Springe nei ynhâld

Klaarkampster Mar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Klaarkampermar)
Klaarkampster Mar
lokaasje
neiste plak Rinsumageast
oare ynformaasje
oerflak 15 ha
behear Steatsboskbehear

De Klaarkampster Mar is in marke en natoerreservaat dat benei 4 kilometer besuden Dokkum leit, tusken Sibrandahûs en Rinsumageast. It gebiet is neamd nei it eartiidske Kleaster Klaarkamp en wurdt beheard troch Steatsboskbehear. [1] De namme Klaarkampster Mar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Klaarkampermeer.

It meastepart fan de Klaarkampster Mar bestiet út heal natuerlike greiden en dêrbinnen moeras mei brak wetter. Op it plak fan de eartiids folle gruttere mar leit noch in ûndjip feanplaske. De plasse is fuortkomd út in âlde seeslinke en troch it ôfgraven fan klaai dêr't mûntsen fan Klaarkamp ûnder mear âlde friezen fan bakten. De eartiidse mar is yn 1893 droechmeald troch de Klaarkampstermûne. [2]It wetter yn it marke is brak oant sâlt. By simmerske droechte komme stobben boppe wetter dy’t wyt útslane troch in tin laachje sâlt.

De Klaarkampermar is in restant fan âlde klaaiputten. [3] De mûntsen fan kleaster Klaarkamp holpen eartiids by de droechlizzing fan de polder, it bedykjen en de lânbou. Ek wûnen se turf út it fean fan de Klaarkampster Mar.

De dykjes dêr’t it fean oer ôffierd waar binne noch werom te finen. Fan dat kleaster binne noch grêften en wâlen werom te finen yn it lânskip. Fierders is der noch pún werom te finen op it terrein.

It grûnwetter is noch altyd brak al leit de Waaddyk hast 15 km noardliker. Om it marke is in brakke fegetaasje ûntstien dy’t liket op de fegetaasje op de kwelders oan de Waadsee. Om it reidmoeras groeie plantesoarten as kwelderkrûd, sultsje, wetterpunge, heinebal en molkkrûdframboasklaver.

It reservaat is ryk oan greidefûgels. Sa briede der fûgelsoarten as ljip, skries, tsjirk, hoants en strânljip, mar der binne ek soarten as slobein, ljurk, giel boumantsje, piipljurk en skiertsjilling. Bysûndere fûgelsoarten dy’t yn it gebiet foarkomme binne kluten en wytstirns. Yn de trektiid binne der tsjirken, snippen, einen en gies. Leppelbekken sykje yn it gebiet om fretten. Yn de briedtiid, fan 15 april-15 juny, is it reservaat sluten. De rêst yn it gebiet wurdt fersterke troch pealrjocht fan de tichtby lizzende einekoai oan de westkant, dat der mei net jage wurde.

Oant ein sechtiger jierren wie it gebiet reidlân. Omdat it sâlt en brak wie waard besletten om de sâltige fegetaasje mear kâns te jaan. Sûnttiids wurdt it reid betiid meand en ôffierd. It marke wurdt aktyf beheard om it wetter iepen te hâlden. Dat wurdt berikt troch meanen en it op peil hâlden fan de wetterhichte. In gemaal fan it wetterskip pompt it wetter op de boezem. Troch de lege lizzing is der in hege kweldruk dy’t sâlt oanfiert út de Waadsee of út sâltrestanten yn de grûn. Doel fan it behear is om sa min mooglik fiedselryk lânbouwetter yn it gebiet komme te litten, mar ek moat foarkomd wurde dat it oanwêzige sâlte wetter fuortspielt troch it bemeallen. Troch meanen en ferskralen is de sâltige fegetaasje weromkomd. It gebiet kin ferdield wurde yn twa stikken. It sintraal lizzende sâltmarke, dêr’t ek de measte sâltige planten steane, wurdt beheard troch Steatsboskbehear, dy’t mei oanpaste masines haait.
It behear fan de omlizzende, wat heger lizzende lannen is rjochte op beskerming fan de briedende greidefûgels. It lân wurdt ûnder restriksjes ferpachte oan boeren. It lân mei pas nei 1 july meand wurde en der mei net bedonge wurde. Soms is rûge strândong tastien. It lân wurdt ekstinsyf beweide mei jongfee.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • sibrandahûs.nl
  • Het Friese veld een dag in het Klaarkampermeer met Johan van der Velde yn: Twirre 1993-4
  • Bannink, J.F.; Pape, J.C – ‘’De bodemgesteldheid van het natuurreservaat "Het Klaarkampermeer" (1967)
  • Sibrandahûs.org

Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken