René Clair

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
René Clair (l.) en Erik Satie op de set fan Entr'acte (1924)

René Clair (Parys, 11 novimber 1898Neuilly-sur-Seine, 15 maart 1981) wie in Frânsk filmregisseur en skriuwer.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Clair wie de soan fan in sjippefabrikant. Hy waard grubrocht yn it Quartier des Halles en gie nei it Lycée Montaigne en letter nei it Lycée Louis-le-Grand, dêr't befreone rekke mei Jacques Rigaut. Yn 1917 waard er as ambulânsesjauffeur by de Earste Wrâldoarloch belutsen.

Hy waard yn 1918 sjoernalist ûnder de skûlnamme René Després. Fan 1922 ôf bedarre er yn de teâter- en filmwereld, ynearsten as senarioskriuwer, rillegau ek as regisseur. Yn 1924 brocht er it Ballett Relâche fan Eric Satie op'e planken yn de Champs-Élysées. Letter dat jier regissearre er de koarte dadayïstyske film Entr’acte, dy't in protte opskuor joech en him yn ien klap ferneamd makke. Yn de jierren tritich krige Clair ynternasjonaal de namme fan regisseur fan avant-gardistyske en artistyk fernijende films. Bekend wie syn muzykfilm Le Million en À Nous la Liberté, beide út 1931.

Yn 1936-1937 wurke er in skoft yn Londen en yn juny 1940, nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch, emigrearre er nei de Feriene Steaten, dêr't er yn Hollywood fjouwer films makke dy't súkses hiene. Nei de aorloch gie er werom nei Frankryk. Syn film Les Grandes Manœuvres (1955), mei Michèle Morgan, Gérard Philipe en Brigitte Bardot, hie ynternasjonaal súkses.

Fan 1950 ôf oan set Clair njonken de filmerij ek ut ein mei it skriuwen fan benammen essays, mar ek in stikmannich romans en novelles. Yn 1960 waard er keazen ta lid fan de Académie française, as earste sineäst en net primêre literator. Fan 1994 ôf rikt de Akademy de Prix René Clair foar it bêste kamerawurk.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein 1924, doe't Clair mei France Picabia wurke oan Ciné-sketch foar it teäter, moete er de jonge aktrise Bronja Perlmutter, dy't dêrnei yn syn film Le Voyage imaginaire (1926) ferskine soe. Sy trouden yn 1926 en krigen in soan, Jean-François, yn 1927.[1][2]

René Clair stoar thús op 15 maart 1981 en waard yn besletten rûnte beïerdige yn Saint-Germain-l'Auxerrois.[3]

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Adams, roman, 1926
  • Réflexion faite, essays, 1951
  • La princesse de Chine, novelle, 1951
  • De fil en aiguille , novelle, 1951
  • Comédies et Commentaires, essays, 1959
  • Cinéma d’hier, cinéma d’aujourd’hui, essays, 1970
  • L’étrange ouvrage des cieux, essays, 1972
  • Jeux du hasard, roman, 1976

Keppelings om utenss[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jean Mitry, René Clair. (Paris: Éditions Universitaires, 1960). s.10.
  2. Celia McGeer, René Clair. (Boston: Twayne, 1980). p.60.
  3. Pierre Billard, Le Mystère René Clair. (Parys: Plon, 1998). s.443.