Springe nei ynhâld

The Fall of the Roman Empire

Ut Wikipedy
The Fall of the Roman Empire
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Anthony Mann
produsint Samuel Bronston
senario Ben Barzman
Basilio Franchina
Philip Yordan
kamerarezjy Robert Krasker
muzyk Dimitri Tiomkin
filmstudio Samuel Bronston Productions
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Stephen Boyd
Christopher Plummer
Sophia Loren
byrollen Alec Guinness
James Mason
Omar Sharif
Mel Ferrer
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 24 maart 1964
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 188 minuten
budget en resultaten
budget $16 miljoen
opbringst $4,8 miljoen
prizen 1 × Golden Globe

The Fall of the Roman Empire is in Amerikaanske histoaryske dramafilm en sandalefilm út 1964, dy't filme is yn Technicolor. De film stie ûnder rezjy fan Anthony Mann, en hie Stephen Boyd, Christopher Plummer en Sophia Loren yn 'e haadrollen. De titel betsjut "De Fal fan it Romeinske Ryk", mar dat is misliedend, mei't de film eins in perioade út 'e Romeinske skiednis sjen lit fan iuwen foar de eigentlike fal fan it Romeinske Ryk. De namme ferwiist eins nei it ferfal ta korrupsje en dekadinsje dy't op 'e lange doer ta de ûndergong fan it ryk liede soe. De plot folget de generaal Livius en syn grutte leafde, de prinsesse Lusilla, dy't besykje foar te kommen dat Lusilla har healbroer, de keizer Kommodus, it ryk yn it ferdjer stoarte sil mei syn koartsichtige en egoïstyske belied. (De stof dy't behannele wurdt, komt eins fierhinne oerien mei dy fan Gladiator, út 2000, hoewol't de ôfwurking oars is.) The Fall of the Roman Empire krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't de beoardieling yn lettere jierren mylder waard. De film wûn in Golden Globe foar bêste filmmuzyk. Yn 'e bioskopen flopte The Fall of the Roman Empire folslein, wat ta it fallisemint fan filmstudio Samuel Bronston Productions late.

Yn 'e winter fan it jier 180 is de Romeinske keizer Markus Aurelius behelle yn 'e Markomanne-oarloch oan 'e noardgrins fan it Romeinske Ryk, by de Donau, dêr't er besiket en ûnderwerp de Markomannen en oare Germaanske stammen. Hy wurdt bystien troch syn riedshear, de etnysk Grykske âld-slaaf Timonides, en de generaal Gajus Livius. Dy lêste komt út in foaroansteande Romeinske famylje, dy't nauwe bannen mei it keizershûs ûnderhâldt. Livius is al fan bern ôf oan fereale op 'e keizer syn dochter Lusilla, en befreone mei har broer Kommodus.

Markus Aurelius is gjin sûn man, en hy fernimt dat syn ferstjerren nei-oan is. Dêrom lit er Livius by him komme en bringt dyselde op 'e hichte fan syn plannen mei it Ryk. Hy wol út noch yn net dat Kommodus him opfolget as keizer, mei't dat in liddichgonger is dy't inkeld oan syn eigen geniet tinkt en neat jout om syn ûnderdienen. Dat makket him yn 'e eagen fan Markus Aurelius folslein ûngaadlik foar it keizerskip. Ynstee wol de âlde keizer dat Livius nei him regearret. Hy dreamt fan in ein oan 'e ûnophâldlike Romeinske oarloggen en wol alle ynwenners fan it ryk it Romeinsk boargerskip jaan, de barbaren ynbegrepen. Allinne sa sil beskaving en frede him oer de hiele bekende wrâld ferspriede kinne. Livius is ferbjustere as er dat allegear heart, en hy wifelet om it keizerskip oan te nimmen. Krekt dy wifeling, sa leit Markus Aurelius letter oan Lusilla út, makket de generaal sa geskikt foar it keizersamt. Om útein te setten mei syn ideälen jout Markus Aurelius oan Livius opdracht om 'e lieder fan 'e Germanen, Ballomar, net te deadzjen, mar finzen te nimmen, sadat troch him syn folk oerhelle wurde kin om boargers fan it Romeinske Ryk te wurden. Om it Keninkryk Armeenje, yn it easten, nauwer mei it Ryk te ferbinen, beslút Markus Aurelius om Lusilla út te hylkjen oan 'e Armeenske kening Sohaimus.

