Springe nei ynhâld

Noardhorn

Ut Wikipedy
Noardhorn
Noordhorn
Herfoarme tsjerke (2020)
Herfoarme tsjerke (2020)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 1.375 (2023) [1]
Oerflak 3,34 km², wêrfan:
lân: 3,26 km²
wetter: 0,08 km²
Befolkingsticht. 455 ynw. / km²
Oar
Stifting 9804
Ferkearsieren N355
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 15' N 6° 23' E
Offisjele webside
Doarpsbelang Noardhorn
Kaart
Noardhorn (Grinslân)
Noardhorn

Noardhorn[2] (Nederlânsk en offisjeel: Noorhorn) is in doarp yn de provinsje Grinslân. It leit justjes benoarden it Van Starkenborghkanaal en is in doarp yn de gemeente Westerkertier.[3]

Noardhorn bestjut 'noardlike herne' en ferwiist nei de rin fan in balstienliemrêch, dy't yn it Saaleglasiaal foarme waard en op it plak in knik makket. Op dy sânrêch leit it doarp. Op in twadde knip, efkes súdliker, ûntstie it doarp Súdhorn.

De oarsprong fan it doarp is ûndúdlik. De iennige argeologyske fynst is in striidhammer. De lokaasje lei lang isolearre yn in sompich gebiet, dêr't ek de Lauwerssee noch stikken fan weisloech. Wol wiene der delsettings op it tichtebylizzende eilân Humsterlân. De âlde grins tusken Noardhorn en it Humsterlân waard troch de Alde Rijt foarme. Muontsen fan de kleasters Jeruzalim en it Kusemer kleaster en oare lâneigners leine de earste diken yn it gebiet om it doarp hinne oan. Doe ûnstie der ek bewenning. Bekend is dat om 1280 hinne de tsjerke boud waard. Ien fan dy diken wie ek in wichtige hearwei tusken Fryslân, de Ommelannen en Grins.

Foar doarpen lykas Noard- en Súdhorn oan dy hearwei hie dat fan gefolgen dat de bewenners geregeldwei lêst hienen fan plonderjende manlju. Oant yn de 15e iuw hearsken lokale haadlingen oer harren eigen gebieten. De macht fan dy haadlingen ferskilde, mar yn Noardhorn rikke dy net fierder as it doarp. Fanút harren stiennen hûzen hiene de haadlingen striid meiïnoar; yn de 14e en 15e iuw wie it gebiet tusken de Sudersee en de Jade ynset yn de striid tusken Grins, dy't it rêstich hâlde woe en besocht it allinnerjocht op it steapelrjocht te hâlden, en de greve fan Hollân en in tal East-Fryske haadlingen en fetes tusken Skieringers en Fetkeapers.

Slach by Noardhorn (1581)

Nei't de greve fan Hollân yn 1398 oer de Lauwers teach joech dy Noard- en Súdhorn en Humsterlân oan syn fertrouweling Pieter Reinerssoan as lien. Hy moast it lykwols wer opjaan en fan ruten spylje, dat it lienhearskip stelde net in soad foar.

Yn 1417 fersloegen de Fetkeapers ûnder lieding fan Fokko Ukena en Keno tom Broke de Skieringers by it tichtebylizzende Okswert yn de Slach by Okswertersyl. Dêrby foelen 500 deaden en 400 minsken waarden finzen nommen. De Okswertersyl wie begjin 15e iuw in strategysk plak en dêrom waard der in slot by boud, mooglik mear in soarte fan blokhûs. As ûnderdiel fan it fredesferdrach tusken de Fetkeapers en Skieringers waard it slot al wer rillegau ôfbrutsen. Ek yn 1438 wie Noardhorn it plak dêr't in slach plakfûn; it doarp waard doe foar in part yn 'e brân stutsen. Yn 1498 fersloegen de Saksen ûnder lieding fan de fjildhear Nittert Fox de Grinzers. Doe't Fox' haadman Jurjen fan Reijnsberg mei 15 fan syn manlju deade waarden, waard út wraak it hiele doarp lykas ek Súdhorn op in pear huzen nei platbaarnd. It doarp waard wer opboud, mar ek yn 1514, 1516 en 1522 fûnen plonderings plak. Under lieding fan Francisco Verdugo teagen Spaanske troepen op nei Noardhorn. Lykas ek yn Grypskerk en Nijesyl sieten troepen dy't oan de kant fan Oranje stienen by de minsken ynkertiert. In soad ynwenners flechten foar it geweld en op 30 septimber 1581 fûn lang om let de Slach by Noardhorn plak, werby't de Spanjaarden de troepen fan John Norreys en Willem Loadewyk op it fjild westlik fan Noardhorn fersloegen. Dêrby foelen mear as 2000 deaden. Noardhorn waard wer ferneatige en pas yn 1594 wer opboud.

Om 1780 hinne stie yn Nordhorn in boarch dy't ynearsten 'Wolders' hiet en letter Noardwyk. By de boarch hearde ek in bosk fan 700 iken en boeken. It bosk waard yn 1852 kapt.

Noardhorn waard yn 1808 in selstannige gemeente, sûnt 1 jannewaris 2019 falt it doarp ûnder de gemeente Westerkertier.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De tsjerke fan Noardhorn
  • De yn 1893 restaurearre nôtmûne Fortuna
  • De mennistetsjerke út 1838.
  • De Gouden Leeuw (18e iuw), Langestrjitte 48

Berne yn Noardhorn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Alle Cijfers
  2. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven<.
  3. Alle Cijfers
  • Boekholt, P.T.F.M. et al. (1986), Geschiedenis van Zuidhorn: Zuidhorn, Noordhorn, Briltil. 319 sd. Bedum: Profiel.
Westerkertier
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
· · Berjocht bewurkje