Herfoarme tsjerke (Noardhorn)
Herfoarme tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Noardhorn | |
adres | Toerstrjitte | |
koördinaten | 53° 15' N 6° 23' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN (Herf. gem.) | |
patroanhillige | ûnbekend | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 18789 | |
Webside | ||
Side herfoarme gemeente | ||
Kaart | ||
De Herfoarme tsjerke fan Noardhorn yn 'e provinsje Grinslân is in 13e-iuwsk tsjerkegebou.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard om 1280 hinne boud en yn 'e rin fan 'e tiid feroare. Sa binne de muorren letter ferhege en waarden der grutte finsters ynbrocht. Yn 1765 krige de tsjerke in nije toer en nei alle gedachten waard doe tagelyk it skip langer makke, itjinge oan 'e súdlike muorre noch te werkennen is. De âlde yngongen oan 'e noardlike en súdlike muorre binne tichtset en in tichtmitsele finster yn 'e súdlike muorre jout oan hoe't de oarspronklike finsters der ea útseagen. Yn 1897 waard de eastlike muorre troch in bolbliksum skeind. De top fan de gevel waard net earder as by de restauraasje fan 1975-1976 rekonstruearre.
De tsjerke wurdt brûkt troch de Herfoarme gemeente Noardhorn-Saaksum en waard yn 2002 foar it lêst restaurearre. Der is in stifting dy't him ynset foar it behâld fan de tsjerke.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hat in ryk fersierde preekstoel út 1718 mei fykwurk fan Jan de Rijk. De nachtmielstafel datearret fan 1667. Fierder steane der yn de tsjerke fiif hearebanken. De klok út 1774 waard yn opdracht fan 'e Dútsers út de toer helle en omraand. Ut de roomke tiid datearret noch in piskina yn 'e eastlike muorre. De tsjintwurdige klok waard nei de kriich getten yn opdracht fan 'e gemeente Noardhorn.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1898 boud troch Jan Doornbos. Yn 'e jierren 1976-1978 waard it fergrutte ta in twamanualich ynstrumint. Dêrby waard âld materjaal brûkt fan in oargel út 1905 dat ôfkomstich wie fan 'e tsjerke fan Obergum.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|