Springe nei ynhâld

Snitser Mar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Snitsermar)
Satellytfoto fan de Fryske marren, mei de Snitser Mar rjochts boppe-yn
Lokaasje Snitser Mar

De Snitser Mar leit east fan Snits. De mar leit yn fjouwer gemeenten, en dêrmei yn elts fan de Fryske Fearnen. It grutste part leit yn De Fryske Marren, yn Sânwâlden, de noardeastkant leit yn De Fryske Marren, yn Eastergoa. In tipke yn it suden heart ta Súdwest-Fryslân, yn Westergoa, en de westkant is part fan Snits, ien fan de Alve Stêden.

Troch de Snitser Mar rint it Prinses Margrietkanaal. De Terhernster Slûzen jouwe tagong ta de Terhernster Mar nei it noarden. It Krúswetter is de tagong ta de Modderige Geau yn it suden. Fia it Krúswetter ferbynt de Houkesleat de mar mei Snits.

Krekt eastlik fan de mar lizze noch mear marren, dy't somtiden ek ta de Snitser Mar rekkene wurde: de Sâltpoel is fia it Hearregat ferbûn mei de mar en de Goaiïngarypster Puollen fia de Sibesleat. De Sâltpoel is fia it Hearresyl wer ferbûn mei de Terkaplester en Terhernster Puollen. Meiïnoar foarmje dizze marren it drokste wettersportgebiet fan Fryslân.

Oan de westkant lizze trije eilantsjes, de Roospôlen. Yn it súdwesten leit in lang eilân, de Sweagen, troch Houkesleat en Krúswetter los fan de ouwer en troch de Kolmar los fan it Grutskar. Noardlik fan de Sweagen leit de Roekepôle.

Healwei, eastlik fan de mar, leit in pier dy't de slûzen beskermje moat foar hege weachslach by hurde wyn. Op dat plak is ek in kamping festige en stiet in paviljoen.

De mar is yn de Midsiuwen ûntstien troch ûntginning fan it fean. Troch de Snitser Mar rint in sânrêch dy't bekend stiet as de Gravinnewei. It is in brede ûndjipte fan hurd brúnread sân en rint fan Jongebuorren nei Offenwier. Yn eardere tiden waard by in lege wetterstân dizze sânrêch brûkt om troch de Snitser Mar te wâdzjen.

Njonken foar it wettertoerisme wurdt de Snitser Mar brûkt foar hurdsilerij. Der wurdt hjir in rige fan losse wedstriden ferfarre, en ek wurde op de mar wedstriden fan it SKS skûtsjesilen hâlden. Mar it wichtichste evenemint op dit wetter is de Snitswike.

Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken