Nikolaastsjerke (Obergum)
Nikolaastsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Obergum | |
adres | Tsjerkepaad | |
koördinaten | 53° 20' N 6° 49.48' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Nikolaas fan Myra | |
Arsjitektuer | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39042 | |
Webside | ||
De Nikolaastsjerke op de side fan de SAGT | ||
Kaart | ||
De Nikolaastsjerke (ek: de Herfoarme tsjerke) is in midsiuwske tsjerke yn Obergum by Winsum yn 'e gemeente It Hegelân de provinsje Grinslân. Noardlik fan de tsjerke leit it tsjerkhôf, dat yn 'e rin fan 'e tiid troch grêven ophege waard oant likernôch in heale meter boppe de tsjerkeflier.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste dielen fan 'e tsjerke datearje út de 13e iuw, mooglik noch út de earste helte dêrfan. Yn 'e 14e iuw waard de sealtsjerke nei it easten ta langer makke mei in triomfbôge en in trijesidige koersluting. Tagelyk waard de toer, dy't earder frijsteand wie, oan 'e tsjerke boud.
Nei alle gedachten waarden de besteande finsters fan 'e súdlike muorre yn 'e 17e iuw fergrutte. Ek waard yn it begjin fan dy iuw it hjoeddeiske oerwurk yn 'e toer set. Tsjin it ein fan 'e 18e en it begjin fan 'e 19e iuw ûndergyng de tsjerke in grutte ferbouwing. Dêrby waarden de súdlike muorre op 'e nij ommitsele en de finsters dêr fergrutte om se like grut te meitsjen as dy fan it koer. De nije tagong fan 1790 yn 'e toer ferfong te besteande tagong tusken it skip en de toer.
Fanwegen it oargel waard yn 1913 in finster yn 'e súdlike gevel ynbrocht om sa mear ljocht te krijen. Dêrnei waarden neogoatyske finsters yn 'e noardlike muorre set. De grêfsarken ferdwûnen út it middenpaad en waarden ferfongen troch tegels mei in geometrysk motyf.
Yn 'e jierren 1960 waard útein set mei in grutte restauraasje. De tsjerklike gemeente hie lykwols net in soad jild en susydzje fan it Ryk liet op him wachtsje. It meubilêr waard ferwidere, de flierren iepen brutsen en de muorren ôfbikt, mar it restauraasjeplan waard ôfkard troch it Ryk. It wurk waard dellein en de tsjerke ferfoel. Dielen fan 'e preekstoel waarden stellen of fernield. Ek ferdwûnen dielen fan de hearebanken. De sitewaasje late û.o. ta de oprjochting fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken (SAGT). Nei de oerdracht fan it gebou yn 1970 oan dy stifting waard de restauraasje foltôge.
Ferbouplannen yn 2018 fan de SAGT en it foarnimmen om in terras oer it tsjerkhôf oan te lizzen, feroarsaken ferset fan bewenners fan Winsum, dy't fûnen dat de plannen it midsiuwske karakter fan 'e tsjerke slim oantaasten. [1] Nei't ek de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed in negatyf advys joech, loek de gemeente Winsum de fergunning ta ferbou wer yn.[2]
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eigners fan 'e boarch De Brake joegen de tsjerke yn 'e 17e iuw de preekstoel yn Loadewijk XVI-styl (1780), de ienfâldige nachtmielstafel (1790) en de tsjerkebanken. Under it koer lizze trije grêfkelders, werfan ien oerwulve mei in trep, in fjouwerkante en in ienpersoansgrêfkelder. Fierder is de 13e-iuwske alterstien út de roomske tiid bewarre bleaun.
Yn 'e toer hinget in klok út 1948, dy't de klok út 1899 ferfong nei't dy klok yn 'e Twadde Wrâldkriich troch de besetters foardere en omraand wie. It mechanyske oerwurk is 17e-iuwsk.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kammenetoargel datearret fan 1775 en is boud troch Hendrik Hermanus Hess (berne yn 1735 yn Ljouwert, ferstoarn yn 1795 yn Gouda). It oargel stie sûnt 1907 yn 'e Minnistetsjerke fan Terherne. Nei't de minnisten dêr yn 1940 in oar oargel oanskaften, stie it yn de bedriuwsromte fan Bakker & Timmenga. Yn 1971 krige it oargel in plak yn 'e tsjerke fan Obergum.
Skiednis tsjerklike gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kerspel Obergum foel eartiids ûnder de proasdij fan Baflo yn it bisdom Münster en waard foar it earst yn in 15e-iuwsk dekanaatsregister neamd. Yn 1726 waard de buorskip Maarhuizen oan 'e gemeente tafoege en yn 1811 de buorskip Ranum. Foar in hiel skoft wie it patronaatsrjocht fan de tsjerke yn hannen fan 'e famylje Van Nijeveen fan 'e boarch De Brake. Healwei de 19e iuw gyng it rjocht oer op Mello Sichterman, dy't it meastentiids de tsjerke sels regelje liet. Yn 1911 waard it rjocht ôfkocht.
Yn 1966 fusearre de gemeente Obergum-Ranum-Maarhuizen mei de Herfoarme gemeente fan Winsum. Sa ûntstie de gemeente Winsum-Obergum. It tsjerkegebou waard yn 1970 ôfstjitten. De Herfoarme gemeente Winsum-Obergum fusearre yn 2010 mei de grifformearde tsjerke ta de PKN-gemeente Winsum-Obergum. Yn 2016 fusearre dy gemeente mei de protestantske gemeente Halfamt (Ienrum, Den Andel, Westernieland en Saaksumhûzen) ta de protestantske gemeente Winsum-Halfamt.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|