Springe nei ynhâld

S.J. van der Molen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan S. J. van der Molen)
Sytse Jan van der Molen

S.J. van der Molen (folút: Sytse Jan van der Molen; Ljouwert, 7 july 1912 - Noardburgum, 15 septimber 1995) wie learaar, sjoernalist, folklorist en publisist oer Fryslân.

Van der Molen wie yn it earstoan ûnderwizer en learaar, letter sjoernalist en redakteur by de Drachtster Krante, it Nijsblêd fan Fryslân en de Ljouwerter Krante (sûnt 1953). Sekretaris fan it Geakundich Wurkforbân fan de Fryske Akademy, redaksjelid fan Neerlands Volksleven, Berie fan it bûn Heemschut, bestjoerslid fan de Stifting De Fryske Mole, Stichting Alde Fryske Tsjerken en it Frysk Skipfeartmuseum. Skreau teksten foar de RON en RONO, Selskip Tetman de Vries, Fryske Boekefeesten, Selskip Klaes Westra, Lammert Popma en oaren (foar in part op grammofoanplaat). Yn 1968 krige er de provinsjale Joast Halbertsmapriis. Fierder wied er auteur fan in soad artikels en boeken op folkloristysk, nammekundich en histoarysk mêd.

Fan 'e 1930-er jierren publisearre Van der Molen in ymposante steapel fassistysk en rasistysk proaza. Hy hold ek nauwe kontakten mei de Dútske besettingsmacht. Fanwegen syn kollaboraasje waard er nei de oarloch feroardiele ta finzenis gelyk oan de doer fan syn foararrest, wylst de eareried him in publikaasjeferbod oant 5 maaie 1950 oplei. Neidat er dochs artikels yn It Heitelân en it Fries Landbouwblad publisearre hie, feroardiele de plysjerjochter him ta in boete fan 200 gûne of 1 moanne finzenis ûnder betingst.[1]

De Stichting Utjouwerij Hamer, dêr't ek boeken fan Van der Molen ferskynden, wie yn de oarloch 'fout'. Sels wied er yn 'e oarloch skriuwer fan de Stifting Saxo-Frisia. Dy hearde by de doetiidske Volksche Werkgemeenschap dy't foel ûnder de SS-organisaasje Ahnenerbe. De stifting kaam yn 1941 ûnder it rjochtstreeks bewâld fan Henk Feldmeijer, lieder fan de Nederlânske SS.

  • Utsjuch (fersen, 1938)
  • Oantekeningen oer it Fryske boerehûs (1938)
  • Frysk sêgeboek (1934-1943)
  • Het Saksische boerenhuis in Z.O. Friesland (1941)[2]
  • Friese Kalenderfeesten (1941)[3]
  • Het Drentsche boerenhuis en zijn ontwikkeling (1942)
  • Het Friese boerenhuis in 20 eeuwen (1942)
  • Der waerd wol sein ...., Fryske sêgen ut njoggen ieuwen, (1952)
  • De bûnte Akster (kabaret mei B.Tuinstra, 1952)
  • Sykljocht op De Wâlden (1953)
  • Onder Allard's Klokslag (1957)
  • Opsterlân (1958)
  • Levend Volksleven in Nederland (1961)
  • Opsterlân, Skiednis fan in Wâldgrietenij, Ljouwert (Van Seijen) 1958 (1977)
  • Kijk op boerderijen
  • Achtkarspelen (1962)
  • Vissers van Wad en Gat (1962)
  • Striid tsjin it wetter (1962)
  • De Fryske klaeijnge (1965)
  • Goud in de golven (1965)
  • Ta de Fryske folkskunde (1966)
  • De Hindelooper woonkultuur (1967)
  • Dit land van de Elf Steden (1968)
  • Terschelling: van Noordsvaarder tot Bosplaat (1969)
  • Vrijdag de dertiende. Bijgeloof en wat erachter zit
  • Langs Frieslands oude boerderijen (1974)
  • Oorsprong en geschiedenis van de Friezen, Amsterdam (1981).
  • Het Drentsche boerenhuis en zijn ontwikkeling
  • Het Friesche boerenhuis in twintig eeuwen
  • Friesland vanuit de lucht
  • Van Oerd tot Mokkebank: It Fryske Gea in vijfenveertig jaar (1930-1975),
  • Onze folklore
  • De Friese tjalk: volbeladen met liederen, deuntjes en dansen
  • Waddenfolklore
  • Langs karakteristieke Friese dorpen
  • Friesland monumentaal: In takomst foar us forline (1976)
  • Het grote klederdrachtenboek
  • Boerderijen van het Noordererf
  • Stinzen, borgen en havezaten van het Noorderf (1978)
  • O, welk een ontzettende waterplas!: vergeten epistels over de Waddenzee
  • Profiel van een waterland: de oude Friese watersteden

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Geschorste journalist schreef toch., Heerenveense Koerier, 23-08-1949
  2. Utjouwerij Hamer, De Haach
  3. Utjouwerij Hamer, De Haach