Gina Lollobrigida

Ut Wikipedy
Gina Lollobrigida
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Luigina Lollobrigida
nasjonaliteit Italjaansk
berteplak Subiaco
stoarn 16 jannewaris 2023
stjerplak Rome
jierren aktyf 1946–1997
offisjele webside
gjin
Gina Lollobrigida yn Solomon and Sheba (1959)
Gina Lollobrigida op it filmfestival fan Cannes, 1991

Gina Lollobrigida (Subiaco, Italië, 4 july 1927 - Rome, 16 jannewaris 2023) wie in Italjaansk aktrise, dy't yn de jierren 50 en 60 fan de 20e iuw har meast bekend waard fan har rollen yn in tal Hollywoodfilms. Se wie fan deselde generaasje as Marilyn Monroe en waard beskôge as de Jeropeesk en Italjaanske tsjinhinger fan dy Amerikaanske stjer. As Italjaanse yn Hollywood sljochte se it paad foar lânsfrou Sophia Loren, dy't har rillegau folgje soe en noch ferneamder as har wurde soe.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lollobrigida is in dochter fan in meubelmakker. Yn har jonkheid die se mei oan in ta skientmewedstriden. By de Miss Italia-ferkiezingen fan 1947 waard se tredde.

De jierren fyftich: hichtepunt as filmaktrise[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har namsbekendheid ein jierren 40 lei oan de basis fan har ferskinen yn in tal Italjaanske romantyske komeedzjes. Dy films waarden troch guon filmkritisy net heech oanslein, mar diene wol harres foar har populariteit by it grutte publyk. Ien fan dy lichte komeedzjes hiet hiel tapaslik Miss Italia (1950). De Ingelske titel fan de film La donna più bella del mondo (The World's Most Beautiful Woman) út 1955 waard teffens har bynamme.

Yn 1952 waard se foar it earst troch Frânske filmmakkers frege. Se waard twa kear oan stjerakteur Gérard Philipe keppele. Yn de mantel- en degenfilm Fanfan la Tulipe (1952, Christian-Jaque), dy't in soad súkses hie, mislaat se him as wiersister. Yn René Clair's komeedzje Les Belles de nuit wie hja ien fan Philipe's dreamfroulju.

In jier letter folge har Amerikaanske filmdebút mei John Huston's aventuerlike komeedzje Beat the Devil wêryn se de oare helte fan Humphrey Bogart spile. Yn de tragikomeedzje Trapeze (1956) tingje de trapeze-artysten Tony Curtis en Burt Lancaster nei har hân.

Yn Italië waarden ek de romantyske komeedzje Pane, amore e fantasia (1953) en it fervolch Pane, amore e gelosia (1954) grutte kaskreakers.

Lollobrigida wurke trije kear gear mei Jean Delannoy. Fral har optreden as de tige kreaze en sensuele sigeunerin Esmeralda oan de side fan 'bochel' Anthony Quinn yn it wurk fan Victor Hugo mei deselde namme basearre histoarysk drama Notre-Dame de Paris (1956) waard in grut súkses. Yn de komedy Anna di Brooklyn (Vittorio De Sica, 1958) is se in kreaze widdo dy't nei it ferstjerren fan har man út de Feriene Steaten weromkomt yn har heitelân Italië en yn har bertedoarp alle manlju op ien nei fereale op har makket. Yn King Vidors sandalefilm Solomon and Sheba (1959) fertolkte se de moaie keninginne fan Seba dy't in ferhâlding begûn mei kening Salomo fan Israel. De film waard krektlike geunstich ûnthelle. Itselde jier waard se yn de rol fan tsjinstfaam yn Jules Dassin syn drama La legge (wer) troch alle manlju fan it doarp begeard.

Ien fan mar in pear lettere rollen spile se yn it drama Un bellissimo novembre (Mauro Bolognini, 1969). Yn dy film wie se Cettina, in tierich en tige sensuele frou fan 40, dy't op boartlike wize yngie op de avanses fan har 17-jierrich neefke. Dêrnei wie se noch komselden op it wite doek te sjen.

Yn 1985 waard hja troch de Frânske presidint François Mitterrand opnaam yn it Legioen fan Eare. Yn 2018 krige se foar har filmkarriêre in stjer op de Hollywood Walk of Fame.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1949 boaske se oan de Joegoslavyske dokter Milko Škofič. Yn 1966 hie se in ferhâlding mei de komyk Jerry Lewis, wêrnei't se yn 1968 fan har man skiede. Yn 1999 die hja mei oan de ferkiezing foar it Jeropeesk Parlemint, mar sûnder súkses. Teffens wie se sakefrou en fotosjoernaliste. Tsjintwurdich libbet se tige op harsels.
De dochter fan har neef is de Italjaanske reedrydster Francesca Lollobrigida.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmtitel en regisseur.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Primêr[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lollobrigida, Gina: Gina Lollobrigida, my world : bronze sulptures, marble sculptures, cinema, drawings, biography. Rome : Il Cigno, 2003. – ISBN 9788878311459.

Sekundêr[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Canales, Luis: Imperial Gina : the strictly unauthorized biography of Gina Lollobrigida. Brookline Village, Boston : Branden Pub. Co., 1990. – ISBN 9780828319324.
  • Ponzi, Mauricio ; Marill, Alvin H.: The films of Gina Lollobrigida. Secaucus, N. J. : Citadel Press, 1982. – ISBN 9780806510934.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gina Lollobrigida fan Wikimedia Commons.