As Kommodus oan it front ferskynt, om't er heart hat dat syn heit almar mear yn 'e minnichte rekket, bringt er syn freonen mei, in kliber foarname Romeinske sjerpslikkers, en teffens syn gladiators, dêr't er mear wearde oan hechtet as oan soldaten. De ûntdekking dat syn heit him oan 'e kant skood hat yn it foardiel fan Livius, docht him bot sear en skansearret de ûnderlinge bân fan 'e beide jongemannen, dy't earder suver as bruorren allyk wiene. Kommodus hellet it him yn 'e holle en lis de saak oan 'e goaden foar. Dêrta smyt er himsels foaroan yn 'e striid, sadat der alle kâns bestiet dat er sneuvelje sil. As dat net bart, sa giet syn logika, moat it wol betsjutte dat de goaden wolle dat er keizer wurdt. Livius is dêr twifelich oer, mar hy wiist it ek net fuort ôf. Kommodus oerlibbet de fjildslach ûnskansearre, en is dan yn syn eigen holle de iennichste rjochthawwende op 'e troan fan it Romeinske Ryk.

Underwilens bemûskopje de freonen fan Kommodus in gearspanning om Markus Aurelius te deadzjen ear't dy syn ûnterving fan Kommodus bekendmeitsje kin. Dat soe harren nammentlik raar reitsje om't se oan ien wei troch op 'e prins omponglúzje. Se hâlde harren dwaan lykwols foar Kommodus geheim. De moardoanslach wurdt troch fergiftiging beävensearre, en nimmen dy't it opmerkt; it hommels minder wurden fan 'e tastân fan 'e keizer en syn ferstjerren wurde oansjoen foar it natuerlik ferrin fan syn sykte. Livius ornearret dat er sûnder in iepenbiere proklamaasje troch Markus Aurelius gjin kâns makket om it Romeinske Ryk ûnder syn bestjoer te ferienjen, dat ynstee helpt er Kommodus op 'e troan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid wijt Kommodus him oan it teneate dwaan en bedjerren fan alles dat Markus Aurelius by syn libben al fan syn doelen berikt hie. Hy seit dat syn heit swak wie en dat er Rome wer sterk meitsje wol. Dêrta ferdûbelet er de belesting dy't de eastlike Romeinske provinsjes betelje moatte yn 'e foarm fan nôt, nettsjinsteande it feit dat yn dat part fan it Ryk op dat stuit hongersneed hearsket. Fierders fiert er yn Rome de troch syn heit ferbeane gladiatorspullen wer yn. Syn beslissings liede fuortendaliks ta grut trelit yn it Ryk.

Underwilens behellet Livius, dy't it befel oer de striid tsjin 'e Germanen oernommen hat, in grutte oerwinning, wêrby't Ballomar en al syn ûnderhearrige foaroanlju kriichsfinzen nommen wurde. Timonides besiket de kriichshaftige noarderlingen fan 'e fredesdream fan Markus Aurelius te oertsjûgjen, en wit lang om let harren fertrouwen te winnen troch in godsoardiel te ûndergean. Tegearre slagget it Livius en Timonides en bepraat de Romeinske Senaat om 'e Germanen it Romeinsk boargerskip te jaan en harren lân yn it Ryk bebuorkje te litten. Kommodus besiket dêr it near op te lizzen, mar rêdt dat net op. Lusilla, dy't likefolle fan 'e dream fan har heit hâldt as Kommodus dêr minachting foar fielt, helpt Livius om 'e keizer oer te heljen en lis him by de útspraak fan 'e Senaat del. By wize fan wraak stjoert Kommodus Livius werom nei de noardgrins en Lusilla mei Sohaimus nei Armeenje, sadat de beide minners inoar net wer sjen sille.

