Grevinnewei
De Grevinnewei is de namme foar in tal wegen, paden, leanen en rêgen op de boaiem fan marren en troch lannen dy't fan de omjouwing ôfwikend, yn streken lizzende grûnsoarten of oare troch harren lizzing de oandacht lûkende terreingedielten. Hoewol't de folksoerlevering ferbân leit tusken fier fan elkoar ôf lizzende objekten mei de namme Grevinnewei, is it ûnmooglik om alle Grevinnewegen geologysk, geografysk en histoarysk mei elkoar ta in gehiel te ferbinen.
Snitser Mar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekend is de sânrêch dy't troch de Snitser Mar rint dy't yn de drûge simmer fan 1911 troch L.A. van Dokkum ûndersocht is. It die doe bliken dat de eastlike ouwer fan de Snitser Mar bestie út is in samling fan tige hurde banken bestie. Dy Grevinnewei leit besuden de strekdaam fan de Terhernsterslûs en rint oant de punt fan de lântonge by it Hearregat. It is in brede ûndjipte fan hurd brúnread sân en rint fan Jongebuorren yn Terherne nei Offenwier. Yn eardere tiden waard de sânrêch by in lege wetterstân brûkt om troch de Snitser Mar te wâdzjen. De konklúzje fan Van Dokkum wie: in heechlizzende diluviale formaasje.
De âldste beskôging oer de Grevinnewei is fan 1826: een oude weg uit de Zuiderzee door Friesland lopende, waarschijnlijk 't werk der Romeinen (J. van Leeuwen), de âldste fermelding út 1541: die Grauinne wech (door Haskervyfgae naar 't klooster te Nes). Dy waard nei ynspeksje troch it Hof (1542) wer yn oarder brocht, mar is pas sûnt de befluorring noard fan It Hearrenfean it hiele jier troch brûkber. S. J. van der Molen mient dat de namme soms jong is en fersmyt de ôflieding Grevinnewei=groeven wei en tinkt oan folksetymology, wêrby't de 'greve' út Gravepoel, Greuewei ensfh, in 'grevinne' njonken him krige. It soe te fergelykjen wêze mei Keninginnewei, Keizersdyk, diels ek foar objekten as Grevinnewei. Fersprieding fan de namme waard befoardere troch de ta de ferbylding wurkjende klang.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|