Sibesleat
Appearance
De Sibesleat is in wetteringte yn 'e Snitser Mar yn de gemeente De Fryske Marren. Dizze trochgong ferbynt de iepen Snitser Mar mei de Goaiïngarypster Puollen foar it Starteilân oer. De Sibesleat leit tusken it eilân de Lytse Griene en de lânpunt fan it skiereilân de Grutte Griene.
De namme Sibesleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Sijbesloot.