Sandalefilm

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ercole l'invincibile, yn Amearika bekend as The Sons of Hercules, is in typysk Italjaanske sandalefilm

De sandalefilm is in filmsjenre dêr’t it ferhaal him ôfspilet yn de klassike âldheid. Faak giet it om aventoerefilms dy’t situearre binne yn it âlde Grikelân of it âlde Rome. Net selden wurde histoaryske feiten mei eleminten út de Grykske mytology mjukse.

Untjouwing fan it sjenre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De klassike âldheid waard al yn de begjindagen fan de sinema brûkt as dekôr foar films. In foarbyld dêrfan is D.W. Griffiths Intolerance út 1916.

It sjenre kaam yn de fleur yn de fyftiger jierren, mei grutte produksjes as The Ten Commandments (1956) en Ben-Hur (1959). Dy produksjes hiene in soad súkses yn Amearika en Jeropa.

Dêrnei folge yn de sechstiger jierren in hausse oan goedkeaper makke sandalefilms, benammen út Itaalje (lykas de spagettywestern de Amerikaanske western opfolge). Under dizze titels sieten ûnder oare Ercole l'invincibile, Devil of the Desert Against the Son of Hercules en Maciste contro il vampiro. De makkers fan dy produksjes neamen it net sa krekt mei de histoaryske realiteit.

Yn de santiger jierren wie de sandalefilm minder populêr, mar yn de tachtiger jierren soarge Conan the Barbarian foar nije belangstelling foar it sjenre. Ek dy film brocht in hausse oan imitaasjes mei.

Yn de jierren 2000 wie in nije weach fan sandalefilms te merkbiten, mei produksjes as Gladiator, Troy en 300.