Jierren letter, as Livius suver alle Germaanske stammen oan 'e noardgrins bepraat hat om harren op freedsume wize by it Romeinske Ryk te jaan en Romeinske boargers te wurden, stjoert Kommodus in boadskipper om him nei Rome te ûntbieden. It docht bliken dat de eastlike helte fan it Ryk yn gearwurking mei Armeenje tsjin 'e keizer yn opstân kommen is. De iennichste troepen dy't beskikber binne en druk de rebûlje de kop yn, binne dy fan Livius. De generaal reizget mei syn leger nei it easten, dêr't er ta syn ûntsteltenis ûntdekt dat Lusilla de driuwende krêft efter de opstân is. Hja besiket en helje Livius oer om him by de opstannelingen te jaan, mar hy wegeret dat. Neitiid wurdt it leger fan Livius ûnferhoeds oanfallen troch it Armeenske leger fan Sohaimus. It docht bliken dat de kening in ferbûn sletten hat mei it Partyske Ryk, de aartsfijân fan 'e Romeinen, en in Partysk leger tsjocht op om ek de striid mei Livius-en-dy oan te binen. De eastlike Romeinske rebellen, dy't neat fan Sohaimus syn dwaan ôfwisten, kieze der dan foar om oer te rinnen nei Livius. It weriene Romeinske leger ferslacht de Armenen en de Parten, en Livius weeft ôf mei Sohaimus.

As it nijs fan 'e Romeinske oerwinning buorkundich wurdt, stjoert Kommodus oan Livius berjocht dat er him mei-hearsker oer it Romeinske Ryk meitsje wol. Tagelyk stjoert er ek befel om 'e provinsjes fan 'e eardere opstannelingen ûnmeilydsum te straffen, troch yn eltse grutte stêd fiiftûzen lju te krusigjen en mear as dûbel safolle ta slaaf te meitsjen. Livius wegeret dat te dwaan en stjoert de boadskippers fan Kommodus yn in koai werom nei Rome. Om wraak te nimmen foar Livius syn dôfhûdigens oarderet Kommodus om 'e delsettings fan 'e freedsume Germanen mei de grûn lyk te meitsjen en de bewenners sels allegearre te deadzjen of ta slaaf te meitsjen. Dêrby wurdt Timonides, dy't him mank de Germanen nei wenjen set hie, troch de soldaten fan Kommodus fermoarde, wylst Ballomar en syn húshâlding en de oare Germaanske foaroanlju as finzenen nei Rome ta brocht wurde.

As Livius en Lusilla lang om let mei harren leger yn Itaalje weromkeare, treffe se dêr de Germaanske delsettings folslein ferrinnewearre oan. Nettsjinsteande dat wegeret Livius om daliks mar it leger op Rome los te litten. Ynstee giet er sels allinne de stêd yn. Hy besiket earst mei Kommodus te praten, mar dy wol net nei him harkje. De Senaat sit no grôtfol jaknikkers dy't likemin harkje wolle, mar ynstee Kommodus ta god ferklearje. Livius wurdt foar ferrie finzen nommen. Kommodus stjoert karfollen goud út 'e stêd nei it leger, dat er gearskrabe hat troch alle goud út 'e Romeinske timpels te rôvjen. Dêrmei wit er Livius syn leger om te keapjen. De iennichste dy't net omkeapber is, Livius syn ûnderbefelhawwer Fiktorinus, wurdt troch in bôgesjitter deasketten.

Lusilla glûpt mei in dagge de stêd binnen, mei as doel om Kommodus om te bringen. De man dy't se fan efteren oanfalt, blykt lykwols net har broer te wêzen, mar Ferulus, de favorite gladiator fan 'e keizer. Dyselde ûntwapenet har sûnder swierrichheden. As Lusilla him follerlei rykdommen oanbiedt as er foar har Kommodus fermoardet, antwurdet er dat in man nea syn eigen soan deadzje moatte soe. Sa komt oan it ljocht dat de gladiator ien fan 'e mannen wie mei wa't Lusilla har mem oerhoer bedreau. Kommodus, dy't harren petear ôfharke, is alhiel oerémis en wegeret te leauwen dat er net in keizerssoan is. Hy beart dat er Ferulus omearmje wol, mar stekt him dan dea. Lusilla lit er by Livius en Ballomar en de Germanen op in mânske brânsteapel fêstbine, dêr't se by de fiering fan 'e fergoading fan Kommodus as minske-offers libben ferbaarnd wurde sille.

