Springe nei ynhâld

Entr'acte (film)

Ut Wikipedy
Erik Satie, Francis Picabia, René Clair en Jean Börlin yn Entr'acte
René Clair (l.) en Erik Satie op de set fan Entr'acte (1924)

Entr'acte is in Frânske koarte film út 1924 ûnder regy fan René Clair dy't foar it earst fertoand waard as tuskenspul by it ballet Relâche. Relâche is basearre op in boek en senario fan Francis Picabia, waard produsearre troch Rolf de Maré en de goreografy wie fan Jean Börlin. Erik Satie skreau de muzyk foar it ballet en de film.

De surrealistyske film bestiet út twa parten. It earste diel spilet fral op it dak fan it Théâtre des Champs-Élysées mei dêryn ûnder oaren in út himsels bewegend kanon. Yn it twadde part folget in lykstaasje in lykwein dy't op 'e rin rekke is neidat er losrekke is fan de dromedaris dy't him luts. De film duorret 22 minuten.

Yn 1974 waard de film fertoand op it Filmfestval fan Cannes. De film is te besjen op YouYube.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]