekke er fereale op Geerdina Aaltje Kuiper. Marja soe yn 1944 mei har trouwe en hat in tal leafdesferzen oan har opdroegen.

A. Marja debútearre 1937 mei de dichtbondel Stalen op zicht. Syn iennichste roman Snippers op de rivier makke fiif werprintingen mei en hie goede kritiken: Het boek is frisch geschreven en vooral de «ontknooping» vind ik gezond en boeiend. Met een diepe en oprechte toewijding voor de personen geschreven. (H.M. van Randwijk) en Een debuut, dat niet zonder betekenis is. (B. van Noort).

Marja wurdt troch guon ta de Grinzer Skoalle rekkene. Marja makke ek namme mei syn practical jokes, rigoereuze grappen dy't er mei kollega-dichters en skriuwers úthelle; dat waard him wolris kwea-ôf naam. Marja syn libbenspaad wie net sûnder tûkelteamen: hy koe net fan de skriuwerij libje, hie muoite mei it behâlden fan in fêste baan, troude twaris op 'en nij en krige al betiid lêst fan syn hert en fan sûkersykte.

Oktober 2008 soarge in werútjefte fan Snippers op de rivier, in karlêzing út de gedichten fan A. Marja en in spesjale ôflevering fan it literêre tydskrift Tzum foar nij omtinken foar Marja.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poëzy

  • 1937 - Stalen op zicht
  • 1939 - Eenvoudig schilderij
  • 1939 - Omneveld havenlicht
  • 1942 - Zon en sneeuw
  • 1942 - Maar ja, Marja
  • 1943 - Blauw, rose en grijs
  • 1943 - Waar ik ook ga
  • 1944 - Zelfportret voor haar
  • 1947 - De keuze
  • 1948 - Van mens tot mens
  • 1953 - Confidentieel
  • 1955 - Traject
  • 1956 - Man van dag en nacht
  • 1957 - Zich lekker voelen
  • 1957 - Reislust
  • 1959 - Wat ik speelde
  • 1962 - Nochtans een christen
  • 1963 - De fatale bres
  • 1963 - Van de wieg tot het graf
  • 2008 - Ergens halverwege zweven (karlêzing)

Skeppend proaza

  • 1941 - Snippers op de rivier
  • 1942 - In kleine terts

Beskôgjend proaza

  • 1946 - Schuchter en iets luider
  • 1947 - Zeepbellen in de orkaan
  • 1949 - Binnendijks, buitendijks
  • 1954 - Buiten het boekje
  • 1963 - Poëzieproeven

Oersettingen

  • 1944 - Keur uit Rilke
  • 1945 - De Bajesballade van Wilde Oscar (Oscar Wilde)
  • 1948 - De stroper (H.E. Bates)
  • 1948 - Stalingrad (Theodor Plievier)

Karlêzingen

  • 1955 - Voor de bijl
  • 1956 - Over de kling
  • 1958 - Tussen de gemaskerden

Toaniel

  • 19?? - Kiespijn, kabel en critiek
  • 1949 - Zestig jaar mei

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]