Wylst de sljochtwei Romeinen dronken oan it feestfieren binne, lit Kommodus Livius losmeitsje om't er foar himsels bewize wol dat er in bettere fjochter is as syn eardere freon. Yn in provisoaryske arena ôffrede troch de skylden fan in ôfdieling Romeinske soldaten, befjochtsje de beide mannen inoar op libben en dea mei werpspeetsen. Op it langelêst behellet Livius de oerwinning en stekt Kommodus dea. Mei syn lêste siken jout Kommodus befel om 'e brânsteapel oan te stekken. Livius hastiget him dêrhinne en wit Lusilla noch fan 'e flammen te rêden, mar Ballomar en de oare Germanen ferbaarne libben wylst se harren god Wuotan oanroppe om wraak foar harren te nimmen. Inkele senators biede Livius de keizerstroan oan, mar hy seit dat se dat oanbod mar better ynlûke kinne, mei't syn earste die as keizer wêze soe om harren allegear de deastraf op te lizzen. Wylst er him stilwei ôfjout mei Lusilla oan syn side, biede de senators tsjininoar op om 'e nije legeroanfierder om te keapjen, mei't elts fan harren ferlet hat fan dy syn stipe om sels keizer te wurden.

Stephen Boyd.
Christopher Plummer.
Sophia Loren.
haadrollen
personaazje                         akteur/aktrise
generaal Livius Stephen Boyd
keizer Kommodus Christopher Plummer
prinsesse Lusilla Sophia Loren


byrollen
personaazje akteur/aktrise            
keizer Markus Aurelius Alec Guinness
Timonides James Mason
kening Sohaimus fan Armeenje Omar Sharif
Kleänder Mel Ferrer
Ferulus Anthony Quayle
Ballomar John Ireland
Julianus Eric Porter
senator Finlay Currie
Polybius Andrew Keir
Pessennius Niger Douglas Wilmer
Fiktorinus George Murcell
Firgilianus Norman Wooland

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It idee foar The Fall of the Roman Empire kaam fan regisseur Anthony Mann. Yn 1961, doe't krekt syn foargeande film El Cid yn premiêre gien wie, seach er yn Londen, wylst er op in taksy wachte, yn 'e etalaazje fan in boekhannel it non-fiksjewurk The History of the Decline and Fall of the Roman Empire lizzen, fan histoarikus Edward Gibbon. Hy kocht it boek, lies it yn it fleantúch ûnderweis nei Madrid, en besleat by oankomst dat de stof gaadlik wie om in film oer te meitsjen. Hy lei it idee foar oan filmprodusint Samuel Bronston, dy't deryn tastimde om it projekt te finansieren.

It wie yn 't earstoan de bedoeling dat de Amerikaanske akteur Charlton Heston de rol fan Markus Aurelius spylje soe, mar dy hie dêr gjin belangstelling foar. Hy woe wol meiwurkje oan in oar projekt fan Bronston, 55 Days at Peking, oer de Bokseropstân fan 1900 yn Sina. Mei't Heston op dat stuit ien fan 'e grutste filmstjerren fan 'e wrâld wie, waard The Fall of the Roman Empire op 'e lange baan skood, wylst 55 Days at Peking nei foarren helle waard. De filmsets dy't al boud wiene foar The Fall of the Roman Empire, waarden sloopt en ferfongen troch sets fan 'e Ferbeane Stêd yn Peking.

Pas nei't 55 Days at Peking yn 1963 útkommen wie, koene Bronston en Mann fierder mei The Fall of the Roman Empire. By it meitsjen fan 'e film wurke Mann op basis fan in senario fan Ben Barzman, Basilio Franchina en Philip Yordan. De film waard produsearre troch Bronston syn eigen filmstudio, Samuel Bronston Productions en foar de film wie in budget beskikber fan $16 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Krasker, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Dimitri Tiomkin.

Nei't Charlton Heston de rol fan Markus Aurelius ôfslein hie, waard de rol oan Kirk Douglas oanbean, dy't him ek net spylje woe, sels net foar in salaris fan $1,5 miljoen. (Yn 1971 soed er yn in fraachpetear sizze dat er dêr wol spyt fan hie, om't er neitiid in protte leuke dingen betocht hie dy't er mei dat jild dwaan kinnen hie.) Uteinlik gie de rol nei Alec Guinness, wylst Livius spile wurde soe troch Stephen Boyd en Kommodus troch de Kanadeeske akteur Christopher Plummer. Gina Lollobrigida waard frege foar de rol fan Lusilla, mar mei har kaam men net ta oerienstimming. De rol gie nei Sophia Loren, dy't dêrfoar $1 miljoen útbetelle krige. De Egyptyske akteur Omar Sharif, dy't doe noch net botte bekend wie, spile de lytse byrol fan kening Sohaimus fan Armeenje.

De opnamen foar The Fall of the Roman Empire setten op 14 jannewaris 1963 útein en duorren 143 dagen, oant yn july fan dat jier. It earst waarden de winterske sênes yn 'e fêsting fan Markus Aurelius oan 'e Donau filme, yn 'e besnijde Sierra de Guadarrama benoarden de Spaanske haadstêd Madrid. De binnendoarsênes waarden opnommen yn Samuel Bronston syn studio's yn Madrid en yn 'e Cinecittà-studio's yn 'e Italjaanske haadstêd Rome.

De distribúsje fan The Fall of the Roman Empire waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 24 maart 1964 yn 'e Britske bioskopen yn premiêre en twa dagen letter, op 26 maart, yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn april 1964 waard The Fall of the Roman Empire ek op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes fertoand, bûten de kompetysje om.

Fan 'e filmkritisy krige The Fall of the Roman Empire oer it algemien negative resinsjes. Sa omskreau Bosley Crowther yn The New York Times de film as "sa bombidich en ynkoherint, sa smoarfol Technicolor-kleure spektakel, tablo's en militêre mêlees dy't eins gjin betsjutting hawwe, dat jo, nei de mear as trije oeren […] fan 'e film útsitten te hawwen, skoan it gefoel hawwe kinne dat it Romeinske Ryk op jo fallen is." Dêr heakke er oan ta: "De reden dat [de film] doel mist […], is sa klear as in klûntsje: der sit gjin personaazje yn dat je ek mar it minste of geringste skele kin […]. De jonges dy't it senario skreaune […] hawwe folslein faald om in drama stal te jaan dat ek mar it lytste bytsje ynteressant is […]."

Yn it Amerikaanske tydskrift Time waard krityk útoefene op it produksje-ûntwerp fan The Fall of the Roman Empire: "Bronston syn Rome is oerdúdlik te prachtich om yn ien dei boud te wêzen, mar it sjocht der ek net út as wenje der minsken." Philip K. Scheuer skreau yn 'e Los Angeles Times dat de film "mear in rekapitulaasje wie fan alle grutte filmspektakels […] as in monumintaal wêzen op himsels." Dêr foege er oan ta: "Mar de iennichste emoasje dy't it opropt, is spanning – en dat mar út en troch […]".

It tydskrift Variety, oan 'e oare kant, priizge The Fall of the Roman Empire mei de wurden: "Grut fan motyf en opset, kleurryk yn behanneling, […] Sam Bronston syn grutste súkses op it mêd fan film." Yn lettere jierren bettere de reputaasje fan 'e film op. Sa joech Leonard Maltin him by in beoardieling yn 2013 31/2 fan 4 stjerren. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Fall of the Roman Empire frjemd genôch in perfekt goedkarringspersintaazje fan 100%, basearre op 11 ûnderskate, blykber folslein positive resinsjes.

The Fall of the Roman Empire brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $4,8 miljoen op. Wat de opbringst yn oare dielen fan 'e wrâld wie, is ûndúdlik. Wat Noard-Amearika oangie, litte de film $11,2 miljoen ferlies as men it budget fan $16 miljoen yn acht nimt, en dat is noch sûnder de marketingkosten mei te rekkenjen. Troch dat minne resultaat gie de filmstudio Samuel Bronston Productions yn juny 1964 fallyt.

Yn 1965 waard The Fall of the Roman Empire nominearre foar de Oscar foar bêste orizjinele filmmuzyk fan Dimitri Tiomkin. Datselde jiers wûn de film de Golden Globe yn deselde kategory.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.